29

daar is de situatie vorig jaar aangepast tot een voorrangsweg. Aan de andere kant van Mantgum heb je nog wel zo’n situatie. Een fietser komend vanaf Jorwert (bij Lucht en veld) verdient voorrang te krijgen van een auto vanuit Mantgum richting Baard! Het is maar goed dat de maximum snelheid hier 60 km per uur is, maar net zoals op de Seerp van Galemawei: u dient uw snelheid aan te passen aan de verkeerssituatie. Rijd voorzichtig en denk aan de veiligheid van de iets kwetsbare weggebruiker. Voor de fietser: geef richting aan, maak duidelijk wat je doet en weet dat je de zwakste bent als het tot een botsing komt. Verkeersgroet van Trinus Hoekstra, wijkagent Littenseradiel Fuotbal yn Mantgum Mei it skoalfuotbaltoernooi op Keningsdei hie Mantgum wer knap súkses. By de jonges 4 tsjin 4 in earste priis, by de famkes 4 tsjin 4 in twadde priis en by de jonges 7 tsjin 7 is de Gielguorde 4e wurden. Mei it nije traapfjild op it skoalplein komme der fêst noch in protte prizen by! Mei droech waar stiet it jongfolk nammentlik faak yn de pauzes en nei skoaltiid driftich in baltsje te traapjen. Soms wol mei mear as tweintich bern. Of dat de wedstryd ten goede komt... ach wat jout it, as se mar wille ha. En dat ha se. Bûten, bewege, gearwurkje yn in team en striid leverje. Skitterjende eleminten! Karriêregoeroe's soene sizze: de 5 '21st century skills' leare de bern sa wol: Kommunikaasje (ek al is it wolris wat roppen en razen), sosjale en emosjonele feardichheden (elkoar oanfiterje, helpe en treaste), oanpassingsfermogen (eltse situaasje is wer oars), omgean mei in protte en komplekse ynformaasje (wa stiet wêr, wa kin wat?) en kieze foar oplossingen op maat (hoe kom ik dy man/ frou foarby, spylje ik foarút of efterút ensf.). In grut part fan de fuotbaljende jongerein spilet by VVO yn Easterlittens. Mei ryklik 40 leden is Mantgum in grut-leveransier foar de feriening. Ek by 'it kader' fan VVO binne in protte Mantgumers aktyf. Begjin juny ha we derom mei in protte jeugd it doarp ôfstrúnd om fryske droege woarsten oan de man/frou te bringen. Eltsenien dy't holpen hat: tige tank! Ek alle minsken dy't woarst kocht ha of oars in bydrage levere ha, tige tank! De aksje hat oer de ferskate doarpen de feriening sa'n 2.900 euro skjin opsmiten. In hiel kreas bedrach! Dit jild wurdt ynset foar de jeugdôfdieling fan VVO om sa de talinten fierder te ûntwikkeljen. Groetnis fan Sipke Dijkstra (jeugdkommisje VVO) Mandeguod 27

30 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication