56

Doarpsmienskip Mantgum Achte doarpsgenoaten! It is al wer mear as in jier lyn dat ik yn it bestjoer fan Doarpsmienskip Mantgum kaam. Guon Mantgumers kenne my al. Mar der sille ek grif guon wêze dêr't dat net foar jildt. Dêrom stel ik my noch efkes yn it koart foar. Yn myn jeugd ha ik op ferskate plakken yn Fryslân wenne. Mar doe't ik Korrie kennen leard ha, kaam ik nei in skoftke yn Ljouwert telâne. Dêr ha we hast 15 jier mei in protte wille wenne. Ek ús beide soannen en dochter binne dêr berne. Ein 2007 kamen der plannen op 'e hispel om tegearre mei myn broer en skoansuster in pleats te keapjen en dêr twa wenningen en in bêd en brochje te begjinnen. Nei in swalktocht troch ús provinsje kamen we úteinlik yn Mantgum út. De pleats van Vellinga waard fan ús. Myn broer en syn frou en bern ha har doe fuortendaliks yn it foarhûs ta wenjen set. Nei't alle fergunningen binnen wiene is it ferbouwen fan it bûthûs úteinset. Yn 2011 wie it safier en hat ús húshâlding har festige op de Seerp van Galemawei. We wenje no al goed 6 jier mei in protte wille yn Mantgum. De Bed and Breakfast rint goed. By de Poeisz krije se allerhande talen om 'e earen. Ingelsk, Dútsk, Hongaarsk, Frânsk, Tsjechysk, Russysk, Deensk, Israelysk. It fierste lân wer't gasten wei komme is fan 'e oare kant fan 'e wrâld: Tasmanië. Ut alle hoeken fan 'e wrâld kinne se Mantgum fine. En mei grutskens wol ik noch wol efkes kwyt dat de froulju, dy't de direksje fiere, troch de gasten mei in 9,4 wurdearre wurde! In sifer dêr't ik eartiids op skoalle allinnich mar fan dreamde..! 54 Mandeguod

57 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication