23

‘At ut niet lukt, dan lukt ut niet’ De Lytse PC fan 2016 sil net de skiednis yngean as de meast ûnferjitlike keatspartij. Dat kaam net yn it lêste plak troch de meagere dielnimmerslist fan mar tolve partoer. Nei it djiptepunt fan 2015 mei mar fjirtjin partoer wie dit op ‘e nij in sinjaal dat der oan de Lytse PC wat feroarje moat. Want by de tolve partoer wienen ek noch in oantal dy’t mei in oare maat kamen as op de lottingslist stie. Ûnferjitlik om’t it mooglik de lêste kear wie dat dizze partij organisearre waard? Neffens de wurden fan deifoarsitter Hans de Boer perfoarst net. “We sille der oer neitinke hoe’t we fierder moatte, mar De Lytse PC bliuwt”. Dat wie dan wol wer ûnferjitlik. Keatsfilosoof Ald haadklasse keatser Arie den Breejen (43) hie steld mei Chris Wassenaar en Jan Hospes. In sterk gelegenheidspartoer dat op foarhân al in finaleplakje tabedield waard. Dat like yn de earste omloop ek hielendal wierheid te wurden. De tsjinstanner struide kadootsjes mei bûtenslaggen en binnen in heal oere wie de partij beslikke. 5-0 en 6-4. De twadde partij fan dizze earmerke favoriten gie net sa maklik. Chris hie in minne rite oan de opslach en it ek net mislike partoer fan Jelte P. Dijkstra, Hendrik J. van der Velde en Evert P. Tolsma kaam sels mei 5-3 foar. It slagge Chris efkes net! It ûntlokke Arie den Breejen de Cruyffiaanse útspraak: ‘At ut niet lukt, dan lukt ut niet’. Mar doe liet dyselde Arie den Breejen sjen dat er it keatsen noch net ferleard wie. Mei in tal hiele knappe boppeslaggen en dito tuskenspulaksjes soarge hy dat syn partoer yn de race bleau. Jelte Pieter Dijkstra koe syn opslach te min ferlizze en te faak kaam de bal by Den Breejen dy’t der wol rie mei wist. It ein kaam op 5-5 en 6-2 doe’t Jan Hospes kearde foar de keats. At ut lukt, dan lukt ut! Yn de tredde omloop moasten Den Breejen cs dochs belies jaan. Se kamen noch wol mei in earst foar, mar troch mear dan treflik opslachwurk fan tsjinstanner Michiel Scheepvaart seagen se dernei tsjin in 4-1 efterstân oan. It waard noch wol 4-3 mar dêrmei wie de tank leech. Op 5-3 en 6-4 hie opslagger Scheepvaart sukses mei in hege efterynse bij Jan Hospes en wie de partij dien. It waard foar Arie cs yndie in spultsje fan: ‘At ut niet lukt, dan lukt ut niet’. Finale De finale waard spile tusken it partoer Michiel Scheepvaart, Kees van der Schoot en Klaas Pier Folkertsma tsjin Feiko Broersma, Michel van der Veen en Aloys Freitag. It soe in aparte partij wurde mei sterk wikseljende kânsen. Partoer Broersma rûn mei degelik spul út nei in 4-1 foarsprong. Mar doe’t op 4-1 en 6-6 Feiko it perk miste, wurke dat as doping foar benammen Michiel Scheepvaart. Hy krige syn opslach better ûnder kontrôle en fjurre syn maten Mandeguod 21

24 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication