45

wienen de rollen yn no-time omdraaid en koe Grins it útmeitsje op 5-4 en 6-4 troch de keats foarby te slaan. Alle útslaggen twadde omloop: Marsum – Ie Grins – Mantgum Seisbierrum Pitersbierrum – Berltsum Frjentsjer – Wommels Dronryp 1 steand nûmer Tredde omloop De spannendste partij op de tredde list wie dy tusken Dronryp 1 en Marsum. Twa partoeren dy’t goed oan elkoar weage wienen. Dochs wie it Marsum dat mei troch in foar sleine bal op 4-2 en 6-6 fan Dronryp samar in 5-2 foarsprong naam. Dêrnei wie Dronryp oan bar en makke ek samar wer gelyk en waard dêrby wat holpen troch in oantal bûtenslaggen fan de Marsumers. It lêste earst soe dus de trochslach jaan en spitich genôch foar de Rypsters dy’t trije kear it perk misten gong de winst op 5-5 6-2 nei de Marsumers. Alle útslaggen tredde omloop Dronryp 1 – Marsum Grins – Seisbierrum, Pitersbierrum Wommels steand nûmer Heale finale Yn de heale finale wie de tsjinstanner fan Marsum it partoer fan Wommels. De Wommelsers wûnen yn Easterein ferline wike op it NK noch goud en wienen fansels ek ien fan de favoriten foar de einwinst yn Mantgum. Dêr kaam ek noch by dat de Wommelsers op de tredde list stean bleaun wienen en dat wie mei dizze tropyske temperatueren gjin oerstallige lúkse. It partoer fan Marsum wie op papier de mindere, mar hienen yn foargeande omlopen wol sjen litten dat se goed fan harren ôfslaan koene. Dochs wie it Wommels dy’t harren favoriterol yn dizze partij hielendal wier makken en se lieten dan ek neat hiel fan de útkeatste Marsumers. Allinnich yn it lêste buordsje hellen de froulju út Marsum in seis, mar sels dat earst soe nei de Wommelsers gean dy’t harren dêrmei pleatsten foar de finale. Alle útslaggen heale finale: Wommels – Marsum Grins steand nûmer 5-0 6-6 5-5 2-6 5-2 6-2 5-2 6-4 5-4 6-4 5-2 6-0 1-5 2-6 Mandeguod 43

46 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication