46

Dûnsjend hout - update oktober As jo de Mandeguod yn hannen ha, is de ynfojûn (tiisdei 23 septimber) fan ‘De man dy’t hout dûnsje liet’achter de rêch, mar at we dit skriuwe hat dizze ynfojûn noch net west en derom kinne we hjir net safolle oer fertelle. Yn alle gefallen sille wy dy jûn ferteld ha oer ús projekt en ha we ferteld oer de rollen dy’t ynfuld wurde moatte yn de dûnsfoarstalling. Wy sykje ûnder oare spilers foar de rol fan: dûmny, boukundige, ‘hulpje’, restaurateur, deskundige en in koster (allegear m/f). En wy sykje dûnsers (m/f). De repetysjes binne begûn op tiisdei 10 oktober de jûns om 19.30 yn De Wjukken. (Mochten jo dit lêze en noch ynteresseare wêze? Nim dan efkes kontakt op) Tinke jo: ik kin wol wat oars sa as klean naaie, fersiere, koördinearje, organisearje? Dan sykje wy jo/dy ek. We sille by it projekt in protte minsken brûke kinne! Ynkoarten ha wy foar de minsken dy’t in eigen bedriuw ha / selsstannich binne in houthakborrel. Op dizze jûn kinne, krekt as op de ynfojûn, de minsken houtbewurkje en krije hja ynformaasje oer it hiele projekt. Dus oer de foarstelling, it festival en it skoalprojekt. We hope dat de minsken dy’t hjir komme ús ek helpe kinne mei ús projekt. De houthakbuorrel is op freed 20 oktober om 19.30.yn de Wjukken. Febrewaris 2018 Tusken 21 febrearis en 28 febrewaris stiet Mantgum yn it teken fan hout mei in houtfestival, in skoalleprojekt en in byldzjend dûnsteaterfoarstelling. It houtfestival sil bestean út houtbewurkers dy’t harren keunsten sjen litte sille, mar jo kinne ek sels oan ‘e slach mei in workshop, of jo kinne in nijsgjirrige lêzing folgje. Der komme houtbewurkers út binnen- en bûtelân. Oan it skoalleprojekt dogge de skoallen fan Mantgum, Boksum, Jorwert en Hilaard mei en dêr kinne noch basisskoallen bykomme út de omkriten. Fan groep 1 oant en mei groep 8 dogge de bern mei oan dit skoalprojekt. Wat der makke wurdt sil op it festival yn febrewaris toand wurde! Houtbewurkers út Fryslân en de rest fan Nederlân, dy’t goed mei bern wurkje kinne, jouwe de bern fiif lessen. Der wurdt starten yn jannewaris en op woansdei 21 febrewaris wurdt it festival mei alle skoalbern feestlik iepene. 44 Mandeguod

47 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication