61

Men seach it ferlet en it stasjonskofjehûs, mei in prachtige serre der foar, waard boud. Jentsje en Metsje Miedema ha dêr lang de saak rund. Op it lêst hie Jentsje Metsje it lykwols wol hân: “Froeger hie’k altyd drank klear, en dan woene se kofje ha, no ha’k altyd kofje klear, en dan wolle se drank ha”. En fan it iene komt it oare fansels: stadichoan waarden der mear ‘notabele’ wenten boud, om Peter Karstkarel mar efkes te sitearjen. It bouwen fan sokke grutte steatige huzen kaam fansels net samar ynienen op. Yn in protte Fryske doarpen en oan de útfalswegen fan in stikmannich Fryske stêden steane hûnderten ‘notabele’ wenten. Dizze wenten waarden boud yn de perioade fan ûngefear 1860 oant 1910 ta. Meastal binne it frijsteande huzen, mei in romme tún der om hinne, mar soms – as de doarpsstruktuer wat kompakter is - binne se ûnderdiel fan in sletten gevelwand. De plattegrûn is faak fjouwerkant, of rjochthoekich, en de arsjitektoanyske neidruk falt op de foargevel. De sydgevels binne altyd minder útwriidsk en minder detailleard útwurke. It front is symmetrysk: yn it midden de tagongsdoar, mei oan wjerskanten twa ruten. Lyk dêrboppe de kajút, mei of sûnder balkon. Dizze middenpartij mei foardoar en balkon springt yn in soad gefallen nei foaren, wylst de doar sels wer faak in eintsje tebek stiet, sadat der in portyk ûntstiet. Dizze struktuer is klassyk, en derom wurde dizze wenten wol neo-klassisistysk neamd. Yn de stêden hie men minder romte, en dêr hiene sokke huzen faak twa ferdjippings mei in kap. Ek wiene se faak trije rútflakken breed, en dan koe de doar net mear symmetrysk yn it midden. Yn de doarpen wie mear romte, en dus hoechde men dêr net de hichte yn. Feitlik binne de notabele wenten op de doarpen in doarpske fariant fan it steedlike hearehûs. Ek pleatsen waarden yn dizze selde styl boud, en sawol de pleatsen as de doarpswenten waarden boud troch doarpstimmerlju dy’t harren stadichoan ûntwikkelen ta arsjitekt. Hja Mandeguod 59

62 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication