14

As se by it wetter del rint, komt it nije Wjukkengebou yn byld, sa’n 20 jier rint se dit paad no, want yn 1999 ferhuzen de pjutten fan de âld-Wjuk nei dit nije gebou. Hast yn deselfde perioade gie it pjutteboartersplak op yn in gruttere organisaasje. Dat wie net altyd like maklik, dy feroarings dy’t fuortkomme út regeltsjes fan gruttere organisaasjes. Lokkich hat se as juf altyd wol har eigen ding dwaan kinnen, wat makke dat se dit paad nei de Wjukken nea mei tsjinsin rûn hat. Sa, se rint it plein fan de Wjukken op, efkes by de BSO lâns nei binnen ta. Dochs wol gek, tinkt se no, de lêste kear sa, mar it is goed. Se rint de seal yn, moai op tiid om noch wat dingen klear te setten. Mar hè, der hingje allegear foto’s en it is fersierd, wa hat dat no dien? Der soe dochs neat organisearre wurde? Wat leuk! Allegear foto’s fan de ôfrûne 36 jier pjutten, hast allegear mei de reade glydsbaan der op! Op har lêste dei mei juf Ida dwaan wat se leuk fynt en is se it hulpke fan de klas (oars is der altyd in berntsje dat dy dei hulpke is). Juf kiest boekje lêze MANDEGUOD 12

15 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication