24

24 Mandegoud It wie lykwols net allinne mar kommer en kwel. “We krigen ek wolris in kop kofje of in oaljekoek oanbean”, laket Jacco. “Mar dat nimme we lang net altyd oan, want foardat je it witte, wurde we oproppen om wer earne oars hinne te gean, en dan sitte je krekt mei in kop gleonhite kofje.” Op normale wurkdagen is de folchoarder fan Jacco’s wurk: op meldingen ôfgean, tasicht hâlde en dêr op akteare. “As BOA (Buitengewoon Opsporings Ambtenaar) hast twa petten op. Je ha ek twa paskes: ien as tasichthâlder fan de gemeente Súdwest Fryslân en ien as BOA fan it ministearje fan Justysje en Feilichheid. Dit makket it wurkjen by hanthaving fan in gemeente breed mei in grut ferskaat oan wurksumheden. Yn gearwurkjen mei de plysje bondelje wy ús krêften.” Mei syn twaën Ek operearje de hanthavers de iene kear yn boargerklean (gewoan yn spikerbroek) en de oare kear yn unifoarm. As hja sa’n ‘boargertsjinst’ draaie, giet it faak om oerlêst-meldingen. Je kinne dan bygelyks tinke oan omhingjende jeugd, losrinnende hûnen of soksoarte meldingen. Binne se yn unifoarm dan ha se net allinne in stekwarrend fest oan, mar dan ha se ek ek hânboeien by har en sûnt 1 jannewaris ha se ek in wapenstok - krigen fan minister Grapperhaus… Wat se yn àlle situaasjes by harren drage: in portofoan. Ek it ferfier wikselet: soms ride se yn in auto dêr’t dúdlik oan te sjen is dat se fan de hanthaving binne, soms ride se yn in ‘anonime’ auto, en fansels ha se soms ‘bike-surveillance’. Boppedat binne se altyd mei syn twaën op stap: dat is wòl sa feilich, mar it hat ek syn foardiel yn de petearen mei de minsken op strjitte. Hja ha dan wol in oplieding om sa goed mooglik mei minsken om te gean: de iene kear moatte je wat meibewege, de oare kear moatte je strang optrede, mar ek hjir krije hja geregeld ‘bijscholing’ foar. Jacco fynt it ek fijn dat se in mingde groep hanthavers ha: fan de 20 minsken binne der 7 frou. Ek dat jout bytiden krekt even in oare draai oan in petear. In oar foardiel fan it mei syn twaën wurkjen: kinst it der nei de tiid even oer ha. Wat dat oangiet: Jacco nimt de problemen net mei nei hûs: hy leit der nachts net wekker fan. Oant no ta binne it dan faak ek de ‘lichtere’ foarmen fan de maatskiplike problemen dêr’t hanthavers foar ynroppen wurde. Húslik geweld wurdt altyd ôfhannele troch de plysje; ek as der wapens yn it spul binne komt de plysje. Wol docht bliken dat hanthaving wat langer wat faker yn oanrekking komt mei bepaalde plysjetaken, mar se binne by de gemeente Súdwest Fryslân der ek hieltyd better op taret. Hanthavers sjogge ek mei út nei minsken dy’t socht wurde.

25 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication