fan Sjouke en Detsje stean. Tiid om ris del te gean yn’e rige: Hynders op Hinnaard. Wat ha jim eins mei hynders? Sjouke laket: “Eins bin ik in man fan’e kij”. Sjouke en Detsje ha altyd in molkfeehâlderij hân by Hylaard. Harren soan wennet dêr noch en hat de boel oernommen. Sjouke en Detsje binne no mei ‘pensioen’, mar noch altyd drok dwaande. Op Hinnaard allinne en foaral my hynders dus. “Ja, benammen kij”, seit Sjouke, “as boer hie ik kij en wie foaral yntresearre yn de fokkerij. Op’e pleats wiene Detsje en ik altyd dwaande mei it by inoar sykjen fan de bêste genen. Hoe krije wy de meast sûne kij? En de bêste?” Dus dat siet d’r al betiid yn? “Ja, ik wit noch dat ik mei myn freon Siebe Swierstra – dy’t letter feearts waard yn Boalsert – as jonkjes fan njoggen jier al drok dwaande wie mei de fok. Wy makken fan stokjes kij en dan boarten wy dat de ‘stokjekij’ ien kear yn de safolle tiid ûnder de ‘stokje-bolle’ moasten. Ik ha as jonkje mei fan alles fokt: knynen, geiten, skiep en fansels kij”, seit Sjouke. Detsje: “Ja, en no ha wy wer in geit. Dizze hie Sjouke eins kocht foar syn bernsbern op de pleats yn Hylaard, mar nei twa wiken wie sy d’r wol op út sjoen. Doe hat Sjouke de geit mar wer op helle en stiet hy wer op Hinnaard”, laket Detsje. Hoe binne jim dan by de hynders kommen? Sjouke: “Ik fûn de opgroei fan hynders altyd wol nijsgierrich en rolle sadwaande yn de fok fan Fryske hynders. Dat die ik altyd neist de molkfeehâlderij. Ik ha sa’n 25 jier yn de keuring fan Fryske hynders sitten. Dy keuringen wiene oeral yn it lan en ek yn it butenlan. Dan wie ik soms wyken fan hus. Dat koe omdat Detsje de pleats en de melkerij dan die”. “Ïk hie dan meastal wol hulp fan de bern hear. Dus dat koe prima sa” seit Detsje. En wat fynst fan de fok fan hynders? Sjouke is no sântich jier – d’r hingje noch prachtige jierdeitekeningen fan de bernsbern foar pake op de doar - : “Der is yn 70 jier in soart feroare. Eartiids giene de fokkers rinde mei de merje nei de hynst, en no kinst it sied as de ebryo's suver hast oer de post bestelle. Der sitte noch wol in pear stappen tusken. Sa as de hynsteboer dy't mei de hynst op wein by dy thus kaam nei KI, binne we no oanbelane by ET en XY. By dat leste wurde de aaiblaaskes ut een donormerje helle. Ôfrype yn in briedstove en as se ryp binne wurde se befruchte mei ien siedcel. De sa ûntstiene embryo's wurde yn gastmerjes setten as ynfêrzen. Sa kinst fan in topmerje 18
19 Online Touch Home