19

folle mear neiteam krije as dat se yn har hiele libben ea krije kinne soe.” Wat fynst dêrfan? “Dat ofpellen fan de aaiblaaskes komt der nogal op oan foar de donor (top)merje. It wurdt sa wol in pepieren, saaklik barren. It is ek djoer. Dus foar de hobbyfokker sa as ik, is it eins net te dwaan. Tsja, de romantyk giet der wol wat of sa.” Jim ha hjir no benammen WPN-ers stean dochs? Sjouke: “Ja, kloppet. Der steane sa'n 20 merjes op stal. In part derfan wurdt riden troch sa'n 7 froulju. Fan ien fan har stiet hjir in pony.” Detsje laket: “En miljoenen bijen. Ik hâld sûnt in skoftke bijen. Dat is krekt wat in minder djoere en útwreidiche hobby as dy fan Sjouke. It nimt ek net sa’n protte plak yn dan hynders. De measte minsken dogge sa no en dan wat fuort fan harren oankeapen, mar Sjouke fynt dat lestich”, pleaget Detsje. Bisto ek dwaande mei de hynders Detsje? “Myn oandiel yn de saak is net sa grut hear. Ik pas op as Sjouke der net is en ik tink der om as der ien smyte moat. Om te sjen fyn ik hynders prachtich, mar earlik sein, binne se my wat te grut. Haha....En dan binne 19

20 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication