Oud– vereniging in beeld: Vireo Troch Watse Vireo! Dat klinkt as de nijste en safolste fariant fan it Koroanafirus, mar ik kin jimme gerêststelle dat falt yn dit gefal alles ta. It is de namme fan in yllústere follybalferiening dy´t ea bestie yn ús fjouwer doarpkes. De letters Vireo stean foar Volleybalferiening Itens Rien En Omstreken. Yn it ramt fan ús jubileumjier binne wy djip yn ´e argiven fan it Diggelfjoer dûkt en dan komme jo somtiden ferienings tsjin wêrfan no hast nimmen it bestean mear wit. Yn ’t Diggelfjoer fan novimber 1989 stuiten wy op in stikje oer Vireo. Yn it stikje wurdt de lêzers û.o. efkes útlein dat der ien froulju´s team is en twa teams by de manlju binne en dat der spile wurdt ûnder de regels fan it nevobo bûn, yn de sporthal fan Easterein. De stiet in foto by fan twa mannen dy´t opspringe by it net, mar wy pas mei help fan tredden tinke te werkennen. Slagget it jimme al? Ek kinne wy lêze wa´t dan de bestjoersleden binne. Dêr stiet ek de namme fan Immie Kamstra by. Sy wennet flak by my, dus tiid om efkes kontakt op te nimmen om mear te witten te kommen oer dizze feriening út earder tiden. Sa sko ik in pear dagen letter oan by Immie Kamstra en Jan Flier, want ek Jan hat in ferskaat oan funksjes hân binnen de klup en is foar dit petear optromme troch Immie. Immie: “Wy binne hjir yn 1979 kommen te wenjen en doe bestie de follybalferiening al. Der wiene aardich wat leden en sy spilen yn ’e doe splinternije sporthal yn Easterein. Wy hiene dêr wol nocht oan en sochten ek wol in feriening om ûnder de minsken te kommen. Sadwaande waarden wy lid van Vireo. Al gau, nei’t ik lid waard, krigen de froulju te meitsjen mei in ledestop. Wy sieten op it maksimale oantal leden fan 20. Dus it wie sa, dat eins nimmen fan de froulju harren lidmaatskip op doarde te sizzen as hja in lytse poppe ferwachten. Oars kamen jo der nea wer tusken!” Jan: “Ik kin noch wol wat fertelle oer it ûntstien fan Vireo. Chris van Weerd wie hjir yn ’e omkriten de grienteboer. Hy wenne yn Wommels mar sutele net allinnich mei griente en fruit lâns de doarren, hy wie ek aktyf yn de kulturele Rie fan de âlde gemeente Hinnaarderadiel. Op in bepaald momint waard der fan út de kulturele rie in projekt 20
21 Online Touch Home