21

opsetten mei de namme ‘Sport Real’. It wie bedoeld om de minsken mear bewege te litten. Mei dat doel waard der in follybaltoernooi organisearre en dat foel sa yn ’e smaak dat in oantal minsken dêrnei it inisjatyf nommen ha ta it oprjochtsjen fan in follybalferiening. Sa is it ûngefear gien. Ik ha noch meimakke dat wy gebrûk makken fan it eardere gymnastyksealtsje dat ek yn Easterein stie. Ein jierren 70, begjin jierren 80 krigen wy in plakje yn de nije sporthal.” Immie: “By de froulju spilen wy yn in rekreaasje klasse. Wy trainden ien kear wyks en de wedstriden bestiene út toernoaien. Kompetysje diene wy yn myn tiid yn elts gefal net oan mei. Op tiisdeitejûn wie der training. Earst fan 19:30 oant 21:00 oere foar de froulju en dêrnei fan 21:00 oant 22:30 foar de manlju. Troch de jierren ha wy ferskate trainers hân. Dêrûnder ek Jappie Knol dy’t neamd wurdt yn de Diggelfjoer fan novimber ’89. Jappie is yntusken 83 jier en de sweager fan Jan.” Hoe is it ôfrûn mei Vireo? Jan: “Wy binne yn it jier 2000 fusearre mei oare klups út de omlizzende doarpkes ta COVOS. Dat is de feriening dy’t noch altyd aktyf is en de Eastereinder Sporthal as har thúsbasis hat. COVOS stiet foar: COmbinatie, Vovero, Vireo, ODI en SMS. Vovero wie de feriening út Reahûs en omkriten, ODI wie fan Easterein en SMS fan Wommels. De fúzje soarge foar in grutte feriening mei mear besteansrjocht en ek mear training mooglikheden foar de jeugd. De teams fan de yndividuele klups giene as gehiel op yn in nij team fan COVOS. Sa koe it team fan Vireo 1 nei de fúzje bygelyks Covos 7 wurde. Wy bleaunen itselde team, mar allinnich mei in nije namme.” Dat betsjut neffens my al dat Vireo der wat bekaaid ôfkaam is mei de fúzje. Jimme moasten ommers de letter V van COVOS diele mei Vovero? Beide: “Ja, dat is yndied wat suterich”. Wat wiene de sportive hichtepunten dy’t jimme noch heuge kinne? Jan (nei in koarte stilte): “No by de manlju spilen wy yn tsjinstelling ta de froulju wol kompetysje en wy binne ek wolris kampioen wurden! Mar dêr stiet tsjinoer dat wy ek gauris yn in klasse spilen dêr´t it net mogelike wie om te degradearjen… It wie foaral ek hiel gesellich mei-inoar! Mei ek mannich hichtepunt nei ôfrin fan de wedstriid yn ’e kantine. Ik kin my ek noch heuge dat wy Frank Luiten, dy’t doe yn Itens wenne, in kear om 14:00 oere middeis fan hûs ôf oanhelle ha omdat hy mei moast te spyljen. Doe die bliken dat hy noch op bêd lei! Wat mysels oanbelanget, bin ik begûn yn COVOS 7 en doe’t ik as spiler ophold spile ik yn COVOS 4.” 21

22 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication