2

Fan de feestkommisje Foto voorpagina: Boalserter Feart bij Spyk, Hinnaard dec. 2021. Noch hieltyd binne wy fol goeie moed dwaande mei de organisaasje fan it doarpsfeest yn 2022. Wy hoopje fansels mei syn allen dat de situaasje rûn Koroana aanst wer better wurdt en we dêrmei noch mear konkrete plannen meitsje kinne rûnom it doarpsfeest yn ús fjouwer doarpen it kommende jier. Us oerlis yn novimber wie online, om ’t der ‘karantêne klanten’ wiene, mar net minder ‘constructief’! It programma krijt hieltyd mear foarm en ynhâld en de earste minsken binnen ús mienskip binne foarsichtich frege nei harren help of bydrage. (Foto: H. Breukelaar) Us ploech mei kommisjeleden is tige entûsjast en sit fol mei ideeën. We kinne eins net wachtsje om jimme krekt sa entûsjast te meitsjen, mar dochs wachtsje wy noch efkes. Want fansels wolle wy minsken benaderje en freegje mei in dúdlike opdracht of taak. Wy hiene betocht dat it miskien aardich wie om efkes in foto fan ús kommisje te meitsjen, mar yn dizze tiid moetsje ek wy inoar net ‘live’. Dêrom in foto fan alle kopkes fan ús kommisje. Dan hawwe jimme in byld by de popkes, mocht dat noch net sa wêze. Op ‘e foto: Boppeste rige, fan links nei rjochts: Jan Hofstra en Watse Zeinstra Middelste rige: Maaike Kuipers, Regina Wassenaar en Elisabeth Abels-Gorter Ûnderste rige: Oane Bootsma en Bouwe Jan Huisman Nei de feestdagen sille wy yn jannewaris wer gearkomme, en fansels komme wy dan wer mei nijs by jimme werom! Groetnis fan de feestkommisje 2

3 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication