Kroechferhalen: Op ’e planken Troch Watse It wie oant healwei de jierren 50 lang fêste prik. Op de earste jannewaris, wie der altyd in toanielútfiering fan ‘Nim it sa’t it is’. No sille der fêst minsken wêze dy’t lykas mysels, wat de útfiering fan dizze jûn oanbelanget, fuortdaliks tinke moatte oan it doarpshûs fan Itens. Mar dat is net it gefal. Jierrenlang hat ús toanielferiening twa kear yn it jier in útfiering opfierd en dat diene sy ôfwikseljend yn Itens en op 01 jannewaris op de boppeseal fan it kafee yn Rien! Dy jûn wie faak spesjaal bedoeld foar de jongerein. Jan S: “It wie op ien jannewaris alle kearen grôtfol mei minsken. It wie sa slim dat kastlein Smeding it net heal fertroude. As it wer safier wie, sette Smeding foar de wissichheid trije grutte strampels ûnder de flier, mei der boppe-op in grouwe balke. Dan pas doarde hy it oan om al dy minsken dêr boppe op it sealtsje te litten. De útfierings soargen net allinnich foar in perfekte jûn om de oare jongelju út it doarp te moetsjen en in lokkich nijjier te winskjen, it toaniel sels wie ek fan hege kwaliteit en faak tige humoristysk. Benammen in man as ‘lytse’ Tys Jaarsma hie wat dat oanbelanget wier in jefte. Hy kaam fan Lytsewierrum en wie in healbroer fan Jaap Jaarsma, dy’ t hjoed-de-dei noch mei syn frou Janny en harren soan Thijs buorket ûnder Lytsewierrum. Tys hoegde neat te sizzen om de minsken slop fan laitsjen te krijen. Syn gesichtsútdrukking en hâlding wiene mear as genôch. Hy gie mei ‘Nim it sa’t it is’ ek in soad fuort te spyljen lâns in ferskaat oan lytse en grutte sealen. Oant de Harmonie oan ta. ‘ De Reafin’ wie ien fan de stikken dêr’t sy in protte súkses mei hiene. Letter makke Tys ek furoare by it iepenloftspul fan Jorwert. Ik priis mysels gelokkich dat ik dat mei eigen eagen sjoen ha. Mar de toanielferiening hie doe, krekt as no’t it gefal is, beslist ek mear as ien talint. Rike Spannenburg-Kooistra (de mem fan 26
27 Online Touch Home