5

Fan de redaksje Troch Watse Beste lêzers, Alderearst winskje wy jimme allegearre in lokkich 2022 ta, mei foaral in protte sûnens! Noch mar in pear ‘Diggelfjoerkes’ lyn tochten wy dat wy koroana efter ús litte koene, mar yntusken witte wy wol better. Wy sitte der wer middenyn! Sels behear ik yntusken ek ta de ´koroana-feteranen´. Al soe dat nei myn gedachten wolris in klup wurde kinne wer in protte minsken ier as let in kear lid fan wurde. Ik hoopje dat elkenien dan, lykas iksels, der net in protte lêst fan kriget. Troch de koroana-maatregels is it amper mooglik om noch aktiviteiten te organisearjen. Alles leit sawat op ’e kont en sa ha wy spitich genôch in hast lege aginda. Gelokkich mar dat it Diggelfjoer wol makke wurde kin. Dan is der yn elts gefal noch wat te lêzen yn dizze tsjustere dagen. Sa kinne jimme yn dizze edysje Anne en Janny de Boer moetsje, dy´t in hoartsje lyn nij kommen binne te wenjen op Hinnaard; krije de lêzers in blik efter de skermen by de printerij fan it Diggelfjoer; kinne wy wer in nije advertearder wolkom hjitte; is der wer in ferfolch fan de searje ‘Hynders fan Hinnaard´ en ek wer in update fan de feestkommisje. Mei in spesjale nijjiersbydrage dûke wy opny yn it kroechlibben fan Rien. Der is fansels wer in bydrage fan us junior-redaksje leden fan de Romte en tanksij, alwer in redaksje lid fan de earste oere, krije wy in ynkyk op ien fan de alderearste redaksje gearkomsten fan it Diggelfjoer. Dat allegearre en noch folle mear sit yn dit boekje stoppe. Wy winskje jimme in protte lêsnocht ta en wat koroana oanbelanget sille wy noch wat langer ôfsjen moatte en de kop de foar hâlde! 5

6 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication