8

skriuwblok en pen en we sette útein. No goeie! Hoe binne jim hjir sa bedarre? Janny: “No, dat wy op Hinnaard bedarre binne, is in unyke kâns dy’t wy net sjitte litte koene. Wy ha tweintich jier buorke op Bonkwert by Spannum en wennen, neidat we ophâlden mei buorkjen, de letste oardel jier tydlik yn Winsum. We wiene al wat langer op syk nei in moai plak wer we ek mei ús hynders hinne koene en doe kaam dizze pleats foarby.” Anne stimt yn: “Wy meie graach yn de Greidhoeke wenje. Sokke moaie luchten. We komme oarspronklik fan Spannum (Anne) en Easterein (Janny) en binne beide fan boerekomôf, dus dat wy hjir graach wenje meie is net sa gek. Boppedat ha de bern hjir ek harren kunde”. Fan april oant july hat in timmerbedriuw holpen mei de ferbou fan de stjelp. Sa binne d’r trije sliepkeamers byboud en niiskrekt dizze wike is de lêtste hân lein oan de twadde badkeamer. “Wy kinne hjir wenje oant wy âld binne mei in sliep- en badkeamer beneden”, laket Janny. En ha jim it hjir wat nei jim sin? “Tige”, knikke beide, “wy ha hjir safolle romte om ús hinne, sjoche eltse jûn de sinne ûnder gean. It is hjir prachtich. Boppedat kinne wy hjir mei ús hobby goed te plak: Fryske hynders.” Anne fertelt dat se graach mei Fryske hynders fokke meie: “Wy binnen beide sljocht mei Fryske hynders. Sa binne wy ek tegearre begûn. Wy hiene krekt ferkearing en kochten tegearre in fuoltsje op de Jouster Merke yn 1995. We hiene noch earder in fuoltsje tegearre dan in hûs!” laket Anne. Janny pakt de stamboeken fan it fuoltsje derby: “It wie Lamkje fan it Súderein en we kochten har foar 6600 gûne. It wie sa’n machtich dier. Sa leaf! Nei trije jier waard Lamkje stermerrie en koene wy har ferkeapje foar fl.40.000,-“. Op myn fraach as se Lamkje ferkocht ha skodzje beide de holle: “Nee, Lamkje woene wy net kwyt en se hat foar se in soad neiteam soarge”. Lamkje is d’r net mear, mar no ha se in Fries yn de stal stean dy’t wol út de lijn fan Lamkje komt. Dêr wolle se no mei ‘ompiele’, sadat se dat beide sizze: “Wy mochten altyd graach ringride en wolle eins ek wol wer mei it hynder foar de karre. Dat kostet altyd wol in soad tiid, mar it is wol moai wurk.” Ha jim noch oare hobby’s neist de hynders? Janny: “Ik mei hiel graach sjonge en gitaarspylje. Dat die ik foar de corona noch wol in protte yn fersoargingshûzen. Ik sjong hiel graach 8

9 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication