36

-                                                            -                                      -               Tank, út namme fan Luuk! Nijs fan de Fermanje     Freed 8 april wie yn de Fermanje yn Itens de fertoaning ‘Stabij on tour’ fan Douwe Kootstra en Tjibbe Hooghiemstra. It wie de earste kear dat de Fermanje wer iepen wie foar in ‘aktiviteit’. No ‘t de ferbouwing fan de Fermanje hielendal klear is, en Koroana op de eftergrûn liket te skowen, wolle wy sjen oft wy de Fermanje wat mear brûke kinne. Sa no en dan is de lytse bieb wer iepen, wy sille yn de simmer de Fermanje op in oantal data iepenstelle foar Tsjerkepaad en no hiene wy yn april in foarstelling mei in hûn yn ‘e haadrol. Yn novimber ferskynde it keunst - en lêsboek STABIJ, mei koarte ferhalen fan Douwe Kootstra en tekeningen fan de keunstner Tjibbe Hooghiemstra.Tjibbe en Douwe hiene om it boek STABIJ hinne in koarte en boartlike ‘fertoaning’ makke. Douwe lies koarte fragminten foar, Tjibbe fertelde oer it tekenjen fan bisten en alles wat der by komt te sjen en Liv, Tjibbe syn stabij, makke ek syn opwachting ûnder de kop: it bist yn de keunst. It wie in tige aardige jûn, en de reaksjes fan de oanwêzigen wiene tige posityf, al hiene der noch wol wat mear minsken yn de Fermanje kinnen. It kafee yn de Lytse Fjouwere wie nei de fertoaning iepen foar in gesellige neisit. Wy sille de kommende tiid sjen oft der in mooglikheid is foar in oare foarstelling, konsert ensafh. Wy hâlde jimme op ‘e hichte. Douwe en Elisabeth 

37 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication