Nijs fan keatsferiening Itens e.o. De kop is d’r ôf! De earste ballen boppe, kwea en foar binne slein. Neat moaiers as in baltsje slaan op it keatsfjild. Prachtich om te sjen dat ek de jeugd wer mei in protte wille op it fjild stiet. De winners: Ta ein fan beslút woene wy it jubileum noch efkes oankaarte. 11 septimber sille wy fiere dat de keatsferiening 100 jier bestiet! Fansels wolle wy hjir wat bysûnders fan meitsje. Hast do no ek wat bysûnders op ús keatsfjild meimakke of hast do noch âlde foto's, âlde listen of sels in stik út in krante of wolst do in ferhaal mei ús diele omdatsto bygelyks in part fan it bestjoer wiedest? Stjoer dit nei kf-itens@live.nl Oant op it keatsfjild, Hinke, Marijke, Sippy, Wybren, Laura Margje en Jurjen
10 Online Touch Home