noch efkes wat langer neigenietsje fan de doarpsfeesten 2022. Sjoch foar alle foto's en fideo's fan de doarpsfeesten op https:// myalbum.com/album/XLJcbVVNtuwazm (Lûk dêr mar in jûntsje foar út, want it binne der mear as 1400!) De Quiz fan freedtejûn is wûn troch team Quiztut (Marrit, Jentje, Karin en Loek). In top prestaasje fansels mei in dielnimmersfjild fan 30 teams! De bernespultsjes binne wûn troch Jort, Doutzen, Niek en Jeldou. De spultsjes foar de grutte minsken binne wûn troch team Grutte Pier (Albert Jan, Sybren, Rick en Sven). De survival waard in proai foar de Hippies (Durk, Douwe, Sape en Thijs). Yn 50 minuten en 59 sekonden wiene sy wer werom op it sportfjild. It keatsen foar de bern is wûn troch Hester Zeinstra en Andries Rijpma en by de grutten giene Gerard Witteveen, Marijke Gaastra en Lucretia van der Brug mei de krânsen nei hûs. Dan hiene wy noch it kloatsjitten en it klaverjassen. De Klotenklappers (Dick, Rienk, Janny, Hanneke, Frans, Hiltsje, Fokje en Wytse) wiene yn 26 wurpen wer werom by de finish. Sân minder as de Stuntelaars. Broer Witteveen wie de tûkste kaarter. Hy einige nei twa bomen op 2578 punten. Ta beslút is Joke Krist noch huldige as meast komplete feestfierder fan ús allegearre. Joke hat sawat oeral oan meidien. Wie it net as dielnimmer dan wol as frijwilliger en sy wie sawat alle dagen ferklaaid. Top Joke. Sa moat dat. Al moat wy fansels dêr wol daliks by sizze dat tidens de feesten wol blieken is dat jimme allegearre geweldich goed feestfiere kinne! Hjirûnder kinne jimme alle útslaggen nochris werom lêze. Genietsje fan de foto's en filmkes en jimme hearre gau wer fan de feestkommisje. De Spultsjes foar de grutten 1e Priis Team Grutte Pier 2e Priis Skorriemorrie 3e Priis De 4 Musketiers 4e 5e 6e 7e 8e 9e 10 11 12 13 Franekenvrij LUI (Lui uit Itens) De Hippies De Leukste Fjouwer (Albert Jan, Sybren, Rick en Sven) (Tim, Hendrik, Jochum en Douwe W) (Jorrit, Sybo, Jesse en Meint) (Anke, Jan Gerben, Gerard en Froukje) (Regina, Bertina, Wybe, Roos en Ylse (Durk, Douwe S, Sape en Thijs) (Bouwe Jan, Edgar, Dorien en Jurjen) De Fleanende Friezen (Anna, Ineke, Oane en Jelmer) Kiek mar út! Woodstock De Vrijbuiters 3 + 1 Grietjes De Toppers (Esther, George, Reinder en Hessel) (Ans, Pietie, Elbrich en Maaike) (Feare, Jildou, Anne en Annemar) (Karin, Hendrika, Iris en Jouke) (Marije, Noor, Marike en Benthe) 10 352 pnt 306 pnt 280 pnt 232 pnt 218 pnt 199 pnt 196 pnt 194 pnt 185 pnt 178 pnt 163 pnt 159 pnt 139 pnt
11 Online Touch Home