16

betellen as de minsken dy’t mei minder ta moasten. Yn 1944 betellen de boeren 1,50 gûne per jier en de arbeiders 50 of 75 sinten per jier (foto). As men de notulen der op neilêst dan sjogge je dat it foaral in mannen oangelegenheid wie. Foar it ôflizzen waard soms wol in frou ynskeakele. Yn 1918 waard de feriening fan Itens oprjochte. Dat wie de tiid fan de Spaanske gryp. In tiid wêryn’t minsken elkoar bot nedich hienen om foar elkoar te soargjen. Pas yn 1978 namen beide ferienings it beslút te fusearjen en waarden der nije statuten makke by notaris Van der Hem yn Jorwert. Deselde statuten hawwe we no ek noch. Alles rûn in begraffenis waard yn de eigen doarpen dien. De boade, it ôflizzen, it regeljen fan kaarten, faak ek it drukken fan kaarten op de stencilmasine, regeljen fan in tsjinst, it grêf grave, klokliede en de kiste drage. Sa al mei al wienen der neist it bestjoer hiel wat minsken yn’t spier. Fergaderingen wienen by ien thús. Sa lêze we yn’e notulen fan 1937 (foto) dat de fergadering fan Hinnaard net mear by Heslinga wêze soe mar tenei by W Rispens plak fine soe. It tafal wol dat wy de lêste fergaderingen eins altyd ek by Wiebren Rispens hán hawwe, mar dan dy fan in pear generaasjes fierder. Yn dizze tiid ferbine we ús faak foar in skofke oan in bestjoersfunksje, 5 jier, of 10 jier. By it bestjoer fan’e begraffenisferiening gong it faak om folle langere perioaden. As foarbyld: Jan Bootsma dy’t 41 jier bestjoerslid en skriuwer west is . Hy wie ek de lêste dy’t mei de hân de notulen skreau, dat hat hy dien oant 2008. Minsken dy’t funksjes yn it bestjoer hienen of drager wienen, wiene faak selsstannige en meastentiids boer. Dizze minsken wienen fleksibel yn harren tiid en koenen dêrtroch harren frijmeitsje op tiden fan in begraffenis. Yn’e tiid fan no kinne mear minsken dy funksjes wol dwaan omdat der mear fleksibele beroppen binne of omdat minsken deeltiid wurkje. In diel fan de fergadering gie, en giet noch altyd, oer it waar, it lân, it gêrs, de kij. Dat is miskien wol it moaiste diel fan’e jûn. Sa’ t ik al earder sei, wie it foaral in mannenoangelegenheid. Stikje by bytsje kaam dêr feroaring yn. Yn 1981 wie Liesbeth Wijnia de earste frou dy’t de ledenfergadering besocht. Se wurdt derfoar spesjaal neamt yn’e notulen fan dat jier. Sy kaam mei in krityske fraach oer de boade. Yn it bestjoer wie Gryt van der Brug de earste frou. Nei it ferstjêrren fan har man, Klaas van der Brug, naam se yn 1992 fan him de funksje fan ponghâlder oer. Yn 2007 makke se plak foar de twadde frou yn it bestjoer: Wietske Dijkstra. En it aardige is dat no Jehannes van der Brug de ponghâlder is. Gryt van der Brug fertelt dat se yn’e jierren ’90, nije jassen en huodden oanskaft hawwe. Nei in tiid fan swarte jassen en hege swarte huodden kamen der grize klean mei wat plattere grize huodden. De dragers hienen fansels net allegear deselde maat, dus waard geregeld ruile en past sadat it allegear wat moai like. De begraffenisferiening krige de lêste tsien/ fyftjen jier in oar plak yn’e mienskip. Bern waarden op harren 18e net mear altyd lid. Begraffenissen wurde folle mear troch famylje sels regele. Wer’t earder in boade ferbûn wie oan in feriening/ in doarp, kieze minsken no harren eigen boade. Dragers binne selden nedich, omdat 16

17 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication