26

Wat ha we genoaten fan dit plak. Tidens it ynpakken komme der in protte oantinkens boppe: wat ha de bern hjir prachtich boarte, it ferskaat oan bisten dy’t we hân ha, de minsken dy’t we moete ha en de gesellichheit fan de fjouwer doarpen. It is tiid foar wat oars: ‘It hert wol net, mar it ferstân wol wol’, sa beneamt Gerrit it treffend. It bij- en ûnderhâlden fan dit plak wurdt hieltyt mear in lêst dan in útdaging. En dat is fansels net de bedoeling fan in hûs. We ha wer in moai plakje foun yn Koudum: mei útsicht en oan it wetter. En mei mear komfort en minder ûnderhâld. We hoopje dat út it each net út it hert betsjut , we bliuwe belutsen en wa’t nocht hat is fan herte wolkom op de Spoarleane 12 yn Koudum. En fansels winskje we Arjen en Myra, harren bern en (skoan) heit likefolle wensplesier ta as wij dat hân ha. De hertlike groetnis fan Gerrit Reitsma & Marianne Eringa. Ek nammes Yeb, Leandro en Ayanle. Hoe sit it einliks mei toaniel? De ôfrûne twa jier ha wy al in pear kear fersuchten: “We nimme it mar sa’t is.” Twa kear mei faasje de repetysjes ynsetten en twa kear wer stoppe moatten fanwegen koroana. It hat in soad enerzjy koste, mar úteinliks nimme wy it sa’t is. Fol goeie moed ha wy ús op in nei toaniel seizoen taret. De tiid hat yntusken net stil stean; misken bin trochgean mei har persoanlik libben. Sa komme wy oan in oare gearstalling fan de spilersploech en starte wy mei in neie regisseur. Op it stuit dat wy dit skriuwe ha wy in nei stik útsocht wêrby wy de spilers hast rûn ha. Yn septimber starte wy mei in leuke ploech die útdage wurdt om hun siel en silligens yn te setten foar har rolfiguer. As dat slagget is altyd wer ôfwachtsjen, mar jimme kinne it -as alles mei sit- mei jimme eigen eagen sjen op 17 en 18 maart 2023! Wa d’r wol iens oan tinkt om ek es mei sa’n ploechje spilers mei te dwaan: lit it witte oan ien fan ús, dan kinne wy dêr rekken mei hâlde. Út namme fan de toanielferiening Nim it sa’t is Fred Dijkstra, Laura Margje Fopma, Ronald Postma en Thea Metz Nederlands Kampioen dressuur in Hinnaard! Op de Hippiade ‘22 van 16 augustus jl. werd ruiter Thea Dijkstra (Hinnaard) Nederlands kampioen Dressuur L2 met haar Friese hengst Harm fan de Koldenhool (Michiel 442). We zijn als inwoners van de vier dorpen supertrots op deze unieke prestatie. Een volgende Diggelfjoer volgt een uitgebreider interview met Thea. Thea, van harte gefeliciteerd met deze topprestatie! 26

27 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication