Nijs fan keatsferiening Itens e.o. Wat in prachtige keats-simmer ha wy hân. Sawol foar de keatsers as it publyk wie d’r genôch om fan te genietsjen. Hiel Fryslân stiet op de fjilden om in baltsje te slaan, en elk op eigen nivo. Sa ha wy fansels de Freule en PC, mar binne d’r ek mear as 100 bern nei Itens kaam om te keatsen op ús federaasjeparty. Moai om te sjen dat it spultsje noch altyd libbet. Ek de leden komme graach nei it keatsfjild fan Itens. Alle wiken wurdt d’r kompetysje keatst en dat giet sawol om’e 7 punten as om it gesellich ha mei us allen. De kompetysje is ek in moai momint om te oefenjen foar de ledewedstriden. Sa hiene we it pearkekeatsen, teatsen en fansels it feestkeatsen. Foar alle winners fan’e partijen kinne jo te plak op de sosjale media fan KF Itens. Nijsgjirrich om yn’e gaten te hâlden foar it lêste nijs. In spesjale fermelding foar alle winners fan it teatsen, it keatsspul mei in racket. De sponsor fan de wedstriid gong mei de priis nei hûs. Tige spannende partijen, sawol bij de senioaren as de jeugd. Jeugd: 1ste priis :Jort & Judith 2e priis: Sybren Froulju: 1ste: Jannie & Marije 2e: Marijke & Jolanda Hearen: 1ste: Gerard & Hindrik 2e: Sybren, Jesse & Tim Stadich oan rint it seizoen nei it ein. Op momint fan skriuwen stean d’r noch in pear 39
40 Online Touch Home