Tonny Koldijk– Rosbergen Troch Watse Underweis earne yn Switserlân lêst Roelie my ynienen in berjocht foar dat troch Hiske Koldijk pleatst is op social media. Sy skriuwt dat har mem Tonny dochs noch frij hommels ferstoarn is en dat sy in dei letter ôfskie fan har nimme sille. Ik skrik dêr bot fan, want ik hie gjin idee dat Tonny har sûnens efterút gie. Sterker noch, ik hie my koart dêrfoar noch foarnommen om Tonny gau wer ris op te sykjen en oer har in stikje te skriuwen yn de rubryk: "Hoe is it no mei...?". De frou fan. Al dy kearen dat ik Germ sprutsen ha, wie sy dêr fansels ek. Ik wie by harren beide op besite en altyd wolkom. Tonny hie altyd in goed sin en wie ek altyd belangstellend nei my en myn húshâlding. Wylst ik mei Germ yn petear wie, soarge Tonny foar kofje mei wat lekkers derby. Eat wat har troch eardere tia's of beroertes in protte muoite koste. Sy die it en sette troch mei fleur en mei har eigen typyske humor. Soms, as Germ situaasjes beskreau dy 't ek sy meimakke hie, barde it wolris dat sy dêr in opmerking by makke. Omdat sy it bygelyks oars belibbe of ûnthâlden hie. Dat liede Germ wolris ôf of soarge foar in lichte yrritaasje tusken syn wynbrauwen. Yn it lêst fan Germ syn libben soarge hy der dan wolris foar dat wy nei de kofje net mear 'ûnderbrutsen' waarden. Tonny gie dan wat oars dwaan en grypte it momint oan om, net hielendal nei de sin fan Germ, in pear sigaretsjes te smoken yn de oare keamer. Of om te wurkjen oan ien fan har plakboeken. Boeken fol, dy’t sy makke foar har bern en miskien ek wol om har eigen ûnthâld op de rit te hâlden. As ik no de ferhalen fan Germ werom lês, wittende dat Tonny der net mear is, set it sommige fan Germ syn aventoeren yn in oar ljocht. Want as frou fan de leginde hiene jo soms wol in tsjokke hûd nedich. Germ soarge der wol foar dat hy oan syn fersetsjes ta kaam. Troch harsels soms fuort te siferjen en Germ ta op sekere hichte gewurde te litten, koe hy op aventoer en sadwaande útgroeie ta pleatslike leginde. Mar wie dat ek slagge sûnder Tonny? In grut part fan Germ syn legindaryske status tanke hy, om’t er nei it fersoarchingstehûs yn Wommels ta ferhûze wie, mar nei in lyts jier it beslút naam om wer 'op himsels' te wenjen en werom te gean nei Itens. Mar it wie net Germ mar Tonny dy't dêr yn Wommels net aardzje koe. It wie Tonny dy’t perfoarst werom woe nei Itens! Doe’t harren lettere hierhûs yn Itens frijkaam, skille Tonny mei de wenningbouferiening. Tonny sei dêroer: “Ik heb ze gebeld en gezegd: “Ik wil het wel huren.” “Wol jo man dat dan ek”, kreeg ik te horen. Toen heb ik gezegd: “Maakt mij niet uit. Hij kan mee als hij wil, maar IK wil het graag huren!”. Miskien wie Tonny dus wol hast like legindarysk as Germ en koe Germ útgroeie ta leginde, omdat hy de man fan wie! Rêst sêft Tonny. En Keimpe, Hiske en fierdere famylje winskje wy fansels alle sterkte ta. 41
42 Online Touch Home