7

as it útsiikjen fan in hûne-namme by ús yn’e famylje... Beide binne kwetsber, de boeren en de natuer. Foar beide jild: at se fuort binne komt it miskien wol nea werom. Wy libje yn de prachtige Greidhoeke, in plak wêr de grûn eins te min is foar bouboeren, mar al desennia gers floreert. Hoe moai is’t dat ús Fryske kij fan dit gers in heechweardich produkt meitsje kinne, sa as fleis en molke? Mar by de Greidhoeke tinke we fansels ek oan de greidefûgel, dêr giet it spitich genôch net sa bêst mei. Troch skaalfergrutting en mear predaasje fan rôfbisten geane in protte nêsten ferlern. Wy moatte sjen dat we alle noazen wer wat deselde kant út krije, want wy kinne net sûnder inoar, de natuer en boeren gean hiel goed hân yn hân. Ek as ik sjoch nei de ynset fan boeren, in plasdraspomp docht soms al wûnderen, of sy geane wat letter meanen, sadat de fûgels rêstich briede kinne. Mar is’t genôch? Lit wy it hoopje. It soe dochs machtich wêze as der mei it 200 jierrich jubileum fan KF Itens (it jier 2122) noch altyd skriezen rinne om de doar by minsken fan’e fjouwer doarpen, by de boer yn’t lân. Sels mei ik graach efkes in loopke nei Skrok of Skrins dwaan om te genietsjen fan de fûgels dy’t dêr omspane. Ús heit en mem wenje yn Wommels oan de râne fan it doarp mei sicht op Skrok. Yn febrewaris fiere wy ús mem har jierdei en it kin dan mar samar wêze dat de skriezen dan werom komme út Afrika. Ek dit jier wie dit sa en dan rin ik efkes mei de kiker nei de fûgelhutte. Neist it sjen nei fûgels is ek it belang fan de neisoarch grut. Tegearre mei de boer sjen wêr as de fûgels sitte en wat we dwaan kinne om se te beskermjen. Neist dat dit wat opsmyt foar de fûgels is’t foar de neisoargers faaks in sosjaal momint om mei je neisoargfreonen yn petear te gean oer allerhanne saken yn’t libben. Monnig praat (froulju binne ek wolkom by de fûgelwacht!) oer fuotbal, keatsen, Max Verstappen en fansels de natuer. Sa wie it fansels de simmer fan de drûchte, en dat hie ien fan de neisoargers syn beppe al foarsein. At dat no komt troch de leeftiid (84) en ûnderfining as foarútsjende krêften litte we mar yn’e midden. Mar mei har útspraak: ‘we krije gjin wetter’ siet se net fier mis... In oar fenomeen wêr't jo fan op oan kinne neffens de âlde garde binne de hûnsdagen. Dit is de perioade fan’t jier dat de stjêr Sirius fan it stjerrebyld ‘de Grote Hond’ net te sjen is yn’e moarntiid. Rûchwei rint dit fan 20 july oant 20 augustus. Offisjeel hat it (noch) gjin erkenning mar der wurdt sein as de hûnsdagen drûch en waarm begjinne, jo dat waar de hiele perioade fêsthâlde. No dat wie dit jier dúdlik it gefal. Mocht 7

8 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication