Burendag op 24 septimber fan “Itens Midden” Troch Anke, Immie en Agatha Wat ha we it prachtich troffen mei it waar op dizze moaie neisimmerdei foar de “Burendag” op de pleats fan de famylje Strikwerda oan de Heardeyk. Wat binne we dêr gastfrij ûntfongen! Middeis wie der al in ploechje dwaande om alles klear te setten, je komme sa fuort al meielkoar yn’e sfear. Yn de gesellich oanklaaide Golle koenen we in bakje koe drinke fan ien fan de sponsers (DE) fan it Oranje Fonds. De spultsjes fan it “Alvestêdensirkwy” hie Sybren klearsetten yn de skuorre en bûten stie der in springkessen foar de bern. Sa rûn 16.00 oere kamen de buertbewenners ( 42 folwoeksenen en 16 bern, in prachtige opkomst!) it hiem oprinnen. Anke ferwolkomme elkenien, we koenen earst in oantal dingen meielkoar beprate en doe los mei de spultsjes. Der waard fanatyk striden foar de punten, moai om te sjen hoe’t jong en âld hjir oan mei dienen, elk op syn eigen wize. En der is fansels omraak gebrûk makke fan it springkessen troch de bern. Dan krije je wol sin oan wat, gjin noed, de bbq gong oan en de mannen soargen der foar dat de boardsjes fol kamen. Der wienen hearlike salades klearmakke, elk liet it him tige goed smeitsje. Gesellich meielkoar in praatsje meitsje, hiel ûntspannen allegearre. By spultsje dwaan hearre ek pryskes, al is it mear foar de ear. Hester hie krekt wat mear punten as Else, dat de famylje Zeinstra foel by de bern yn’e prizen. Se mochten fierder allegearre wat útsykje. Anke wûn de earste priis by de folwoeksenen mei as goede twadde Miranda Zijlstra. By de houtkachel ha we noch lekker waarm sitten en efkes neipraten, de lêste woarstjes op de bbq. We kinne mei in goed gefoel werom sjen op dizze “Burendag”. It soarget foar ferbining sa yn ús buertsje! 10
11 Online Touch Home