15

Douwe: “No wy ha gjin geheimen hear, dus do meist om my alles wol opskriuwe”. Dat is moai. Mar hjir steane 64 dielnimmers, jimme sille dochs wat dwaan moatte om jimme te ûnderskieden fan al dy oaren? Douwe: “Ja, mar wy sykje dat net yn alderhande guod wat sommigen yn harren tonne smite. Wat dat oanbelanget binne der hjir ek net safolle dielnimmers dy’t echt meidogge foar it goud. De grutste winst sit him yn it gebrûk fan skjinne iel. Dêr mei beslist gjin restje bloed of sokssawat mear útkomme, neidat sy rikke binne. Dan wurdt dyn iel fuortdaliks oan de kant lein. Ik ha hjoed sels ien sjoen dy’t mei in wattestokje dwaande wie om de holte efter de kiuwen goed skjin te krijen”. Ik sjoch efkes nei de kreamkes om my hinne en sjoch dat Douwe wolris gelyk ha kin. De favoriten ha allegearre wol faker as ien kear wûn en litte harren eardere suksessen sjen mei spandoeken en bekers op harren kreamke. In inkeling lit sels sjen hoe faak hy twadde of tredde wurden is. Ek ús eigen Rienster Rikkers hearre wis en seker by de favoriten. Yn 2005 en 2016 giene sy mei de titel der fan troch. Mar yn harren gefal stiet dêrfan gjin blikken beker op de toanbank, mar hinget der in fraai houten boerd oan de kream mei dêrop de beide titels. Douwe en Paul binne dwaande om de iel oan in priem te riigjen. Mar de ielen dêr’t sy mei dwaande binne, blykt net de iel te wêzen dy’t aanst ynlevere wurdt by de sjuery. Dit is de iel foar de hannel. De wedstriid-iel sit yn in spesjaal ammerke. Paul lit se oan my sjen en Douwe fertelt it ferhaaltsje derby: “De iel dy’t wy hjir ferkeapje komt út de Iselmar, mar de iel dy’t wy aanst ynleverje foar it kampioenskip is kweek-iel. Persoanlik fyn ik de iel út de Iselmar krekt wat lekkerder, mar dy krije jo nea sa moai skjin as de kweek-iel.” Paul lit de binnenkant fan de wedstriid-iel sjen en yndied, dy is sa wyt as snie. Douwe: “Mar dy taktyk is by de measten hjir op it ild wol bekend.” Wylst Paul de wedstriid-iel ek oan de priem docht, falt my noch in bysunder detail op. Dizze wedstriidieltsjes ha allegear in stik blik yn ’e snút mei dêrop in nûmer! Douwe: “Ja, sûnt in pear jier is alle iel dy’t ynlevere wurdt by de sjuery foarsjoen fan in blikje. Dêrop stiet it nûmer fan de dielnimmer. Allegearre om fraude foar te wêzen. “ Mei in knypeach fertelt Douwe fierder: “Neffens my is it mei troch ús súkses kommen. Yn 2016 waarden wy net allinnich earste, mar ek twadde en fiifde. Doe rôpen sommigen dat wy wol út ien en deselde tonne wei rikje moasten. Oars koe dat nea, neffens dizze gelearden. Dat wie fansels net sa, mar sûnt dy tiid ha wy al mei dy blikjes te krijen.” Yn it rekje hingje ek wedstriidieltsjes mei in blikje yn ‘e bek. De beker! As ik it goed ûnthâlden ha, hiene jimme ek hast altyd de priis foar it moaiste gehiel. Is it net? Douwe: “Ja, dat wie elts jier hast fêste prik, dus doe is de organisaasje der mar mei ophâlden. It waard doe earst in priis foar de moaiste tonne, mar dy wûnen wy ek en no is der in ekstra priis foar de bêste lokale dielnimmer. Dus wat dat oanbelanget hat de organisaasje der no foar soarge dat wy yn elts gefal útsluten binne fan dielnimming." Ik meitsje in slach om it ild, lâns de oere dielnimmers en kom ta de konklúzje dat 15

16 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication