Paul makket it seachsel earst noch efkes wiet mar by Douwe sjoch ik dizze taktyk dan wer net. Wylst de ielen rikke wurde is der foar my wol tiid om noch in rûntsje oer it ild te meitsjen. Lykas by de Riensters sit elkenien op in termometer te sjen of mei de hân te fielen oan syn tonne. “As ik de tonne krekt 5 sekonden daaie kin dan is it goed, oars is de tonne te waarm of te kâld”, fersekeret ien fan de dielnimmers my. It falt my op dat elkenien wol tiid hat foar in koart praatsje. Sa is in oare dielnimmer mei syn hiele húshâlding ôfreizge. Syn soan en syn beide dochters ha lykas himsels allegearre in tonne foar harren stean. It is in wedstriid binnen in wedstriid en de man yn kwestje genietet sichtber fan syn bern. Wat entoeraazje oanbelanget falt der neffens my noch wol wat te winnen. It dekôr is net folle mear as in stik lân mei in protte rikjende tonnen en hjir en dêr in tintsje. Ik sjoch it al foar my dat soks ek prachtich stean soe yn Rien. Mei de tonnen op ’e kaai en op de Kamp en de tinte op de iisbaan. De minsken soene der prachtich moai in rûntsje bylâns rinne kinne. Mar dit hat ek wol wat al ha ’k healwei myn rûntsje al gelok, as ik krekt op tiid in koweflaai foar my op de grûn ûntwike kin! By de konkurrinsje kom ik ek de earste geheime yngrediïnten tsjin. Jeneverbeien! Ien dielnimmer swart by in hantsjefol fan dizze beien mar syn maat moat der dúdlik neat fan ha. “Moat der wer in hân fan dy rommel by jong?,” freget er. Mar it meast nuvere yngrediïnt wat ik op myn rûntsje tsjinkom is wol fan in dielnimmer út It Bilt. Hy hat de jûne hjirfoar blykber oan de buorrel sitten en hat doe in ynjouwing krigen! Hy goait de skilen fan syn pistasjnútsjes by it oerke yn syn tonne! As ik myn spionaazje rûntsje ôfmakke ha en ferslach útbring by Douwe en Paul witte sy ek net wat se heare. “Pistasjnuten? Dy is gek!” Mar tidens myn ôfwêzigens, merk ik dat by de Riensters dochs ek de trúkdoaze iepengien is. Paul lit my rûke oan in pear lytse potsjes mei dêryn spesjaal hout. It iene hout hat fan himsels al de geur fan’t rikjen en it oare rûkt nei apel. Ek sjoch ik no ynienen stikjes turfmot njonken harren tonne lizzen. Noch efkes en de iel kin út de tonne. Tegearre mei Paul eagje ik it ild oer en besjogge wy it folk dat oan ús foarby rint. Paul: “Je kan hier wel de hele dag mensen kijken. De ene is nog mooier als de andere”. Dat wie my yndied ek al opfallen. Hjir rinne in protte typyske minsken om. Libbensgenieters mei in sjekje yn ’e mûle en Scherjontsjes oan de fuotten. In pear Hollansk pratende toeristen, mei tige kleurige klean, binne hjirre de frjemde einen yn de fiver. In protte minsken hawwe neffens myn persoanlike oertsjûging ek noch nea in sportskoalle fan binnen besjoen. In net al te sûn eagjende man meldt him al betiid by Paul. Hy is ûnder begelieding fan oaren en mei help fan in skootmobiel it lân opriden en reservearret alfêst 6 grouwe ielen by Paul. As de man yn kwestje wer ôfsetten is binne Paul en ik it der wol oer iens dat wy mooglik te meitsje ha mei immen dy’t dwaande is om syn bucket-list ôf te wurkjen en lang útsjoen hat nei dizze dei. Dielnimmers út de stêd binne hjir mar in bytsje. Fierwei de measten komme út plakjes as Feanwâlden, Garyp, Twizelerheide en Aldwâld. Mar der binne ek in hiele 18
19 Online Touch Home