2

Op de foarside Douwe van der Weide en Paul de Bruin alias 'De Rienster Rikkers'. Se dogge mei oan de wedstriid fan 't jier en it Diggeloer docht ferslach. Hinnaarder feest(je) sneon 10 septimber Troch Esther It is op in simmerjun yn juny dat in groepke Hinnaarders tsjin elkoar sizze dat it tiid wurdt foar wer in Hinnaarder feestje. We ha al in pear jier elkoar net treffe kint troch corona en d’r binne yn de tuskentiid in soad nije Hinnaarders by kommen. Gewoanwei organisearre we ien kear yn de twa jier in Hinnaarder Feest, mei keatsen en spultjes yn it lân fan ien fan de Hinnaarders, mar it Doarpsfeest fan de ouwer doarpen fan dizze simmer wie fansels net te oertreffen. Wy sette foar it earst útein mei in lyts Hinnaarder feestje by it Klokhûs, wêr’t moetsje en groetsje sintraal stiet. Op 10 septimber koartlyn wie it safier. De lampkes fan Johannes en Hilda Visser binne út de tún fiske fan Sybren en Elbrich, dy’t harren brulloft d’r mei opfleurden. De flachjes rûnom it klokhûs wurde ophongen. De irtich jier âlde iiskast fan Jan en Immie Kamstra komt út de loads fan Albert Jan foar it kâldhâlden fan it bier en de wyn. En dan kinne wy los! We spylje spultsjes, ite mei elkoar de quiches en salades dy’t eltsenien meinommen hat en heare nei de Fryske ferkses en gedichten fan Hinnaarder Janny de Boer. Âlde ferhalen oer it Hinnaarder feest fan eartiids en nije ferhalen fan de nije ynwenners komme op it kleed. Oan’t ein fan de jûn giet de oerskaal oan en waarmje wy ús by it oer. Wy ha elkoar moete en elkoar groete, wy ha wille mei elkoar, each hân foar de oar. In nije Hinnaarder werinnering makke. It wie 10 septimber noflik op Hinnaard! 2

3 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication