20

protte lokale dielnimmers út Tsjalberd en omjouwing. Ik tink dat it foar my persoanlik ek better is om net te folle reklame te meitsjen foar myn eardere wurk by de plysje. As ik it sa yn skatte moat is net elkenien hjir like wiis mei de oerheid en har fertsjintwurdigers. Ik koe wolris mei ‘pek en fearren‘ fan it ild ôf moatte as sy der efter komme wat myn eardere wurk wie. It is tiid om de iel út de tonne te heljen. De 10 wedstriid ieltsjes komme yn in bakje om te bekommen. De Iselmar iel ferhuzet nei it kreamke fan de rikkers. No’t de ferkeap begjinne kin wurdt de rolferdieling tusken de beide mannen ek wat mear dúdlik. Wylst Paul de ferkeap foar syn rekken nimt en de minsken te wurd stiet, start Douwe de tonne dêr‘t Paul niiskrekt noch mei rikke hat opnij op. It hiele ritueel werhellet him sadwaande. De Rienster Rikkers binne sichtber goed op inoar ynspile. Douwe de technyske alleskinner en Paul de kreative en sosjale allemansfreon, mei in protte humor. Miskien wol in ideale kombinaasje. As ik harren relaasje fergelykje mei in houlik, komme ek de grappen wer foar it ljocht. Paul: “Huwelijk! Nou dan wel een erg slechte. Wij zien elkaar soms weken niet en als wij bij elkaar zijn, zeggen wij soms urenlang niets tegen elkaar.” Ek Douwe fynt it in striemin houlik. Letter op ’e middei sille Paul en Douwe elk harren wedstriid-ieltsjes keure en út de 10 ielen dy’t sy beide ha, elk 5 útsykje en ynleverje yn in ûnwerkenbere doaze fan pypskom. Njonken de iel komt der ek in slúfke yn dizze doaze mei dêrop harren namme en nû. De sjueryleden beoardiele de iel dus sûnder te witten wa’t de rikker is. Sy beoardiele de iel op kleur, geur, skjinnens en fansels op smaak. Foar dat lêste binne sels dûbele punten te krijen. Mar ik ha hjoed gjin tiid om de útslach ôf te wachtsjen. Dy wurdt ek pas om in oer as 18:00 ferwachte. Mei in pûntsje waarme iel ûnder de earm gean ik op hûs oan. Thús binne wy it der gau oer iens. Kampioensiel! Mar de sjuery hat blykber earne in pear preaun dy’t noch krekt wat lekkerder wiene. Fan de 64 dielnimmers einiget Douwe op it irde plakje en Paul op it fiifde. Allebeide dus wer yn ’e prizen! Wa’t nijsgjirrich wurden is moat takom jier sels mar ris yn Tsjalbert sjen. It is seker de muoite wurdich en wa wit presteare ús lokale helden noch krekt wat better as der supporters mei spandoeken oan de kant stean te razen. Hjir njonken kinne jimme it sjueryrapport fan de beide mannen noch werom lêze. 20

21 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication