41

en tocht, ik doch it mar net. De earste klasse keatspartij wie eins ek echt myn partij. Dan regele ik eartiids altyd de tsiis en woarst. By in tsiisboerke kocht ik in hiele Goudske tsiis en by in slachter yn Warkum helle ik 50 drûge woarsten. De jûns foar de wedstriid snijde ik alles yn stikjes en dan op de dei sels de hiele dei mar útdiele. Sels wie ik wat keatsen oanbelanget beslist gjin topper. Wat feestkeatse en mei bûkelje. Doe’t ik op myn 57 stoppe mei wurkjen, waard ik frege oft ik by SDS wat helpe koe. Ik ha der úteinlik mear as 10 jier kantinebehear en materiale-man west en ek in moaie tiid hân. Hoe komst no de tiid troch? “Radio! Dy stiet hjir sawat dei en nacht oan! Ik lústerje de hiele dei nei Omrop Fryslân en hoech sadwaande nea fan sinder te wikseljen. De telefyzje ha ’k fansels ek wol oan, mar mei myn minne sicht is dat net ideaal. Fierder komt myn âldste dochter Roely elke wike in kear del en ik gean ek altyd nei ûnderen ta om te iten. In protte bewenners ite tsjintwurdich op harren eigen keamer, mar ik net. Mei moai waar mei ik ek hiel graach bûten sitte. Ik wol sa bêst 100 wurde.” Wat wie dyn moaiste tiid yn Itens? “Doe’t ik frij-man wie mar simmerdeis noch wol oan it wurk wie by Jan Rip. Ik wenne krekt op it streekje by famylje de Boer en Boonstra. Dat wie o sa gesellich en myn aldermoaiste tiid.“ Ik sil op hûs oan en Sjouke draait op gefoel in nij sjekje. “Want dat moat al trochgean”, sei’t er as ik de doar útgean. Bûten sjoch ik noch in kear efterom nei it rút dêr’t hy efter sitte moat. Hy sjocht it blykber noch goed genôch, want syn hân giet fuortdaliks omheech. Jimme krije allegearre de groetnis fan ‘mister Itens’, Sjouke Sjoukema. Hy wennet yn keamer 206 en de doar is wol iepen. Altyd wolkom! Nieuws van FDD Wij zijn weer los! Intussen heeft FDD haar eerste activiteit al weer georganiseerd, de kinderknutselmiddag. Op woensdag 12 oktober was het zover, de kinderen konden eindelijk na bijna 3 jaar weer eens knutselen in het dorpshuis. Wat was het weer ouderwets gezellig en wat hebben jullie een leuk herfststukje gemaakt, op zaterdag 10 december zijn jullie weer welkom voor de volgende knutselmiddag! NB: noteer ook alvast 7 januari in de agenda, dan organiseren wij weer de Winterwille. Samen met andere inwoners van de 4 doarpen stamppot, snert en toetjes eten in het café/dorpshuis tegen een betaalbare prijs. Meer hierover in de volgende dorpskrant. 41

42 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication