Iepen Kafee Op freed 30 septimber binne we wer útein setten mei it earste Iepen kafee. In pear jier lyn binne we hjir mei begongen as in soarte fan “vrijdagmiddagborrel”. De wike ôfslute mei in potsje biljerte, kaarte, spultsjes dwaan, in drankje derby en sa gesellich wat byprate. Germ Koldijk en oaren woenen graach bûten it ferieningsferbân ek gebrûk mietsje fan it doarpshûs.. En by in drankje smakket in hapke fansels ek goed, Fred Dijkstra mei graach iten siere foar in grutte groep minsken en sa is dit fierder útgroeid ta it Iepen Kafee. Je kinne fansels ek gewoan delkomme foar allinnich in drankje, de Kafeedoar stiet foar elkenien iepen. We wikselje it wat ôf mei in simpele hap en in meargongen miel, fersoarge troch Fred. Dizze kear hienen Bouwe Jan en Fokje in lekker kopke sop makke mei in broadsje kroket der by. In moai ploechje hat hjir tige fan genoaten. En… dit is noch mar it begjin. Foar dit jier kinne jim de folgjende data alfêst ynÕe agenda sette: Sneon 25 novimber, in simpele hap Sneon 17 desimber, in Krystdiner Tongersdei 22 desimber, in Krystdiner foar âlderen (spesjale útnoeging hjirfoar folget noch) Foar elk iepen kafee kinne jim op de website sjen en dêrmei ek yn de wyklikse nijsbrief lêze hoeÕt jim jim hjirfoar opjaan kinne. Tel. 0641111094 of maile nei bouwejanhuisman@home.nl Wolkom yn “de Lytse Fjouwere” by it Iepen Kafee! Bouwe Jan, Fokje, Fred en Marja, Immie, Trees, Sippy en Agatha 45
46 Online Touch Home