21

Krystdiners fan it Iepen Kafee We kinne weromsjen op twa tige slagge krystdiners yn de sfearfol fersierde “Lytse Fjouwere”. Wat wie it fijn om nei de ôfrûne “coronajierren” dit wer organisearje te kinnen, mei dizze kear as ekstra èn foar it earst it senioare krystdiner. We woenen op dy wize besykje om minsken, dyÕt net sa faak mear yn it doarpshûs komme wer ris oer de drompel hinne te krijen en dat is goed slagge. Sa mochten we yn totaal saÕn 70 doarpsgenoaten fan ferskillende generaasjes wolkom hjitte en wat hat elk him/har goed fermakke. Sneon 17 desimber ha de bern oanÕt knutseljen west, meielkoar in krysthúske fan sûkelade yn elkoar sette, spultsjes dien en prachtige kaarten makke, de âlders koenen sa relekst byprate en in drankje dwaan. Tongersdei 22 desimber moeten de âldere ynwenners, de measten nei lange tiid, elkoar wer. No dat wie te merken, praat genôch en wat in wille! De buormannen Jan de Boer en Sjoerd Boonstra ha harren sels noch weage oan it sjoelen. Behoarlik fanatyk as fanâlds, gelokkich wie it in lyk spul. Dit alles foar en tusken de gerjochten troch. Wat hat Fred him wer útlibje kinnen ynÕe keuken, bystien troch syn keukenbrigade! It fjouwergongendiner, hy draait er syn hân net foar om, waard moai presenteard op de tafels brocht. Oars net as kompleminten fan ús gasten. “Dank. Graag deen. Ken wel weerus”, seit Fred. Tusken elke gong troch moast er in spylkaart lutsen wurde om sa mei it bestek en servet ynÕe hân nei in oare tafel te ferhúzjen. Sa hienen je elke kear wer oare tafelgenoaten om mei te praten en te iten. Der wienen guon by dyÕt wolris in bytsje falsk spilen, mar och, dat wie no net sa slim. Der wie in sfear fan ferbining en gesellichheid, wy ha der self ek tige fan genietsje kinnen. It wie wat lytsskaliger en dat hat ús goed foldien. De kommende moannen binne der in hiel soad aktiviteiten yn it doarpshûs û.o. muzykjûnen en wer in fol programma fan FDD, dat wy sette it Iepen Kafee foarearst efkes op in leech pitsje. Miskien yn gearwurking mei de âlderen aktitviteiten fan FDD? We litte it jim wol witte yn Diggelfjoer of op de website. Tige tank foar jim kommen, we hoopje elkoar yn 2023 wer te moetsjen yn “de Lytse Fjouwere”! Fred en Marja, Bouwe-Jan, Fokje, Immie, Sippy, Trees en Agatha 21

22 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication