SEBEARE NIJS: NIM IT SA IT IS HAT NIJE STIPER! Kom yn’e kunde mei: Meulenmeester’s Ynterieur (deeglik as Oisterwijk) Yn dizze minne tiden is ‘Nim It sa ‘t is’ tige wiis mei in nije stiper. No hat sa’n stiper fansels ek wat ferwachtings fan ús as toanielselskip en dêrom bringe wy dit moaie famyljebedriuw graach by jimme ûnder de oandacht troch in fraachpetear mei de oprjochter: Chris fan der Meulen. Gelokkich hie syn sekretaresse ús ôfspraak net fergetten en sieten wy mei in lekker bakje koe neist Chris op de praatstoel: “Ynkoarten hoopje ik 75 jier te wurden, en dêrom bin ik dwaande ús famyljesaak goed efter te litten. En dêr wol ik ek de mienskip yn belûke en dat doch ik troch it materiaal te skinken foar it ynterieur foar de kommende útfierings fan dit al mear as hûndertjierrige toanielselskip.” No dêr binne wy as toanielselskip tige wiis mei, mar no as jo sa âld binne, hoe sit it dan mei de kontinuïteit fan it bedriuw? Hoe giet it fierder as jo der net mear binne? “Doe’t ik mei dit bedriuw begûn, hie ik trijehûndert gûne, in hânkarre en in goed wiif. En yn’e rin fan ‘e jierren is jild devaluearre, de hânkarre hat it bejûn, en myn Anna, ach, myn Anna dy is hinnegien. Allinne har namme, Anna Meester, libbet troch yn it bedriuw. ‘Meulenmeester Ynterieur’, Meulen dat bin ik, Meester dat is sy en dat wie sy. En ik bin der wis fan dat sy mei my sizze soe: Lit Jaap fan ús Riny it bedriuw fierder liede en behâlde foar de kommende generaasjes. Dus myn skoansoan nimt it ynkoarten fan my oer, want Meulenmeester Ynterieur bliuwt in bedriuw mei takomst!” NIM IT SA IT IS IN FAMYLJESAAK No, dat is al in soad frije publisiteit foar in stiper dy’t it jild noch oermeitsje moat, tocht ik sa. Mar Chris fersekert dat it allegearre goed komt. Dat hat ‘Nim it sa ’t is’ der ta brocht om de gearwurking noch wat yntimer te meitsjen. Wy hawwe ús útfiering dit jier hielendal ynspirearje litten troch Chris syn ferhaal en dit hat as resultaat it stik: IN FAMYLJESAAK dit jier spile wurde sil troch Toanielselskip ‘Nim it sa ’t is’. Wy drinke ûnderwilens noch in bakje mei Chris en hawwe it der noch efkes oer. Graach sjogge wy jimme op 17 as 18 maart yn it doarpshûs; “Net stinne mar derhinne” sa at in oare ferneamde direkteur altyd rôp. Toanielferiening Nim It Sa It Is Andele, Fred, Ronald, Thea en Laura Margje Dus ek foar jimme aginda alfêst handich om te witten dat de útfierings binne op 17 en 18 maart yn it doarpshûs “De Lytse Fjouwere” yn Itens. 26
27 Online Touch Home