3

It koe noch krekt! Troch IIsklup ‘Eensgezindheid’ Rien e.o. It wie net foar it earst mar wy kinne it ús hast net herinnerje: de iisbaan iepen yn desimber? Dochs kinne wy dat yn 2022 wer yn ‘e boeken skriuwe want it koe noch krekt! De froastperioade hie net in dei minder duorje moatten mar snein 18 desimber koe de baan dochs de hiele dei iepen. Bysûnder wie by dizze froastperioade dat der hiele grutte ferskillen sieten yn de temperatueren. Dêr’t it op guon plakken wol -8 wie, kaam it op oare plakken net fierder as -1. Yn Rien wie der alle nachten dan ek net sprake fan krêftige froast en dat is fansels wol nedich om it iis oangroeie te litten. Snein 18 desimber koe it noch moai: de baan iepen. It iis wie sa glêd as in spegel, seker fergeleken mei twa jier werom. De hiele dei troch ha der moai wat iisleafhawwers fan de baan genietsje kind. Prachtich dat der ek in protte bern op de baan te finenen wiene! Wannear’t der iis leit moatte jo as iisklup der fansels by wêze, dat jûns is der knobbeljen organisearre. Fijn dat wy altyd op in tal minsken rekkenje kinne om ús hjirby te helpen. Foar wa’t net bekend is mei knobbeljen: in spul op it iis dêr’t net automatysk de bêste rider wint, mar de rider mei it measte gelok. Der stean 6 tafels mei de nûmers 1 o/m 6, de dielnimmers krije in stimpelkaart. It doel is om by eltse tafel mei in dobbelstien it nûmer te dobbeljen dat op de tafel stiet. Ien kear besykje.. en dan wer troch. Immen mei in hiel soad gelok hoecht mar 1 rûntsje te riden, mar dat ha wy noch nea meimakke! De riders dy’t as earste harren stimpelkaart fol hawwe binne de winners fan it spul. Utslach knobbeljen bern: 1. Hylke Strikwerda 2. Jort Kronemeyer Utslach knobbeljen âlderein: 1. Julia Bouma 2. Miranda Zijlstra 3. Thys Strikwerda Fansels hoopje wy dat kening winter begjin 2023 nochris delkomt! IJsbaan-Wetenswaardigheden Wisten jullie dat de ijsbaan wel 4 grondeigenaren heeft? Zij stellen jaarlijks hun land beschikbaar zodat er een ijsbaan kan worden gecreëerd: Sip Eekma, Jos van der Woude, Jan Spannenburg en Harm de Vries, daar zijn we erg blij mee! Bovendien is Harm de Vries onze hofleverancier voor stroom zodat er ook in het donker kan worden geschaatst! 3

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication