40

It ouwerkant is eins in rjochthoekige balke konstruksje dy’t it boppeste diel fan de brêge foarmet. As jo meikoarten wer ris oer de brêge ride stopje dan mar ris flak foar’t jo de brêge opride en sjoch dan omheech. Dan kinne jo it ouwerkant lizzen sjen en moatte jo der by betinke dat foar 1984 de hjoeddeistige stielen brêge noch fan hout wie. It boppeste ouwerkant bestie doe noch út in houten balke dy’t rûnom sa 'n 10 sintimeter breed wie. No is smoken op himsels besjoen al deadlik genôch, mar dizze weachhals klom nei boppen en rûn it ouwerkant yn it rûn foar ien pakje sigaretten. Ik sjoch it foar my en tink deroan wat der allegearre barre kinnen hie. Ik nim mar oan dat de jonge yn kwestje al syn sigaretten efterinoar opsmookt hat om sa fan syn gefaarlik aventoer te bekommen. No tinke jo miskien dat elkenien yn Rien dizze jonge weachhals fuortdaliks foar idioat ferklearre, mar ek dat wie net it gefal. Der wie sels ien dy’t it best in goed idee fûn! De jonge weachhals yn kwestje hie yn it doarp nammentlik in fêste maat dy’t tagelyk ek syn grutste rivaal wie. Sy wiene fan it type dat sy net mei-inoar mar ek net sûnder inoar koene en yn it foarste plak beslist net foar inoar ûnderdwaan woene. Doe’t syn rivaal seach dat de stunt slagge wie en in pakje sigaretten opsmiten hie, sluet hy fuortdaliks ûnder deselde betingsten deselde weddenskip ôf. In pear minuten nei syn maat rûn ek hy it ouwerkant boppe-op de brêge yn it rûn! Ik ha efkes socht nei wat de wearde wie fan in pakje sigaretten yn 1948. Dat moat neffens boarnen op it ynternet om ende by 10 gûne sint west ha. Hjoed-de-dei wie dy 10 sint, mei ynflaasje ûngefear 50 euro sint wurdich west. Mear as 1000% safolle, mar lykwols amper genôch om 1 sigaret te keapjen. Miskien wie it yndied dus wol in hiele goede ynfestearring fan de beide jonges. As de ynflaasje op sigaretten itselde bliuwt kostet in pakje sigaretten oer 70 jier mear as 85 euro. Wa wit binne der no wol begjinnende smokers ûnder jimme dy’t oer 70 jier sizze: ‘hie ik yn 2022 mar in rûntsje oer it ouwerkant fan de brêge rûn, no binne de sigaretten net mear te beteljen!” Myn konklúzje? Ynflaasje giet op in del en is blykber fan alle tiden. It is beslist tige ferfelend en ek gefaarlik. Mar net heal sa link as de weachhalzerij yn ’e kroech fan Aalzen de Haan. Foaral foar goudfisken! 40

41 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication