8

Op de beursen rakket Jan in soad oan de praat mei klanten, ferkeapet ‘r kaarten en makket reklame foar syn opslachsystemen. Moai wurk fynt ‘r: “Dat is de sjarme fan myn wurk. Ik mei graach mei oare samlers prate oer ús mienskiplike passy. Eltsenien dy’t nei sa’n beurs komt, hat wat mei it produkt fansels”. Boppedat sit Jan ek yn it bestjoer fan de lânlike kaarteferiening: de NVVP (de Nederlandse Vereniging voor Prentbriefkaartenverzamelaars). Dizze feriening organisearret ek beursen en bringt samlers sa byinoar. Wer bestiet dyn samling no út? “It meast ha’k Hollânske kaarten, kaarten fan wenplakken yn it Hollân fan doe. Ik tink sa’n 50%. Sa’n 25% fan myn kaarten gean oer Fryske plakken en ik tink dat ik sa’n 25% kaarten oer tema’s, lykas bisten, auto’s as oare ûnderwerpen ha. Ik ha sa’n 350 ferskillende tema’s lizzen.” Dizze kaarten fynt Jan sels ek op beursen as hy keapet se fia ynternet of nei in taksaasje: “Soms krij ik in hiele kolleksje oanbean fan ien dy’t stoarn is en dan taksear de kolleksje as per stik. Dan keapje ik se sels yn as ik ha d’r al ien foar.” As ik freegje wat sa’n kaart no kostet, seit er: “Dat ferskilt, mar de priis bliuwt meast tusken de ien en fiif euro hingjen, mar ik ha ek wolris in kaart fan € 425,hân foar in leafhawwer, fan it stasjon fan Aalten.” “Eartiids bestiene d’r net safolle kommunikaasjemiddels en lieten minsken fotokaarten meitsje fan taferealtsjes yn it doarp as de famylje om te ferstjoeren nei kunde yn it lân. Meast makke de pleatslike fotograaf wat foto’s en waarden d’r sa’n 25 fotokaarten fan ôfdrukt. De kaarten út de oarlochstiid 40-45 binne it seldsumst. D’r binne doe net safolle kaarten makke fansels. De priis giet ek omheech ast it seldsume tema’s binne, lykas de Titanic as in bysûnder poststempel as hântekening.” Hast sels wolris in seldsum eksemplaar yn hânnen han? “Net sa hiel faak. Ik soe noch wolris de bysûndere kolleksje fan in fabryksdirekteur ynsjen wolle. Dizze direkteur hat rûn 1910 rom 3200 kaarten nei syn siike dochterke skrean. Dat famke wie siik en siet jierren yn in sanatoarium om op it knappen. Dizze heit skreaun har eltse dei twa kaarten om har op te beuren. Dat is dochs wol hiel bysûnder.” https://www.jboonstra.nl 8

9 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication