Folop aktiviteiten mei FDD (Fjouwer Doarpen Docht) Troch Elisabeth No’t it simmerfakânsje is en in soad minsken der op út binne, is it in moaie kâns om in kear ôf te praten mei de froulju fan FDD. Want al is it no rêstich yn ús doarpen, de FDD klup soarget al hiel wat jierren mei in soad nocht foar allerhande aktiviteiten yn de Fjouwer doarpen. De ôfspraak wie gau makke, mei Sippy (Wiersma), Regina (Hofstra) en Janny (de Boer) op Hinnaard en de rein komt mei bakken nei ûnderen op Hinnaard. De klup is net hielendal kompleet, want FDD bestiet op dit stuit út 6 minsken. Neist Sippy, Regina en Janny, meitsje ek Regina (Wassenaar), Bertina (Schaaphok) en Sanne (Veffer) diel út fan FDD. Moai dat út alle Fjouwer doarpen minsken fertsjinwurdige binne yn FDD! As wy efkes werom geane yn de tiid, komme wy út yn 2011, wannear in klupke minsken út de Fjouwer Doarpen yn juli in Fjouwer Doarpen Dei organisearje. Der binne al in pear jier gjin doarpsfeesten mear west en dizze klupke set de skouders ûnder it organisearjen fan in dei foar de ynwenners fan de Fjouwer Doarpen. Nei ôfrin fan dizze dei smakke it organisearjen nei mear en hat de klup mei wat nije minsken derby besletten om ‘Fjouwer Doarpen Docht’ op te rjochtsjen; een klup, dy’t it hiele jier troch allerhande aktiviteiten organisearret yn ús doarpen foar jong en âld. Sippy is dan ek FDD-er fan it earste oere en is sûnt 2011 belutsen by FDD. Sippy mei graach organisearje en is kreatyf en aktyf. Dit antwurd jouwe ek wat oare leden fan FDD op de fraach wêrom sy by FDD sitte. Allegeare fine sy it aardich om aktiviteiten te organisearjen. Janny en Bertina binne beide ‘relatyf nij’ yn de Fjouwer doarpen en foar harren is it om moai momint om nije minsken te moetsjen en der wat ‘tusken te kommen’. De beide Regina’s en Sanne rinne alwer in pear jier mei en jouwe oan dat sy it moai fine om mei en foar minsken dingen te organisearjen. Neist de fêste klup fan leden binne der ferskillende minsken, dy ’t FDD helpt by ferskate aktiviteiten. Sa is Hilda (Visser) in fêste krêft by it blomskikken, helpt Janny Jaarsma by de Winterwille en is der in wurkgroepke foar de kwisjûn. Ek binne der altyd âlders, dy’t helpe en mooglik ride by aktiviteiten foar de bern. It programma fan FDD rint fan septimber oant en mei maaie en de froulju betinke elk jier wer in nij programma. Dêrby probearje sy foar jong en âld wat aardichs te organisearjen, de iene kear probearje se wat nijs en de oare kear in aktiviteit ‘wegens succes herhaald’. 11
12 Online Touch Home