Poolstory út La France Troch Elisabeth Myn ‘poolstory’ komt dizze simmer út Archachon (la France), wêr’t wy dit jier mei ús húshâlding op fakânsje binne. Wy binne dit jier telâne kaam oan de Atlantische kust, yn de buert fan Bordeaux. In hearlik plak om even ta rêst te kommen nei de drokke perioade foar de simmerfakânsje. Faaks as je mei fakânsje binne, is der tiid en gelegenhyt om ris efkes werom te tinken oan de ôfrûne tiid. In drokke tiid hat it west, mei skoalle, wurk, keatserij en allegear gesellige feestjes. It wie net by it swimbad, dat ik even werom tinke moast oan ús doarpsfeest yn july, mar yn in lyts Frâns doarpke….. Wy kamen tafallich by in ‘broccante’ yn in lyts doarpke oan de kust en ik koe it net litte om der even oer hinne te strunen. Fansels faaks gjin spul te keap wat je nedich hawwe, mar efkes sneupe fyn ik altyd aardich, seker yn it bûtenlân. Alde lampen, boeken, klean en betink it mar, wie dêr te keap. Wy makken in rûntsje en ús jonges hiene allang harren nocht en woenen nei it strân. En sa stuite ik op in doaske fol mei lytse plestik smurfkes! Ik elde de blauwe smink alwer sitten op myn gesicht, yn myn nekke, yn myn earen…. (wêrfoar noch tank oan Rita). It moast fansels werom tinke oan it doarpsfeest en alle moaie dingen, dy ’t wy dit jier wer belibbe hawwe. Sa wiene wy mei ús redaksje fan de Diggelfjoer op freedtejûn in team foar de kwis en ferklaaid as Vader Abraham (typecasted by Hans) en de smurfen. As ik no werom tink oer de ‘lol’ dy’t wy hjirom hân hawwe, foarôf, mei it sminken, mei en nei de kwis, krij ik in grutte laits op myn gesicht. Mar it hiele wykein wiene wy mei ús gesin ‘all-in’ by it doarpsfeest. De ‘voorpret’ begûn al wiken foar it feest, mei it sykjen fan ferklaaiklean foar de muzykkwis, it sykjen fan in team foar de spultsjes en survival, it betinken fan in taart foar de bakwedstriid ensfh… It begûn freed mei de fersiering fan ús buert en de doarpsact en jûns de kwis en de muzyk. Sneons de spultsjes, survival en jûns wer feest mei de band. Snein ús taart mei de bakwedstriid, dêrnei keatse en troch nei it doarpshûs foar de matinee mei pizza. 14
15 Online Touch Home