17

badkeamer sitte beneden”. Dat wie ek in reden om te ferhúzjen foar it stel: “Wat mear yn de buorren, wat minder underhâld”. Boppe hat it stel noch plak foar útfanhúzers. Annie: “Dat is it moaiste kado fan dit jier, ús Reinder (soan, red.) is remygreert fan Amerika nei Hollân. Reinder hat in relaasje mei in Amerikaanse, mar wennet nei in oantal jier yn Amerika no wer yn Haarlem. “Wy kinne ús soan, skoandochter en lytsbern no wat faker opsykje. Sy ha hjir by harren weromkomst yn Holland ek in pear wike sliept boppe. No ha se in moai wenplakje en wurk yn Haarlem en omkriten”. Klaas hat no kantoar oan hús. Hoe befalt dat? “Ik fyn it hielendal prima”, seit Klaas, “moarns dogge wy earst in bakje koe tegearre yn’e hûs en dan gean ik nei myn kantoar en kom d’r oan’t itenstiid is ek net mear wei”. Klaas is no 66 jier, mar wol noch wol eefkes trochwurkje: “Ik wurkje sa’n 20-25 oeren yn’e wike. Dat fyn ik hielendal prima en no is d’r ek tiid foar wat oars. Eefkes in ein te rinnen mei de hûn (herder Edar, red.) as wat oars”. Annie is yn de maitiid stoppe mei harren wurk as help yn’e hûshâlding: “Ik ha sa lang oan’t wurk west by oaren, no woe ik wol wat mear tiid foar mysels”. It giet no best mei Annie, mar se hat krekt wol in grutte skrik te pakken hân. Yn april waard nei it ‘bevolkingsonderzoek’ in knobbeltsje yn de boarst ûntdutsen. Se is d’r rêstich en optimistysk oer: “Dat is yn juny fuorthelle en ik bin bestraalt. Fansels bliuw ik earst wol eefkes under kontrôle, mar it liket no goed en ik fiel my best”. Lokkich! As se de Fjouwer Doarpen as Hinnaard ek misse freegje ik. Klaas: “Ik bliuw fansels by it toaniel belutsen en bliuw spyljen. Ek takommend jier. Wy binne no al wer dwaande mei in nij stik.” Klaas: “Kom mar efkes del te sjen, It it is prachtich oerset troch Jannie Fritsma en Friek sil wer regisearje. Ik ha d’r no al wer nocht oan”. Annie mist foaral de natoer: “It útsicht op Hinnaard fynst fansels nea wer werom. Dat mis ik wol. De landerijen ensaf. Mar de wyn mis ik net. It waaide d’r altyd!”, laket se. It stel is fan plan om nea wer fan dit plakje wei te gean. “Wy ha prachtich en mei folle wille 17 jier op Hinnaard wenne, mar wy kinne hjir oant de rollator ta bliuwe”, grapt Klaas. Moai om te sjen dat jimme it sa nei’t sin ha yn Wommels en oant sjen yn de Fjouwer Doarpen! 17

18 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication