Wy ha trije dagen lang omrûn mei alle kaaien yn ’e bûse en der wie gjin nee te keap! Om noch mar ris sjen te litten hoefolle minsken wol net mei dien ha oan ien of mear ûnderdielen kinne jimme hjirûnder alle útslaggen nochris werom fine. Alle winnaars nochris tige lokwinske mei jimme nije heldenstatus. Wa’t krekt as ús noch wol efkes neigenietsje wol fan alle moais, dy riede wy oan om efkes in besite te bringen oan de ynternet side fan doarpsbelang: www.de4doarpen.nl Sûnt it doarpsfeest ha wy in protte leuke foto’s sammelje kinnen en dizze taheakke oan in map op de side fan doarpsbelang. Ik soe der echt efkes foar sitten gean as ik jimme wie, want it is super leuk om te dwaan. Carla van Hoorn hat op ús fersyk in protte foto’s makke. Bedanke dêrfoar Carla. De foto’s binne top! Ek de moaie film dy’t Casper Bronwasser makke hat fan de prachtige buertoptredens is dêr te besjen en it ‘waterspektakel’! Hoe no fierder… Sa oan de ein fan de twadde dei en seker op de lêste dei krije wy wol gauris de fraach oft der yn 2024 ek wêr in doarpsfeest is? It antwurd op dy fraach witte wy no noch net. Wy moatte nei de feesten altyd earst efkes bekomme en weagje dernei alle foar en tsjin tsjinelkoar ôf. As wy dêrút binne, litte wy it fansels witte. It feest moat fansels al bysûnder bliuwe, mar dat dit net it lêste doarpsfeest wie fan ’e ouwer doarpen, dat is ek wol wis! Oant dy tiid sizze wy: “Harkje goed nei it boadskip fan al dy geweldige artysten út de ouwer doarpen en... ♪♪♪ ‘Keep on Rocking!”♪♪♪ want dat der muzyk yn de ouwer doarpen sit, dat is ús no wol dúdlik wurden! Feestkommisje De Fjouwer Doarpen Anne, Oane, Jan, Iris, Hans, Regina en Watse
21 Online Touch Home