Nijs fan ‘e keatsferiening Itens e.o. Troch Jurjen Eringa It keatsseizoen rint ôf. Op it momint fan skriuwen sille wy allinnich de Fopma partij noch keatse en kinne wy sprekke fan in tige slagge seizoen. Froulju haadklasse keatsen, tal fan jeugdprizen en de jonges nei de Freule yn Wommels. In jier fol hichtepunten! It is fansels fantastysk wat we dit jier berikke kinne as lytse feriening. Foar it earst yn de skiednis in haadklasse partij organisearje meie jout mar oan dat mei in goeie moed fan alles mooglik is. Nettsjinsteande dat it haadbestjoer mar trije man sterk ik stean we der as klup goed foar. Guon minsken dy 't mar wat graach yn in kommisje stappe of oare taken oppakke. Tink dêrby oan de ild en jeugdkommisje, efter de bar stean of in wedstriid liede as ûnderdiel fan it koppel. Hulde oan elk dy 't op hokke manier dan ek bydroegen hat oan it ôfrûne keatsjier. Moai om te sjen hoe 't ek de jeugd ferskate krânsen of oare prizen wûn hat op de federaasje partijen. It nije shirt dat sponsore wurdt troch Jan Boonstra smyt al in soad krânsen op, en dizze krânsen wurde dan ek mei regelmaat oan him toand hawwe wy fernommen! Spitigernôch gjin krâns foar Itens op de wichtichste partij foar de jongeskategory: de Freule. Jesse, Hessel en Sybo hawwe yn Wommels striden foar wat se wurdich binne, mar it partoer fan Baard wie in maatsje te grut. Hielendal gjin skande en top dat jim Itens fertsjintwurdige hawwe op dit evenemint. Wat in moaie ûnderfining moat dat west hawwe. Yn Rien is in groepke úteinset mei keatsen foar dummies. De basis útlizze en yn 'e praktyk besykje, wat in aardich inisjatyf! Wa wit kin dit takom jier in moai ferfolch krije op de klup yn Itens. Keatsen is út te fieren op elk nivo want wille stiet foarop. Keats, boppe en alles oan 'e hang. Binne dizze termen nij foar jo? Kom ris del by de keatsklup of sjoch nei keatsen foar dummys op Youtube, seker in oanrieder. De kommende wiken sille we de lêste ballen slaan en stiet in lange winterstop foar de doar. Foar de measte keatsers sit it der dan op. Foar de fanatike jeugd steane der sealtrainingen en muorrekeatsen op it programma. Foar folwoeksenen kin dit ek in aardich idee wêze. Hoe dan ek sjoche we elkenien graach op of om it keatsfjild. 31
32 Online Touch Home