42

Op in lânkaart út 1930 stiet it wetterke, dat hjir op de foto stiet noch altyd yntekene. Mar it stik feart by de Hearedyk del rjochting it doarpshûs stiet net mear op dy kaart. Ik tink dêrom dat dizze foto noch wat âlder is as de lânkaart út 1930. De 2e foto is hiel werkenber yn Itens makke. De Tsjerke en de kosterswenning litte dat hiel dúdlik sjen. De foto is ek wer in bewiis dat de skûtsjes hast oan it doarpshûs ta farre koenen. Want op de foargrûn leit ûnmiskenber in skip, mei nei’t ik nim oan, bemanning derop. Fierderop liket noch in skip te lizzen, mar oft dat echt sa is doar ik net hielendal wis te sizzen. It kin miskien ek wol in telefoanpeal wêze. De lêste foto lit mar sjen dat it hûs fan de famylje Koning eins suver op in eilân lei. Dizze foto sjocht út rjochting de Bargekop. Op de eftergrûn sjogge wy de hânwizer dy’t it paad rjochting Hinnaard oanwiist en hielendal yn ’e fierte stiet de pleats fan de famylje Stegenga. Tiden hawwe tiden. Wy moatte mar garje foar in skûtsje, dan kinne wy tenei gerêst oan it IFKS meidwaan! It wie hjir ommers allegearre wetter en skipfeart! 42

43 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication