Nijs fan toanielferieniging ‘Nim it sa’t is’ mei “It bedimjen fan de njirre” Faaks hoege je allinnich mar jinsels te wêzen om in njirre neamd te wurden, mar leafde lûkt him neat fan sokke ûnsin oan. Al twa kear earder, rûn dizze tiid, stienen wy yn de startblokken om útein te setten mei it stik “It bedimjen fan de njirre’. In bewurking fan regisseur Friek Kosse fan ‘The Taming of the Shrew’ in toanielstik dat William Shakespeare yn de perioade tusken 1590 en 1594 skreaun hat. It stik wie allang yn it Nederlands oerset (Het temmen van de Feeks), mar is no troch de oersetting fan Janny Fritsma ek yn it Frysk. No lei dit stik noch by Nim it sa’t is op de planke te wachtsjen dat it nei libben yn blaast soe krije. En ja no is it safier, alwer twa jier letter, dat Friek it wer oppake sil. Wy ha ûnderwilens wat wikselingen yn it bestjoer en de spilersploech hân sadat der oanpassings yn’e rolferdieling makke binne en de bewurking is bewurke en nochris bewurke. En no binne wy bliid dat we jimme witte litte kinne dat wy moandei 4 septimber 2023 dan toch útein sette mei de repetysjes fan “It bedimjen fan de njirre”! It belooft in moai 'kostuumspektakel' te wurden mei moaie ferljochting, smink en muzyk en in grutte ploech entûsjaste spilers en meiwurkers. As alles giet neffens ferwachting, sille we yn maart 2024 it stik foar it fuotljocht bringe op it poadium yn de Lytse Fjouwere! Spylers, bestjoer en meiwurkers fan Nim it sa’t is Save the date: 22 en 23 maart 2024 fanôf 20.00 oere Yn Itens Op 15 juni 2024 wordt er weer een Slachte marathon georganiseerd. Vanuit onze dorpen wordt er verwacht dat wij het deel bij Lytsewierrum verzorgen, leuk aankleden, gezellig maken en "koek en sopie" op de route aanbieden. Wie vindt het leuk om dit te gaan organiseren? De opbrengsten worden (naar inzet) verdeeld onder de verenigingen in de fjouwer doarpen. Dat is toch mooi meegenomen! Je kunt je melden bij dorpsbelang d.m.v. een mail. dorpsbelang@defjouwerdoarpen.nl 46
47 Online Touch Home