9

Ik wie altyd dwaande en die alles foar myn gasten om it harren nei de sin te meitsjen, mar ik hie ek wol soargen en koe der nachts wol wekker fan lizze. Bygelyks mei sa’n simmer as no, mei in skoft min waar. Dy soargen binne no yn ien klap fuort. Kinst dysels net foarstelle hoefolle rêst en frijheid dat yn ’e holle jout.” Mar wa’t tinkt dat Anne en Triensje it tenei kalm oandogge hat it mis. Sy witte fan gjin ophâlden en sitte noch fol plannen en ambysjes! Triensje: “Wy ha njonken de camping ek altyd noch oar wurk derneist dien. Wy meie beide graach wurkje en bliuwe dat foarearst ek noch wol in pear jier dwaan. Nei de simmerfakânsje gean ik oan it wurk as klasse-assistint op de legere skoalle yn Reahûs en ik ha ek in baan oannommen by SAAR. Dat is in organisaasje dy’t mantelsoargers stipe jout sadat dy minsken ek ris frij ha of in wykein fuort kinne mei harren eigen húshâlding. Troch myn harsenynfarkt kin ik net alles mear dwaan wat ik graach wolle soe. Mar ik sjoch net nei wat net mear kin of slagget en fokus my allinnich op wat ik allegearre noch wol kin! Mar ik ha seker ek nocht om mear tiid foar hobby’s te meitsjen en frijwilligerswurk op te pakken. Ik bin gek fan toaniel en soe ek it klaverjassen wol leare wolle. As wy it spultsje ûnder de knibbel ha liket it Anne en my wol aardich om mei te dwaan oan it kaarten hjir yn Itens.” Anne: “Ik wurkje al 21 jier by Heeres Pompen yn Boalsert. Sy binne altyd goed foar my west en tige fleksibel doe’t wy de camping noch hiene. Dus ik bliuw gewoan by harren oan it wurk. Mar ik bin ek úteinsetten om myn grut rydbewiis te heljen. Sa no en dan in ritsje op de frachtwein meitsje liket my ek wol moai wurk. Myn grutste hobby stiet eins noch yn Reahûs. Dat is ús hobby fee. Mar wy ha eins krekt it beslút nommen om yn ‘e hjerst al it fee fuort te dwaan. Benammen as jo der net mear njonken wenje giet de aardichheid der dochs gau ôf. It ôfskied wurdt noch wol efkes in dinkje. Foaral as bygelyks ús knuffelko Afke foar it lêst de barte oprinne sil. Dêr sjoch ik net nei út. Sy is al 12 jier by ús en hat û.o. ek skittere yn it toanielstik oer Tsjerkje fan de Kliuw. Mar it hâldt in kear op. Sy hat in prachtich libben hân. Gjin fee mear, soarget ek foar romte en tiid foar oare saken. Wy gean fansels wer op paad mei ús kemper en ha foar yn de hjerst al in 10 deiske treinreis dwerstroch Skotlân boekt.” En no binne jimme wer werom yn Itens. Triensje: “Ja, it libbenspaad hat ús wer werom nei Itens brocht. It is wol grappich want ik mei hiel graach oer de muzyk fan Piter Wilkens en wy hâlde beide de eagen net droech by syn nûmmer. ‘It paad werom’. Dat wy no yn in hûs wenje dêr’t ek hy wenne hat is in grappige bykomstichheid. It hat blykber sa wêze moatten”. Wolkom werom yn Itens Anne en Triensje! Wy hoopje jimme gauris te moetsjen en dat jimme hjir krekt as 30 jier tebek in moaie tiid ha sille yn de ouwer doarpen. 9

10 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication