14

Iepen Kafee Op freed 29 septimber hat wer it earste Iepen Kafee west, in Toskaanske jûn. In moai ploechje minsken hat genoaten fan Fred syn kreative itensierkeunsten. Der waarden dan ek aardich wat stjerren en kompleminten útdield. Foarôgeand koenen de biljertleafhawwers harren útleve en oaren gesellich byprate mei in bakje en drankje der by. En dat is krekt wêr’t we dit foar organisearje! Dit jier ha we wat foar in oare opset keazen, nammentlik gearwurking sykje mei oare ferieningen yn ús doarpen. Op freed 10 novimber is der in senioarenmiddei fan FDD, bedoeld foar 60 plussers. Fanôf 16.00 oere kin der, foar wa’t dat wol, in spultsje dien wurde ûnder it genot fan in bakje en in drankje. Sa rûn 18.00 oere geane we oan’t miel en wikselje we mei elke gong fan plak om ek ris mei oaren prate te kinnen. De kosten binne € 12,50 per persoan en je moatte je hjir foar opjaan, uterlik 8 novimber. Dat kin fia de mail fddocht@live.nl, trochjaan kin ek oan Agatha Flier 0618489517. En sa sille we dit takom jier ek dwaan mei de filmklub, gesellich foarôgeand oan de film meielkaor ite, neier berjocht hjiroer folget noch. Dan is der op 23 desimber it Krystdiner, yn de folgjende krante hjir mear oer en fierder komt it op de webside fan de 4doarpen te stean en sa kin elk fia de wyklikse mail op’e hichte bliuwe. Oant sjen yn “de Lytse Fjouwere” Fred, Marja, Fokje, Bouwe Jan,Trees, Sippy, Immie en Agatha Hallo …...... Wij hebben een thema op school van jezelf en omgeving. Dus moesten wij met de klas samen vragen te bedenken. Wij hebben op school een opdracht gekregen om een vraag te beantwoorden over Rien. We willen graag weten waarom er cafe's stonden in Rien en waarom zijn er dan 2 of meer gesloopt? Wij dachten dat een van de lezers ons wel kon helpen. We zouden graag een interview met iemand kunnen doen die hier meer over weet? Wie o wie kan ons helpen? U mag contact opnemen met de school door te bellen naar 0515 332002. Alvast bedankt! Vriendelijke groeten van Sanne, Else en Ids. 14

15 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication