0

Doarpskrante sûnt 1982 Itens | Hinnaard | Lytsewierrum | Rien Novimber 2023 | 42ste jiergong | nûmer 2

Op de voorkant de mannen van de Biljartclub. Hun verhaal? Zie pag. 23 En hieronder? Het Iepen Kafee wie wer poergesellich!! Dorpsfeest 2022 en 2023: Regina BEDANKT! 2

Agenda November en december 2023 Alle activiteiten vinden plaats in het dorpshuis De Lytse Fjouwere, tenzij anders vermeld. November 3 Maatklaverjassen 9 Itenser rûnte Martinitsjerke Ruud Bartlema; zie ook pag. 30 10 FDD ouderenmiddag in combinatie met diner 10 Pizza drive in Itens 11 Sint Maarten 12 Kerkdienst Slachsang Lytsewierrum 17 Competitiekaarten 17 Verhalenavond heel Fryslân. Locaties: zie www.verhalenavond.nl 18 FDD kwisjûn 24 Peuterochtend De Romte; zie ook pagina’s 16-17 25 Filmavond; zie ook pagina 15 26 Tsjerketsjinst Martinitsjerke ds. A. Terlouw 30 Itenser rûnte Martinitsjerke Dr. T.A. Smedes; zie ook pag.30 December 1 Sinteklazepriiskaarten foar elkenien 2 Muzykkafee Itens ‘Just no knock’ 9 Klaverjassen Fûgelwacht 10 Deadline kopij Diggeloer 13 FDD Knutselmiddag voor basisschooljeugd 15 Peuterochtend De Romte; zie ook pagina 16-17 15 Pizza drive in Itens 15 FDD bloemschikken 15 Kompetysjekaarten 23 Kryst Iepen kafee 23 t/m 7 jan Kerstvakantie regio Noord 31 Tsjerketsjinst Martinitsjerke ds. A. de Groot 20.00 uur 20.00 uur 16.00 uur 17.15 uur 10.00 uur 20.00 uur 20.00 uur 09.00 uur 20.00 uur 10.00 uur 20.00 uur 20.00 uur 21.00 uur 16.00 uur 14.15 uur 09.00 uur 17.15 uur 19.30 uur 20.00 uur 16.00 uur 10.00 uur Let op: 6 januari => FDD Winterwille! Reserveren dorpshuis De Lytse Fjouwere Aanvragen kan alleen nog via de mail. Ons mailadres: delytsefjouwere@gmail.com Aanvragen worden in volgorde van binnenkomst in behandeling genomen en eenmaal per week verwerkt. 3

Agenda Inhoud van deze Diggelfjoer 3 Van de redactie Yn petear mei de nije koster Jannie Schotanus Kerst met Sander Metz en Adri de Boer Nieuws van SBS De Romte Bericht van het Kwisteam Probeerpas van Thys en Lisa Iepen kafee Hallo … een vraag van Sanne, Else en Ids Filmclub doet het anders Fjouwer Doarpen Docht - Programma Pippi’s Kinderopvang Van de feestcommissie Nijs fan toanielferiening ‘Nim it sa ‘t is’ In jûntsje oan de stamtafel by ‘De Kromme Keu’ Nieuws van Dorpsbelang Boekvragen van Ids Bronwasser slachtemarathon Itenser Rûnte Op sikebesite by Sjoerd Boonstra De bewoners en hun verhaal - Peter en Teresa Griepprik Geheugensteun Kroechferhalen - Wedden dat …? Kolofon Doarpskrante sûnt 1982 foar Hinnaard, Itens, Rien en Lytsewierrum Ferskynt rûn 1 jannewaris, 1 maart, 1 maaie, 1 july, 1 septimber, 1 novimber Kopij stjoere nei diggeloer@live.nl foar de 10e fan 'e foarige moanne; ek foar famyljeberjochten en alle fragen en kommentaar Redaksje Elisabeth - Esther - Watse - Hans Abonneminten foar âld ynwenners ensfh.: € 19,80 it jier. Adfertinsjes: 5 x swart-wyt + 1 x kleur: 55,00 6 x kleur: 1/4 pagina - 1/2 pagina - 1/1 pagina - € € € 103,00 199,00 € € € 72,00 134,00 242,00 De tariven wurde alle jierren yndeksjearre mei de CBS-priisindeks Frijwillige bydrage wurdt tige op priis steld en kinne jo oermeitsje nei: Bankrekken Dorpsbelang / Diggeloer: IBAN NL 33 RABO 0349 5031 68 ûnder fermelding fan: Donaasje Diggeloer Dorpsbelang “de Fjouwer Doarpen”: dorpsbelang@de4doarpen.nl 4 5 6 8 10 12 13 14 14 15 16 16 17 19 23 28 29 29 30 31 33 41 43 45

Van de redactie Door Elisabeth Het is alweer eind oktober; de herfst is om ons heen zichtbaar, de dagen worden korter qua daglicht en de gordijnen gaan ’s avonds weer dicht. Zelf moet ik altijd weer even wennen aan deze tijd, zeker na de fijne nazomer, die we nog kregen, wat een kadootje! Begin september kon er nog volop gekaatst worden bij de Fopma partij, welke jaarlijks wordt afgesloten met een heerlijk buffet. Niks zo lekker als ‘bûten ite’ en met elkaar het seizoen afsluiten. Verder zijn de afgelopen tijd de verschillende clubs en verenigingen weer begonnen; onder andere het kaarten, darten, biljarten, toneel, FDD en de filmclub. De agenda van deze dorpskrant was dan ook goed gevuld in september en oktober. De agenda van de komende 2 maanden is niet minder gevuld. Er is weer klaverjassen, de beroemde FDD Kwisjûn staat gepland, er is een filmvond, de Itenser Rûnte, het Iepen kafee (kerstdiner) en ook de mannen van het muzykkafee hebben weer een rock-avond in het dorpshuis gepland. Dus kom van de bank, kijk in de agenda en meld je aan (indien nodig) voor een leuke activiteit bij één van onze clubs in onze dorpen. Ontmoet dorpsgenoten en voel dat de Mienskip in onze dorpen leeft. In deze dorpskrant staat weer heel wat diversiteit aan leesvoer. Er zijn verschillende clubs, die jullie ‘bijpraten’ qua activiteiten; de feestcommissie is weer bij elkaar geweest, Watse ging een avondje biljarten bij de Kromme keu en de toneelvereniging laat van zich horen. Basisschool de Romte en de kidsredactie van dit jaar schrijven over het wel en wee op school en we leren Peter Plantinga en Therese Takes uit Lytsewierrum beter kennen. Geschreven over deze Diggeloer ... ondertussen hebben wij onlangs tijdens een gezellig etentje met de redactie geconcludeerd dat wij alweer een klein lustrum bereikt hebben. In deze setting maken wij alweer 5 jaar met veel plezier de Diggeloer! We gaan er vanuit dat wij nog wel even doorgaan, maar weet ook dat wij openstaan voor ideeën, tips, eigen inbreng etc. Zo wordt de dorpskrant nog meer van ons allemaal. Namens de redactie Hans, Esther, Watse en Elisabeth: Wensen wij een ieder alvast hele fijne feestdagen toe en de beste wensen voor 2024 ! Wietske Dijkstra wie it famke fan Hinnaard, dy 't yn it foarige nûmer fan Diggelfjoer stie! Dit kear wer in famke, sy wennet hjoed-de-dei yn Itens. Wa is dit? 5

Yn petear mei de nije koster fan de Martintsjerke yn Itens: Jannie Schotanus. Troch Esther Koster yn Itens: hoe kaam dat sa? ‘De koster fan Itens koe ik goed,’ laket Jannie, ‘dat wie myn mem (Anneke Schotanus, red.). Se wurdt en waard bot stipe troch myn heit derby. Sy wennen mei nocht yn it kostershûs neist de tsjerke. Ik wist dat sy in stapke werom sette woene en dêrom in oar plakje sochten om te wenjen.’ En doe kaamsto yn byld? ‘No, sa maklik gie dat net. Fansels moast de tsjerkerie d’r oer gean. Sy gean oer de Martinistjerke en oer harren besittingen, sa ek oer it kosterskip en it kostershûs neist de tsjerke’, seit Jannie. “Ik ha de tsjerkerie skreaun om te freegjen of ik yn oanmerking komme koe foar de funksje en foar it hûs. De tjserkerie hat har leden hifke en doe’t d’r gjin tsjinkandidaten wiene, kamen wy d’r út.’ En do wennest hjir no by de tsjerke? ‘Ja, wy wenje hjir sûnt febrewaris fan dit jier. En bin sunt de simmer fan 2023 yn funksje as koster. Ik koe de boel moai earst eefkes ôfsjen fan myn mem (en heit). Moai, en wat hasto sa’al te dwaan as koster? ‘Fansels draai ik de tsjerketsjinsten. Elke lêste snein foan de moanne hawwe wy in tsjinst hjir. Dat bestjut dat ik soargje dat de kachel waarm is, ik soargje dat it lûd fan de sprekker te hearen is foar eltsenien en soargje foar de koe en tee nei ôfrin fan de tsjinst. Derneist hawwe hjir de gearkomsten fan de “Itenser Rûnte”, ek ien kear yn de moanne (Douwe Willemsma skriuwt d’r wolris oer yn de Diggeloer, red.).” En de klok? Dêr is somtiden wolris wat oer te dwaan yn it doarp. Dan giet de klok te gau, dan is de klok te lûd, dan wer te faak… Jannie: “Ja, ik soargje ek foar it lieden fan de klok, mar dat giet allegear automatysk. In kertier foar de stjinst giet d’r, dus om 9:45 oere op sneins. Mar ek automatysk om 8, 12 en 18 oere. Dat stel ik yn. Ik lied de klok sels noch by de begraffenissen. Mar dat is no ek allinne mar in knopke omsette. Dat wie eartiids wol oars’. Hoe sa? ‘Ik ha hjir fansels ek as bern wenne. Myn mem wie al koster doe’t ik lyts wie en rûn myn ôlfde jier binne wy yn dit hûs kommen te wenjen. Doe moasten wy sels echt de klok liede. Myn broer, sussen en ik hiene elke jûn kloktsjinst. Dat wie best noch ris swier wurk. Hja moasten twa gewichten omheech lûke om de klok te lieden en by in begraffenis lied je de klok in kertier lang. No is it in druk op de knop en hy giet!’ 6

Groot assortiment aan Compleet onderhoud van uw Harley Davidson Schade taxatie en schade herstel Harley Davidson motoren Bagger ombouw en custom verbouw waaronder spuitwerk en special paint Verhuur van Harley Davidson Dealer van KessTech - MCS - Zodiac - Parts Europ Verkoop met lease plan en Financiering mogelijk Prof Zernikestraat 7 - 8606 JS Sneek - 0515 413462 Whatsapp: 06-27015399 - frankysmotorcycles@gmail.com 7

En om de tsjerke? Jannie: “Ek it ûnderhâld fan it tsjerkhôf heart d’r by. Ien kear yn de wike gêrs meane, mar dat doch ik ek faak mei myn heit as mei myn soan Jort. En fansels de grindpaadsjes ûnkrûdfry hâlde, sadat de boel d’r kreas útsjocht. Myn heit helpt ek noch wol mei it knippen fan de hage as dat nedich is.’ Fynst it swier wurk? “Nee, dat falt ta. Allinne it lyts ûnderhâld yn en om de tsjerke is soms wat swier, mar sa no en dan helpe Jort, Ilse (Jannie har bern, red.) en ús heit dêrby. Dat is supermoai. Ik kombinear it kosterskip trije dagen yn de wike mei myn wurk as gastâlder, dus moat ik soms eefkes sjen wat wannear past”. Kerst met Sander Metz en Adri de Boer in het Nederlands, Frysk, en Engels Tijdens de middag komen er prachtige kerstliedjes voorbij. De afgelopen jaren hebben we steeds een kerstsingle uitgebracht; deze liedjes hebben we individueel opgenomen en heb ik daarna samengevoegd. Daarna waren ze vaak te horen geweest bij Omrop Fryslân. Maar onze wens was altijd om nog een keertje samen te zingen. Dit jaar vinden we het tijd om elkaar fysiek te treffen en willen de muziek graag met jullie delen. 10 december om 15.00 uur start de show in het Dielshûs in Wommels. Kaartjes kun je reserveren via 0618167503 of via info@muziekmetsander.nl 8

Presteert je Bosch Powerpack E-bike accu niet meer voldoende? Na een revisie bij DeGroeneAccu werkt hij weer als nieuw (en in veel gevallen zelfs beter)! Loek Bergmans - tel 0657529568 DeGroeneAccu.nl service@degroeneaccu.nl 9

Nieuws van SBS De Romte Door Remmelt De zomervakantie lijkt alweer een hele poos geleden! Inmiddels zijn we alweer 5 weken naar school en inmiddels zijn de eerste leerzame uitjes en lessen al voorbij gekomen. In deze editie blikken we terug op de eerste schoolweken van schooljaar 2023/2024. Op maandag 4 september hebben we het schooljaar traditiegetrouw geopend met de leerkrachten, de ouders en natuurlijk de 27 kinderen die we dit schooljaar mogen verwelkomen op De Romte. 10

Het thema van de “Gouden Weken” was voor dit schooljaar “Met elkaar bouwen aan een succesvol schooljaar!” De dresscode was alles wat met bouwen te maken had. Met bouwhelmen, hamers spijker en zelfs complete gereedschapskisten kwamen de kinderen het schoolplein op. Op sommige kopjes nog wat spanning, maar na een uurtje voelde het weer als thuiskomen. Nadat we de klassen weer hadden verkend en de vakantieverhalen hadden aangehoord was het ’s middags tijd voor het “it bou op elkoar spul” op het sportveld. Met z’n allen naar het sportveld om daar met elkaar acrobatische bouwwerken te maken. Wat leuk om te zien dat jong en oud elkaar helpt om er het mooiste van te maken! Het mooie weer was natuurlijk ook een groot geluk deze dag. De eerste schooldag was zomaar voorbij, we zijn weer begonnen! De eerste weken vlogen om en op 18 september was het tijd voor een prachtige excursie naar Mar & Klif in Oudemirdum. In het bezoekerscentrum gingen de kinderen in groepjes uit één om kennis te maken met het Friese landschap doormiddel van leerzame spelletjes, quizvragen en handvaardigheid opdrachten. In de middag stond een bosbezoek op het programma. Met de hele school het mooie bos van Oudemirdum in. Groep 1,2 & 3 hebben een boswandeling gemaakt langs het “kabouter pad” en de overige groepen gingen met 3 metaaldetectors door het bos die we hadden geleend van “Groen Doen". Grote vondsten zijn niet plaatsgevonden maar dat betekend ook dat er zuinig met het bos om wordt gegaan. Dit bezoekje aan Oudemirdum had ook vooral te maken met ons thema waar we op het moment midden in zitten. Het thema “Jezelf en jouw omgeving” staat centraal. Je kan in een ver land op vakantie maar hoe mooi is de eigen omgeving en wat is er allemaal te beleven in en rondom het eigen dorp waar je woont. Met die denkwijze zijn wij dan ook op het idee gekomen om een “onderwijsdag” bij “Farsk” te organiseren. In Britswerd stond “jezelf en de omgeving” helemaal centraal. Kinderyoga, een levensechte mandala maken met materiaal van buiten en samen zingen & tekenen. Dat waren de activiteiten op deze regenachtige dag. 11

Naast die leerzame en leuke activiteiten was dit ook vooral een dag die goed is voor de groepsvorming. Die groepsvorming is belangrijk in het begin van het jaar, aangezien een aantal kinderen weer in een nieuwe klas met andere kinderen zit. Naast deze prachtige uitjes wordt er altijd hard gewerkt op school door de kinderen maar ook zeker door ons fantastische team van dit schooljaar. We hebben afgelopen zomer afscheid genomen van juf Mireille en van juf Esmee. De nieuwe aanwinsten van De Romte zijn inmiddels ook bijna allemaal aan de slag. In groep 4 t/m 8 zijn dat juf Amarins en juf Trijntje Nienke en vanaf november mogen we ook juf Lisa in deze zelfde klas verwelkomen. Wij maken er weer een superjaar van en wilt u op de hoogte blijven van wat we allemaal op de Romte doen? Dan kunt u een kijkje nemen op onze website Facebook en Instagram. Natuurlijk bent u ook van harte welkom om even een kijkje te nemen bij ons school! Bericht van het Kwisteam Heeft u ons al zien struinen door het dorp met camera’s en notitieblok om een vraag over de dorpen te maken? Mocht je ons zien, laat die vreemde wezens dan maar hun ding doen, maar vergeet daarbij vooral niet naar boven te kijken. Over pakweg 2 weken is het weer zover, de jaarlijkse kwisavond. Sippy, Irma ,Janny de B en Jeannet zijn weer druk bezig met het verzamelen van onderwerpen. Zoals altijd zit er weer een proeverij in, maar ons inziens is alles al een keer voorbij gekomen. Één van ons (we noemen geen namen) opperde: “Laten we een wijnproeverij doen en dan als eerste ronde, dan zit de stemming er gelijk goed in”. Jullie gaan het zien of we het hier allemaal mee eens waren. Hoe komen jullie aan je vragen? Sinds de uitvinding van het internet ligt de wereld aan je voeten. Mister Google weet heel veel. Ongeveer een maand van te voren steken we de koppen bij elkaar en spuien we onze ideeën. Al vrij snel zijn we het eens over de onderwerpen en gaan we ze verdelen. Wie doet wat? Ook daar komen we snel uit. Als we het huis van iemand verlaten bergen we onze aantekeningen goed op en hebben deze niet zoals een voormalige minister slordig onder onze arm. 12

Dan wordt even hard werken. Verschillende wijnen moeten geproefd worden, oeps, hik. Welk tipje van de sluier zullen we nog meer oplichten? Muziek, natuurlijk zit die er ook in. Liedjes met drank? Och, was dat nou vorig jaar? We vergeten ook zoveel. Doen we nou ook weer een vraag over de actualiteiten? Of zullen we eens wat anders doen? Wat doen we met die lui van de Diggelfjoer? Die hebben al drie jaar gewonnen. Nu zat alweer iemand van die club te vissen waar we zoal mee bezig zijn. Nou we zeggen mooi niks. Alle basisschoolleerlingen woonachtig in de regio’s De Lege Geaën en de Fjouwer Doarpen kregen afgelopen weken een speciale ‘Probeerpas’. Met deze pas kunnen kinderen activiteiten of lessen volgen die ze altijd al eens hebben willen proberen. Vanuit Leve de Vereniging is dit initiatief ontstaan. Kinderen kunnen met de pas kennismaken met nieuwe activiteiten en lessen. Denk aan tekenles, freerunnen, een kookclub, scouting, ponyrijden, muziekles, theater, dansen of sporten. Op de persoonlijke pas staat een tegoed van € 100 die vrij te besteden is bij alle soorten verenigingen, clubs en lesgevers in onze gemeente. Thys Strikwerda (groep 6) heeft de probeerpas gekregen en die heeft hij aan freerunnen besteed in Sneek (Enjoy Sports). Thys zat al op freerunnen en met dit mooie bedrag heeft hij de eerste lessen betaald. Heit en mem waren blij met de pas zei Thys. Lisa Hofstra (groep 8) heeft de pas besteed aan soort van lessen waar je paarden trucjes kunt leren, zoals liggen en voetje geven. De mevrouw die de lessen geeft komt op locatie waar Lisa haar paard staat. 13 2.

Iepen Kafee Op freed 29 septimber hat wer it earste Iepen Kafee west, in Toskaanske jûn. In moai ploechje minsken hat genoaten fan Fred syn kreative itensierkeunsten. Der waarden dan ek aardich wat stjerren en kompleminten útdield. Foarôgeand koenen de biljertleafhawwers harren útleve en oaren gesellich byprate mei in bakje en drankje der by. En dat is krekt wêr’t we dit foar organisearje! Dit jier ha we wat foar in oare opset keazen, nammentlik gearwurking sykje mei oare ferieningen yn ús doarpen. Op freed 10 novimber is der in senioarenmiddei fan FDD, bedoeld foar 60 plussers. Fanôf 16.00 oere kin der, foar wa’t dat wol, in spultsje dien wurde ûnder it genot fan in bakje en in drankje. Sa rûn 18.00 oere geane we oan’t miel en wikselje we mei elke gong fan plak om ek ris mei oaren prate te kinnen. De kosten binne € 12,50 per persoan en je moatte je hjir foar opjaan, uterlik 8 novimber. Dat kin fia de mail fddocht@live.nl, trochjaan kin ek oan Agatha Flier 0618489517. En sa sille we dit takom jier ek dwaan mei de filmklub, gesellich foarôgeand oan de film meielkaor ite, neier berjocht hjiroer folget noch. Dan is der op 23 desimber it Krystdiner, yn de folgjende krante hjir mear oer en fierder komt it op de webside fan de 4doarpen te stean en sa kin elk fia de wyklikse mail op’e hichte bliuwe. Oant sjen yn “de Lytse Fjouwere” Fred, Marja, Fokje, Bouwe Jan,Trees, Sippy, Immie en Agatha Hallo …...... Wij hebben een thema op school van jezelf en omgeving. Dus moesten wij met de klas samen vragen te bedenken. Wij hebben op school een opdracht gekregen om een vraag te beantwoorden over Rien. We willen graag weten waarom er cafe's stonden in Rien en waarom zijn er dan 2 of meer gesloopt? Wij dachten dat een van de lezers ons wel kon helpen. We zouden graag een interview met iemand kunnen doen die hier meer over weet? Wie o wie kan ons helpen? U mag contact opnemen met de school door te bellen naar 0515 332002. Alvast bedankt! Vriendelijke groeten van Sanne, Else en Ids. 14

Filmclub doet het anders! De Filmclub biedt in het winterseizoen een groepje ‘doarpsgenoaten’ een leuke avond met een mooie film, een hapje en een drankje. En gezellig napraten over wat ieder heeft opgemerkt in de film of gewoon over iets anders dat je bezighoudt. Dat idee blijft, maar we gaan het iets anders organiseren dan de oorspronkelijke opzet. We willen zorgen dat de makers van die mooie films ook krijgen waar ze recht op hebben. Om ons helemaal aan de regels te houden én het betaalbaar te maken, moeten we ook echt een besloten club vormen. Dat betekent dat we de informatie over de films uitsluitend gaan geven in een nieuwe 'besloten' appgroep, de Filmclub Fjouwer Doarpen. Wees niet bang voor wéér een appgroep met een eindeloze stroom berichten. Alleen de Filmclub-organisatie kan appjes versturen, dus je ontvangt hooguit af en toe een aankondiging van het programma en een handige herinnering een paar dagen voor de volgende film draait. In de Diggelfjoer, op de website en op Facebook komt alleen de datum dat er filmavond is, misschien met een kleine teaser. We proberen de vergoeding voor een bezoekje aan de filmavond zo toegankelijk mogelijk te maken. Voor de komende avonden 3 euro (hapjes inbegrepen) met waarschijnlijk op termijn een kleine verhoging. Nieuwsgierig? Meld je aan voor de appgroep Filmclub Fjouwerdoarpen met een appje aan Jeannet, Irma, Corrie of Thijs en blijf op de hoogte van de interessante films die we vertonen! Jeannet 06-55933722 - Irma 06-10180813 - Corrie 06-28194839 - Thijs 06-24696231 15

Fjouwer Doarpen Docht - Programma Opgeven voor activiteiten kan via fddocht@live.nl November 10|vrijdag OUDERENMIDDAG IN COMBINATIE MET EEN DINER: vanaf 60 jaar | gezellig samen een bakje koffie/thee drinken, bijkletsen, een spelletje doen en daarna dineren | €12,50 | vanaf 16.00 uur | café 18|zaterdag KWISJUN: voor clubs, verenigingen en teams uit de 4 doarpen | 20.00 uur | Dorpshuis | teams bestaan uit maximaal 4 personen | €10,- per team | opgeven t/m 11 november December 13|woensdag KNUTSELMIDDAG: voor basisschooljeugd | van 14.15 – 15.15 uur | dorpshuis |€3,00| opgeven t/m 6 december | Kinderen t/m groep 3 onder begeleiding van een ouder 15|vrijdag BLOEMSCHIKKEN: thema kerst| vanaf 18 jaar | aanvang 19.30 uur | dorpshuis | €15,- incl. koffie/thee/cake | max. 24 deelnemers | opgeven t/m 1 december Januari 6|zaterdag WINTERWILLE: ontmoeten, eten, samen zijn | voor alle inwoners van de 4 doarpen | 17.00 uur | tegen een kleine vergoeding stamppot en snert eten | opgeven voor deze activiteit is niet nodig 27|zaterdag WIJNPROEVERIJ: gezellig wijn proeven met lekkere hapjes|vanaf 18 jaar| 20.00 uur| café | €15,- |opgeven t/m 13 januari => Volg ons voor het laatste nieuws via Facebook/FDDocht => Voor de activiteiten Bloemschikken en Kinderknutselen geldt opgeven = meedoen. Kom je niet dan brengen wij wel de kosten in rekening omdat wij per persoon inkopen => Deelnemen aan onze activiteiten is op eigen risico, wij zijn niet aansprakelijk voor evt. schade Pippi’s Kinderopvang Graag willen we ons even voorstellen aan jullie allemaal. Sinds afgelopen maart zijn we begonnen met de buitenschoolse opvang in de school, hier wordt al volop gebruik van gemaakt. Wij streven erna dat de opvang aansluit bij de ontwikkeling en ideeën van de kinderen, elk kind is uniek en moet de kans krijgen om zichzelf te kunnen ontwikkelen. Naast de mooie buitenschoolse opvang mogen we sinds september daar ook onze peuteropvang bijvoegen, tijdens de peuteropvang leert uw peuter op spelenderwijs in een gezellige en stimulerende sfeer zichzelf ontwikkelen. Wij hebben nog plek voor meer peuters dus zoekt u nog een fijne plek voor u peuter laat het ons dan weten. 16

Van de feestcommissie Door Anne Na het afgelopen dorpsfeest, hebben wij als feestcommissie gezellig een avond bij elkaar gezeten om het dorpsfeest te evalueren. Wij kijken met zijn allen terug op een prachtig feest en wat wonen wij dan in een mooie gemeenschap, dat wij er met elkaar opnieuw een geslaagd feest van hebben gemaakt. Ondanks de weervoorspellingen, die er zo slecht uitzagen dat wij met z’n allen moesten uitwijken naar het dorpshuis, bleef de sfeer goed en hebben wij het feest samen tot een mooi einde gebracht. Met zo’n mooie saamhorigheid, is het geweldig om een feest te organiseren. Dan komt de vraag; en hoe nu verder! Een jaar overslaan? Of een dorpsfeest in afgeslankte vorm van bijvoorbeeld 1 dag? Of volgend jaar opnieuw een dorpsfeest? Terugkijkend op de laatste twee zeer geslaagde dorpsfeesten; het warme gemeenschapsgevoel, zijn wij tot het besluit gekomen om … 17

… er weer voor te gaan: Volgend jaar is er opnieuw een dorpsfeest!!! Regina heeft aangegeven dat zij er voor kiest om volgend jaar niet mee te organiseren. Zij heeft met veel plezier 2 jaar in de feestcommissie gezeten, gezien haar drukke privéleven kiest zij ervoor om uit de commissie te gaan. Regina reuze bedankt voor je enthousiasme en inzet!! De rest van de feestcommissie zal er het komende jaar opnieuw voor gaan! Leuk om te vertellen is, dat twee dorpsgenoten zich spontaan bij de feestcommissie hebben gemeld met de vraag of zij in de commissie mogen. Als eerste heten wij Jorrit van der Velde van harte welkom in de feestcommissie, wij zijn erg blij met wat verjonging in ons team en vinden het fijn dat Jorrit zich heeft aangemeld en er zin in heeft!! Het andere nieuwe lid is ons welbekende Elisabeth Abels; zij heeft in 2022 in de feestcommissie gezeten. Dit jaar is zij er weer bij, wij zijn erg blij dat Elisabeth zich heeft aangemeld, zij heeft al veel ervaring en weet wat het inhoudt om in de feestcommissie te zitten. Even voorstellen Goeie, ik bin Jorrit van der Velde! (dy mei de krullen ☺) Ik bin 18 jier âld en studearje technische bedriuwskunde op de NHL Stenden yn Ljouwert. Ik ha der in hiel soad sin yn om mei de oare kommisjeleden de feesten fan 2024 te organisearen. Ik hoopje der in soad fan te learen en dat wy prachtige feesten del sette. Hoi! Myn namme is Elisabeth Wat hiene wy in prachtich doarpsfeest ôfrûne simmer! En wat ha ik der fan genietsje kinnen, omdat ik net yn de organisaasje siet. Mar stikem ha ik it dochs wol mist; de kommisjeleden, it regeljen en it grutske gefoel nei ôfrin. Ik ha dan ek net hiel lang neitinke hoecht, doe’t ik wer frege waard om werom te kommen by de organisaasje. Want ik fyn it machtich om sa wer in bydrage te leverjen oan in nij doarpsfeest. Ik hoopje dan ek jimme allegear wer te sjen oar jier july, oant dan! PS: Foar’t wa my noch net kin: ik bin Elisabeth, wenje sûnt 2009 yn Itens oan de Hearedyk 44 mei myn man Reinder en ús 2 jonges Jelmer en Hessel. Mei graach organisearje, toanielspylje en genietsje fan de moaie dingen yn it libben. 18

Jorrit en Elisabeth Welkom!!! Wij hopen dat jullie, onze dorpsgenoten allemaal net zo enthousiast zijn als wij en dat jullie weer van de partij zijn!!! Het thema blijft nog even een verrassing: tot de volgende Diggeloer! Nijs fan toanielferiening ‘Nim it sa’t is’ Yn de Diggelfjoer fan septimber-oktober hawwe wy al oankundige dat wy wer los soene mei in nij stik om foar jimme op de planken te bringen yn maart 2024. No, der wurdt al folop oefene, en mei faasje! Us regisseur fan dit jier Friek lit der gjin gers oer groeie en wit presys hoe sy it ha wol en mei ús ploech fan entûsjaste spilers geane wy der fol yn. Wy hawwe der dan ek sin oan. Dit jier sille wy it stik ‘It bedimjen fan de njirre’ spylje, in bewurking fan regisseur Friek Kosse fan ‘The Taming of the Shrew’ in toanielstik dat William Shakespeare yn de perioade tusken 1590 en 1594 skreaun hat. It stik wie al yn it Nederlands oerset (Het temmen van de Feeks), mar is no troch de oersetting fan Janny Fritsma ek yn it Frysk. Graach lichte wy ‘een tipje fan de sluier’ op oer it ferhaal om jimme nijsgjirrich te meitsjen: Tsjin de eftergrûn fan it sechstjinde-iuwske Padua wurdt it ferhaal ferteld fan Katharina Minola, in feeks dêr 't gjinien mei trouwe wol. Har jongere suster, Bianca, is - of liket - yn alles it tsjinbyld fan Katharina en sy hat in soad oanbidders. Bianca mei fan har mem Baptista Minola lykwols pas trouwe as ek foar Katharina in man fûn is. Twa nochal idele oanbidders fan Bianca sille op syk nei de perfekte houlikskandidaat foar Katharina en yntrodusearje Petruchio, in yn jildneed ferkearende edelman út Verona. Petruchio seit dat er de helske opdracht útfiere sil yn ruil foar jild. Sille Petruchio & Katharina elkoar úteinlik temme? Hoe rint it ôf mei de striid tusken de oanbidders fan de sus fan Katharina, Bianca? En dan de personaazjes…..graach stelle wy dizze kear jimme foar oan in pear spilers út ús ploech. Even wa’t sa binne en wa’t sy spylje…. Wa bist, wêr wennest en wat dochst yn it deistich libben? Myn namme is Pieter Riemersma en ik wenje mei myn frou Harmke en soan Grytzen yn Rien. 19

Ik wurkje as ferpleechkundige bij Molemann sikehûspsychiatry yn Snits. Hoe bist by de toanielferiening telâne kaam en wêrom dochst mei toaniel yn Itens e. o.? Myn earste kennismakking mei myn doarpsgenoaten wie ûnder de toanielútfiering fan in pear jier ferlien. Troch dizze doarpsgenoaten bin ik úteinlik ek bij de toanielferieniging kaam. Ik fyn it superleuk om mei buertbewenners in moai toanielstik del te setten. Ek ha ik de minsken yn de omjouwing better kinnen leart. Hoe faak hast al meidien en wat wie dyn favorite rol? Dit wurdt myn tredde seizoen dat ik meidoch mar de twadde kear dat we it ek echt útfiere kinne. Ik mocht myn rol foarrich jier graach dwaan, mar dizze rol wurdt ek wol hiel leuk. Hoe fierder de rol bij my wei stiet, hoe leuker ik it fyn! Hokker rol hast dit jier tadield krigen (tipke fan de ‘sluier’)? In professor út Pisa dy't op fakânsje spontaan fereale wurd! Wat binne dyn ambysjes op toanielgebiet? Dat ik de rollen dy't ik krij, hieltyd sneller eigen meitsje. Hokker ‘gouden’ tip kinst jaan oan minsken, dy ’t oerwage om in kear mei te dwaan? It is in hiele gesellige club. En dé kans om ris in oar personage te spyljen! Dus kom meidwaan! Wa bist, wêr wennest en wat dochst yn it deistich libben? Myn namme is Laura Margje Fopma. Ik wenje tegearre mei myn freon Sven en ús 2 froulju, Symke en Yldou op Hearedyk 51 yn Itens. Yn it dagelijks libben bin ik foarbewurker/autospuiter by autoschade van Kalsbeek yn Snits. Hoe bist by de toanielferiening telâne kaam en wêrom dochst mei toaniel yn Itens e. o.? Ik bin fia Thea by de toanielklup kommen. Nei wat ynformaasje fan har bin ik eins fuortendaliks mei gean spyljen. Myn suster spilet al hiel wat jierren toaniel yn Ingelum en is dochs wier wol myn ynspiraasjebron west om de stap te nimmen oant toanielspyljen. Hoe faak hast al meidien en wat wie dyn favorite rol? No dit wurdt eins pas myn 3e jier. De 1e kear dat ik mei soe dwaan, rekke ik yn ferwachting en wie ik rûn de útfieringsdatum útrekkene, dus spitigernôch koene wy dy gok net nimme. Dêrnei kamen de koroana jierren... Nynke Tadema, de resepsjoniste fan it stik Heartbreak Hotel kies ik dan tochs as favoryt, in hiel soad “stilspul”, in útdaging opsich! Hokker rol hast dit jier tadield krigen (tipke fan de ‘sluier’)? Dit jier ha ik in dûbelrol, net grut, mar hartstikke leuk. De 1e rol bin ik in tsjinner, in bytsje onbedwongen en ha ik eins gjin empathisch fermogen. 20

21

De 2e rol bin ik ek in tsjinner en bin der eins noch net oer út wat foar typetje ik hjir krekt spilje. Wat binne dyn ambysjes op toanielgebiet? Minder senuwen mei de útfieringen, ha ha! Nee, bin bygelyks net op syk nei de haadrol of suks. Guon spilers kinne hiel fluch skeakelje yn harren rol, dat soe ik ek wol wolle leare. Hokker ‘gouden’ tip kinst jaan oan minsken, dy ’t oerwage om in kear mei te dwaan? De groep, safolle ferskillende type minsken wêrsto safolle mei oefenst, is sa gesellich en je belibje in ôfgryslik soad wille! It is dochs fantastysk datsto mei sa'n groep minsken elk jier wer in toanielstik del kinst sette, wêr dan alle ynwenners fan de 4 doarpen (en noch folle mear) fan kinne genietsje? Wa bist, wêr wennest en wat dochst yn it deistich libben? Klaas Oldenburger, oprjochte 1956, berne 1957. Residerjend no yn Wommels Yn it deistich libben besykje ik as ienpitter ûndernimmers by te stean troch harren administrative ' omballingen ' te automatisearjen. Hoe bist by de toanielferiening telâne kaam en wêrom dochst mei toaniel yn Itens e. o.? Foar Toaniel en kabaret haw ik altyd al in swak hân. Net sasear as taskôger, mar mear as útfierder. Spylje al fan myn 21e. Meastal ôf by de toanielferiening yn it plak dêr 't wy wenne hawwe. Hoewol 't wy no ferhuze binne nei Wommels fiel ik my thús by “ Nim it sa ’t is ” Hoe faak hast al meidien en wat wie dyn favorite rol? Bin de tel kwyt en haw ek wolris in jierke oerslein. In favorite rol ha ik net. Meidwaan is it belangrykste. Makket net út oft dat no foar - of achter de skermen is. Hokker rol hast dit jier tadield krigen (tipke fan de ‘sluier’)? Grumio, knecht fan Petruchio. Prachtige rol. Past wol by my. Wat binne dyn ambysjes op toanielgebiet? Gjin inkelde. It is foar my klearebare ûntspanning. It iennichste wat ik wol is de ploech en besikers fan de foarstelling in leuke tiid besoargje. Hokker ‘gouden’ tip kinst jaan oan minsken, dy ’t oerwage om in kear mei te dwaan? Net útstelle mar oanmelde. Wat earder ast dat dochst, wat langer oftst der wille fan hast! Oft dat no spylje, technyk of oanklaaiïng is, der is altyd wol wat te dwaan. Spilers, bestjoer en meiwurkers fan Nim it sa’t is Hâlde jimme 22 en 23 maart frij yn de aginda?! 22

In jûntsje oan de stamtafel by… ‘De Kromme Keu’!! Fan septimber oant en mei maaie meitsje sy eltse woansdei gebrûk fan ús moaie doarpshûs. Se dogge dat no al mear as 50 jier. It binne fansels de leden fan biljertferiening ‘De Kromme Keu’! Yn it ferline krige ik al ris in masterclass biljerten fan ús leginde Germ Koldyk en ik brocht earder ek al ris ferslach út fan in kompetysjewedstriid fan de dart feriening. Mar de kompetysje jûnen by de biljertferiening ferrinne dochs wat oars as dy by de pylkjegoaiers. Dêr’t de darters it opnimme tsjin spilers fan oare ferienings en sawol thús- as útwedstriden ôfwurkje, spylje de biljerters allinnich mar tsjin inoar en hawwe sy sadwaande inkeld mar thúswedstriden. Yn sommige opsichten soene jo de biljertferiening sels wol fergelykje kinne mei in elitêre golfklup. Elkenien kin nammentlik net samar lid wurde fan dizze feriening. Mar gelokkich hat dat yn it gefal fan de biljerters neat te krijen mei de status of de feardichheden fan it potinsjele lid, mar alles mei it feit dat sy mar 1 biljert hawwe en eins net mear leden op ien jûn spylje litte kinne. Dat sit sa. Alle leden spylje op woansdei 1 kompetysjewedstriid tsjin in oar lid fan de feriening. In wedstriid duorret 25 beurten per persoan. Rûchwei duorret sa’n wedstriid ûngefear in heal oere. De feriening hat op it stuit 19 leden, dat betsjut 10 wedstriden op ien jûn. Jo ha gjin wiskunde knobbel nedich om út te rekkenjen dat de lêste partijen djip yn de nacht pas dien binne. En dêr is noch in oerienkomst mei de golfsport. Ek de biljerters hawwe nammentlik allegearre in saneamde ‘handicap’! In sifer dat harren kunde op it griene lekken oanjout. Hoe heger it sifer hoe mear punten dizze spiler meitsje moat om in potsje te winnen. Sa spilet elk op syn eigen nivo en kinne alle leden it dochs tsjin inoar opnimme. Fan acquit! As ik om in oer as healwei achten it kafee ynkom, ha ik de earste wedstriid fan ’e jûn al mist. Kees Jellema hat syn partij al yn winst omsetten en sadwaande no tiid om myn fragen te beäntwurdzjen en it ien en oar út te lizzen. Ferline wike is der ûnder de jiergearkomste in ein kommen oan Kees syn twadde perioade as foarsitter. Reinder de Jong hat it stokje no fan him oernaam. Mar Kees wie earder ek al ris ponghâlder en wie sels belutsen by de oprjochting fan de feriening! Hy is lid sûnt de earste oere. Mar wannear dat earste oere fan de klup no krekt west hat… dat is noch wol wat in dinkje. Kees: “Rens en ik binne yn maaie 1970 troud en dat ha wy doe hjir yn it kafee fierd. Us troufeest wie it lêste feest fan kroechbaas Wobbe van der Heide. 23

Dêrnei naam Freerk van der Leij it kafee oer en hy hat ek it inisjatyf naam om hjir in biljertferiening op te rjochtsjen. It wie dus om en nabij de winter fan 70/71 of miskien ek wol dy fan 72. Fansels hie Freerk dêr ek sels alle belang by. Mar sa is it ûngefear begûn”. Dan bisto dus al sa’n 52 jier lid. Dat is al in moai skoft. Wat fynsto eins sa aardich oan it spultsje? Kees: “Ja no. Ik bin ek al 52 jier troud. Dat fyn ik ek wol in moai spultsje”. No, dat seisto no wol, mar op sich kin dat ek de reden wêze om al 52 jier lid te wêzen fan de biljertferiening! Mar Kees fersekeret my dat syn trouwe lidmaatskip neat te krijen hat mei de kwaliteit fan syn houlik. Mar de toan oan tafel is hjirmei al setten. Oan it biljert is fan in fûleindige striid net folle te merken, mar oan de stamtafel is it sa no en dan in kwestje fan útdiele en ynkasseare. Kees: “Wat slop âldehoere is ek altyd moai no. En jo heare hjir somtiden ek it lêste nijs! Ja wier. Ik ha gjin Insta of Tiktok nedich”. Kees fertelt dat bûten de kompetysje om der ek noch 3x yn ’t jier in toernoai spile wurdt. Wêrûnder ien tusken Kryst en âld en nij. Wylts ik mei Kees yn petear bin geane de wedstriden fansels gewoan troch. Reinder de Jong moat it no opnimme tsjin syn buorman Ype Zijlstra. Ype moat yn 25 beurten 17 karamboals meitsje om it potsje te winnen en Reinder 32. De partij einiget miskien wol yn de meast ideale útslach dy’t jo foar twa buorlju betinke kinne. Nei 25 beurten hat Ype der 16 makke en Reinder 31. Beide ha presys 1 temin om harren doel te heljen en dus wurdt in lykspul notearre. Alle spilers ha yn ’t foar it spyl-skema fan dizze jûn tastjoerd krigen en witte sadwaande wannear 't sy oan bar binne. Sa no en dan komt der in nije ‘gladiator’ it kafee binnen en somtiden giet der ek wer ien op hûs oan. Mar der komme mear minsken binnen dan dat der fuortgean en sa wurdt it hieltyd geselliger yn it kafee. Jan de Alfa man! Foar my op de stamtafel leit ek it skema fan dizze earste kompetysje jûn. De spilers mei de minste ûnderfining moatte 14 karamboals (punten) meitsje om fan harren tsjinstanner te winnen. Mar Jan Boonstra jr. moat der yn itselde oantal beurten 38 meitsje! As hy binnen komt en sitten giet ynformearje ik efkes by elkenien oan tafel oft dizze grutte handicap him yn dit selskip ek de status fan ‘Alfa-mantsje’ jout. Hûndert út tajaan is wat tefolle fan it goede, mar elk oan tafel kin wol ûnderskriuwe dat yn dit selskip in grutte handicap wis al wat is om grutsk op te wêzen. Jan nimt it hjoed ek op tsjin syn buorman Sven van der Vries, dy’t tagelyk ek it jongste lid is fan de feriening. Hoewol Sven noch mar sûnt in jier lid is fan dizze feriening moat ek hy al it respektabel oantal fan 24 karamboals meitsje om in potsje te winnen. 24

It sil der alles mei te krijen ha dat hy himsels, yn syn earste jier as lid, de bynamme fan ‘brea-spiler’ opspjeldzje litten hat. Hy wûn yn syn earste jier nammentlik sawat alle prizen dy’t der dat jier te winnen wiene. Mar tsjin Jan hat Sven hjoed gjin kâns. Jan lit him hjoed efkes sjen wa’t de baas is en hellet yn 23 beurten syn doel fan 38 karamboals! Net allinnich biljerten In kompetysje jûntsje wurdt net mar allinnich folle mei biljerten. Fjouwer leden dy ’t al klear binne mei harren wedstriid skowe oan by in tafeltsje om in potsje te kaarten. Dizze kear gjin klaverjassen mar tachtigje. Oan de stamtafel giet it petear yntusken alle kanten út. ‘Banken binne oplichters’, de priis fan te keap steande wenningen wurdt besprutsen, jo kinne dêr te plak foar fergees stimadvys, de hjoeddeiske goudpriis komt noch foarby fleanen, mar ik hear ek dat sommige doarpsbewenners op it stuit siik thússitte. Alle 19 leden fan De Kromme Keu spylje 1x yn it jier tsjininoar. Dat makket dat der foar elk 18 kompetysjewedstriden te spyljen binne. De mannen ha ienris yn it jier in potsje dy’t in lyts bytsje oars is as oars. Dat komt omdat de feriening ek ien froulik lid hat yn de persoan fan Marian. Hoewol’t der eartiids ek in biljertferiening foar froulju aktyf wie yn it doarpshûs is it no allinnich oan har om de eare fan alle froulike biljerters heech te hâlden. Hjoed moat sy it opnimme tsjin Tim Houtsma. Ik hear efkes by Tim oft hy soms ek ekstra motivearre is om dizze wedstriid om te setten yn winst. Mar Tim fersekert my dat hy alle wedstriden like graach winne wol. ‘Goed antwurd Tim.’ Ik freegje fansels ek efkes oan de oare kant fan it biljert by Marian hoe oft sy har kânsen ynskat. “Kun je hem hebben?” Marian: “Ik kan iedereen wel hebben, maar niet tijdens het biljarten”. Harren wedstriid eindiget hjoed yndied yn in oerwinning foar Tim. It wurdt 15 tsjin 6. Wedstriid fan de wike Mar dan is it wat my oanbelanget tiid foar DE wedstriid fan dizze spylronde. Miskien wol de Feyenoord – Ajax fan dit seizoen. In wiere bruorrestriid tusken Otte en Douwe van der Weide. Fan te foaren besykje ik by de beide mannen wat te hifkjen oft it oansteande duel ek in bytsje libbet. Mar koelbloedich en bedaard as altyd, litte de mannen mar in ferdomd lyts bytsje emoasjes sjen. 25

Of soe der dochs mear yn harren omgean dan dat hja op it earste gesicht merke litte wolle? Otte, ek in lid fan de earste oere, moat aardich syn bêst dwaan om te winnen. Hy hat 34 karamboals nedich. Mar syn pear jier jongere broer docht fansels net folle foar him ûnder. Douwe moat der 29 meitsje om syn âldere broer te ferslaan. Otte nimt al gau in foarsprong. Hy makket in pear koarte searjes en by Douwe wol it nei de earste karamboal hieltyd mar net slagje om dan in knappe bal oer te hâlden. Sadwaande rint Otte aardich út. Opnij is der úterlik gjin fanatisme of spanning te fernimmen by beide matadors. Mar mei de pet der nei goaie bart seker ek net. By Otte giet it noch altyd knap. Ik hear fan in omstanner dat Otte ferrekte graach mei de wite bal spilet en in stik minder graach mei de giele. Hoe sit dat Otte, bisto soms wat byleauwich? Otte: “No ik bin der aardich oerhinne groeid. Mar der binne yndied wol tiden west, dat ik tocht dat ik mei giel beslist net winne koe”. Byleauwich as net, Otte spilet hjoed mei wyt en it giet poer bêst! En wat by him allegearre wol slagget wol by Douwe hjoed allegearre krekt net. Douwe: “Sokke dagen ha jo der spitich genôch ek wolris by, dan kinne je better ophâlde en oan it bier gean. Otte giet ûnderwylst gewoan troch en lit mei in searje fan 11 syn broerke, sprekwurdlik, alle hoeken fan it biljert sjen. Mar pas as Otte de winst definityf byskriuwe kin, docht bliken dat it foar him dochs net samar in potsje wie. Otte: “Jo probearje dizze dochs wol te winnen”. Douwe bliuwt kalm ûnder syn nederlaach. Hy goait gjin bekers op it ‘spylild’ en mekkert ek net op de skiedsrjochter. “Ik moat mar wat faker by Otte yn de golle oefenje”. Sa hear ik ynienen dochs wer wat. Hoewol de feriening mar ien biljert hat docht bliken dat ferskate leden fan de feriening sels ek in biljerttafel yn ‘e hûs hawwe. ‘Stikem oefenje’, neame de jaloerske leden sûnder eigen tafel dat. We neame fansels gjin nammen, mar der skynt sels in lid te wêzen dy ’t thús trije ferskillende biljerttafels stean hat! Sterke ferhalen Oan de stamtafel wurde no de sterke ferhalen ferteld út de 50 jierrige skiednis fan De Kromme Keu en it biljerten yn de ouwer doarpen. Sa is der by de leden fan de fûgelwacht ea alris in wedstriid yn de boeken kaam, dy’t ôfsein wurde moast ‘fanwegen tichte mist!’ Foar wa’t him no ôffreget ‘hoe dat dan?’ Dy minsken moatte der efkes by betinke dat it barde yn in tiid dat suver elkenien in pakje sigaretten of shag yn ‘e bûse hie en nimmen der ek mar oer prakkesearre om dy bûten op te smoken. Dat en it feit dat dizze twa manlju oan de ein fan in lange dei mear sin oan in pilske hiene dan noch in potsje biljerte, soarge foar dizze opmerklike notysje yn harren jierferslach. In oar lid hat in kear in flinke útbrâner krigen fan in sekere M. Zeinstra dy’t doetiids foarsitter wie fan it doarpsbelang. It betreffende lid (we neame opnij mar gjin nammen) hie nammentlik in pear froulike strippers nei it kafee komme litten. Ik freegje efkes oft M. Zeinstra dan miskien boas wurden wie omdat hysels net 26

útnûge wie? Mar de foarsitter hie witte litten dat it in ‘morele’ kwestje wie en dat it doarpshûs net bedoeld wie foar dit type ferdivedaasje. In oar lid oan de stamtafel wit noch oer dy kear te fertellen dat de komst fan dy famkes hielendal neat mei de biljertferiening út te stean hie. “It wie samar in sneontejûn”. Mar dan grypt Jan Boonstra yn: “Ja, mar it biljert waard dy jûn wol brûkt!” Ik freegje ek noch efkes oft alle kompetysje jûntsjes sa gemoedlik ferrinne as dizze jûn. Of dat der ek wolris ‘oarloch’ makke wurdt oan de biljerttafel. Dan wurd ik ferwiisd nei de keu fan Douwe! Douwe: “Ja dizze keu is eins wol spesjaal. It is de keu fan de âld kroechbaas en mei oprjochter Freerk van der Leij. Freerk moast lang lyn in kear biljerte tsjin Ids Veenstra en dat gie net hielendal goed. It einige yn spul en Freerk dy’t syn keu dwerstroch midden sloech op it liif fan Ids. Ik tocht, dy keu moat ik ha. ‘Dêr sit agresje yn dy stôk’. Ik ha him mei nei hûs naam en der in stik tusken setten en spylje der no noch altyd mei.” Handicap Ik fertelde al dat by de biljartsport de term ‘handicap’ frijwat gebrûklik is. Mar as Sikke Peenstra it kafee ynkomt kriget de term, dy ’t dizze jûn al in oantal kear oer de tafel gien is, dochs ynienen in hiele oare betsjutting. Sikke ferlear lange tiid lyn syn rjochter earm by in slim ûngemak. Mei troch help fan Douwe is dêr in spesjale stander foar him makke, dêr’t syn keu op steune kin. Sa slagget it him om noch altyd mei te spyljen. Sikke heart der hielendal by! It ljocht útdwaan. Der moatte noch twa partijen spile wurde, mar dy wachtsje ik mar net mear ôf. Dan wurdt it foar my echt te let. Ik hifkje noch wol efkes by Kees hoe oft it no sit mei minsken dy’t echt graach lid wurde wolle fan De Kromme Keu. Kees lit witte dat der noch wol ien en miskien ek wol twa by kinne, mar dat yn de hjoeddeistige opset de kompetysje dan wol echt fol sit. Dan binne der miskien noch wol mear opsjes. Mar dan moat der bygelyks spile wurde op twa ferskillende jûnen. ‘Of jimme moatte al dy thúsbiljerten ynsette!’ Kees : “No sa, it rêd him fêst wol wer op de ien of oare wize”. Verhalenavond Tijdens Verhalenavond kun je luisteren naar persoonlijke verhalen op de mooiste plekjes van Fryslân. In 2023 vertellen we elkaar verhalen op 17 november. Kijk voor locaties op www.verhalenavond.nl 27

Nieuws van Dorpsbelang Door Johan Postmus Beste dorpsgenoten, Als ik dit verslag schrijf zitten mijn oren nog bij te komen van het geweldige optreden van de tribute band CCR, Callahan Clearwater Revival, die optrad in de Lytse Fjouwere. Met de bands die nog komen en uiteraard de uitvoeringen van onze toneelclub ‘Nim it sa it is’ kunnen we wel stellen dat onze dorpen er in het kader van de Bloeizone cultureel goed voor staan. Valt me op dat er de laatste jaren steeds meer georganiseerd wordt rondom het dorpshuis. De verschillende gebruikers weten elkaar goed te vinden en we zien steeds meer nieuwe gezichten. Met andere woorden, de gemeenschap leeft. Laten we dat zo houden. Het bestuur van Dorpsbelang is na de zomerperiode alweer een paar keer bijelkaar geweest en we zijn druk bezig met de dagelijkse beslommeringen en zaken die gaan komen. Volgend jaar zal er opnieuw een Slachte-marathon gelopen worden. De organisatie verwacht van onze dorpen dat we ons steentje bijdragen om het geheel tot een leuk evenement te maken. Graag willen we weer een beroep doen op de verenigingen binnen onze dorpen om vrijwilligers te leveren. Net als de vorige keer zullen de verdiensten weer verdeeld worden onder de meewerkende verenigingen/clubjes. In een volgende Diggeloer zal er meer informatie komen, maar vrijwilligers kunnen zich nu al bij ons melden. Afgelopen voorjaar hebben vele AED-vrijwilligers een herhalingsles kunnen volgen om hun vaardigheden te oefenen en op peil te houden. Om ook het bestand vrijwilligers op niveau te houden, zoeken we nog een paar mensen, die na een korte cursus toegevoegd kunnen worden aan de lijst. Liefhebbers: meld je aan bij Elbrich Nauta. De feestdagen zijn alweer in zicht. Net als de afgelopen twee jaar gaan we ook dit jaar onze dorpen opsieren met een kerstboom. Een oproep aan eenieder: Maak er een leuke boom van! Ga aan de slag om versiersels te maken voor de boom van jullie dorp. De bomen zullen medio december geplaatst worden. Dit jaar zijn de dorpen Lytsewierrum, Rien en Hinnaard voorzien van nieuwe straatverlichting. Het heeft even geduurd, maar het resultaat mag er zijn. Als bestuur krijgen we nu regelmatig vragen waarom Itens niet is meegenomen. We hebben dit reeds aangekaart bij de gemeente tijdens ons jaarlijks ambtelijk overleg. Het is uiteraard een kostenplaatje waar op gewezen wordt. De verlichting van Itens staat momenteel nog niet op het programma om op korte termijn vervangen te worden. We blijven als bestuur hier alert op. In het kader van de verkeersveiligheid zijn we van mening dat er in Itens best wat mag gebeuren aan de inrichting van het dorp, incluis de straatverlichting. 28

Het zal denk ik niet op korte termijn opgelost worden, maar we doen uiteraard ons best om dit onderwerp actueel te houden. Heb je ideeën, laat het ons weten. Tot slot zou ik jullie willen vragen om, indien er zich zaken afspelen rondom de omgeving waar de gemeente een oplossing voor kan geven, deze zaken dan z.s.m. te melden op de site van de Gemeente Súdwest Fryslân. Uit ervaring weet ik inmiddels dat de meldingen serieus worden genomen en vaak snel uitgevoerd worden. Boekvragen van Ids Bronwasser, groep 6 Welk boek lees je: De waanzinnige boomhut van 65 verdiepingen Waar gaat het boek over: andy en Terry en dat de mieren aan vallen (geen idee hoe) en inspecteur bubbelspul komt ze gaan terug in de tijd naar de dinos Wat vind je van het boek: suuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuuper leuk omdat er leuke avonturen worden beleefd en dat er 13 nieuwe verdiepingen izjn gekomen en dat hij dan zegt wat het is en hoe het heet. De tekstwolkjes zijn ook super leuk. Andy en teddy zijn heel vaak jarig Hoe loopt het boek af: ze gooien het boek dat ze hebben gemaakt naar grootneusboeken. En dan ja, dan heeft meneer grootneus het boek en hij die schrikt dat het boek door het Een keer in de 4 jaar gebeurt er iets bijzonders op en om de eeuwenoude Slachtedyk. Ruim 15.000 wandelaars en hardlopers maken een tocht van 42 kilometer over deze voormalige dijk. Ze genieten onderweg van kunst, cultuur en het landschap om hen heen. De volgende Slachtemarathon is op 15 juni 2024. De reguliere kaartverkoop start op 13 januari 2024. Freonen van de Slachtemarathon kunnen een week eerder hun startbewijs bemachtigen. Oud deelnemers uit 2020 zullen ook een aantal dagen eerder voorrang krijgen op de reguliere kaartverkoop. Voor meer informatie volg onze website en kijk op Facebook en/of Instagram voor nieuws. Voor kaartverkoop: www.slachtemarathon.frl 29

Itenser Rûnte 2023 - 2024; 23e Troch Douwe Willemsma Hjir leit in program dat net om in bepaald tema hinne boud is. Der binne in pear ûnderwerpen om ekoteology hinne. Sytze Ypma hat dêr in hiel nijsgjirrige lêzing oer. Janneke Stegeman giet op dat ûnderwerp fierder yn. Smedes sil it ha oer it byld fan God en eins giet Jan Kroon dêr op yn mei de ideeën dy’t Halik beskreaun hat oer de takomst fan it christendom. As lêste slute wy ôf mei Ruud Bartlema dy’t ús yn byld en lûd meinimt nei Marc Chagall. Hy hat earer ferteld oer Chagall mar komt no mei prachtige bylden fan glês yn lead fan Chagall. 9 novimber - Ruud Bartlema: La Paix (makke troch Chagall) Yn Lotharingen hat Chagall it grutste glês yn lead rút makke It is makke as teken fan fersoening tusken Dútslân en Frankryk. Yn dit wurk is in hiel protte te sjen fan Chagall en hoe’t hy yn it libben stie. Neffens Bartlema sit der in hiel ferhaal achter dat hy fertelle sil. Hy giet ek koart yn op syn libben mar herhellet net wat hy ús de foarige kear ferteld hat. Ruud Bartlema (1944) studeerde theologie aan de Universiteit van Amsterdam. Daarnaast bekwaamde hij zich als kunstenaar aan de Vrije Akademie en volgde lessen in beeldhouwen en schilderen van Maarten Krabbé. Tot zijn 62e was hij predikant en nu werkt hij als beeldend kunstenaar en docent Joodse Mystiek in Amsterdam 30 november - Dr T.(Taede) A. Smedes: Tot God bidden om ons van God te verlossen Volgens de middeleeuwse mysticus meester Eckhart (ca 1260 – ca 1328) moeten we tot God bidden om ons van God te verlossen. Wat kan Eckhart hiermee bedoeld hebben en hoe zou die aanmaning ons vandaag verder kunnen helpen? In mijn lezing wil ik het gelovige denken van meester Eckhart in gesprek brengen met dat van de ongelovige filosoof Cornelis Verhoeven (1928-2001) aan de hand van diens eligieuze essay “Rondom de leegte” .Wil Eckhart misschien zeggen dat we hwt spreken over God volledig achter ons moeten laten? Zo ja, kan dat? Of raken we met zwijgen over God toch iets heel essentieels kwijt – en zo ja, wat dan? Of betekent het loslaten van godsbeelden dat we juist niet met lege handen ‘rondom de leegte’ staan?. Smedes is godsdienstfilosoof, theoloog enpublicist jier 30

Op sikebesite by Sjoerd Boonstra Troch Elisabeth It sil in soad minsken yn ús doarpen de ofrûne tiid net ûntgean wêze, mar ús doarpsgenoat Sjoerd Boonstra is efkes út de roulaasje. De altyd iverige túnman, gêrsmeaner, fytser en man, dy ’t eins altyd yn it spier is yn Itens en omkriten, sit al in oantal wiken thús mei de foet yn it gips. It wie sneon 26 augustus, in moaie simmerdei yn Itens. Sjoerd wie sa as altyd drok dwaande rûnom it hûs, doe ’t hy in ljedder tsjin it hûs ûntduts by buorman Hendrik (Bonsma). Hendrik hie lekkaazje op it dak en soe mar even nie boppe om te sjen wat der loos wie. Gjin goed idee sei Sjoerd, sil ik mar efkes? En sa barde. Sjoerd bûn twa ljedders oan elkoaar en sette se ûnder fêst mei in pear skroevedraaiers. Nei boppe en sjen wat der loos is. Der siet in stikje lead los, Sjoerd nei ûnderen en opnij nei boppe foar de reparaasje. En doe gie it mis. De skroevedraaier bruts ôf en Sjoerd foel fan it dak. En dêr lei er dan. De skrik der goed yn, mar lokkich wie Sjoerd net út de tiid mar fielde pine oan de foet. Mari Lou (partner fan Hendrik Bonsma) is mei Sjoerd nei it sikehûs yn Snits riden. Dêr hat ûndersiik plak fûn en binne foto’s naam. It like net goed mei it ‘middenvoetsbeentje’. De foet kaam yn it gips en mei de opdracht rêst nimme kaam Sjoerd wer thús. Mar dat falt net mei foar Sjoerd… geandewei it wykein krijt Sjoerd bot lêst en in soad pine. Ek de rêch die sear en dêr makke Sjoerd him soargen oer. Ek de knibbel waard dik. Dus yn it wykein werom nei it sikehûs, wêr it gips der wer ôf kaam. Moandeis mar wer komme. Nei it wykein bleek dat nei fierder ûndersiik dat it net goed is. Der sit in rare breuk by it ‘hiel- en sprongewricht en der moat in operaasje komme. En net yn Snits, of Ljouwert, of Grins. Nee, it wurd Amsterdam. Dy wike derop is Sjoerd mei twa broers nei Amsterdam ôfset. In hiele reist en belbbenis foar Sjoerd. In hiel grut sikehûs yn in hiele grutte, drokke stêd. 31

De operaasje slagget, Sjoerd is wat stiken izer yn de foet riker en komt woandeis wer thús by Gretha. Want der is gjin better plak as thús. En no is it frâl rêst wat de foet better meitsje moat. 8 wiken stean derfoar en Sjoerd mei him 15 novimber wer melde yn Amsterdam. Deljaan dus, it bêd yn de keamer en de foet omheech. Elke dei komt de thúsoarch del en sa no en dan ek de húsdokter. Tuskentroch krijt Sjoerd der noch in ferfelende ‘luchtweginfeksje’ by, wêrfoar hy twa kear in kuur krijt. Der komme in soad minsken oer de flier oan de Hearedyk 59 yn Itens; famylje, pake- en beppesizzers, buorlju, doarpsgenoaten. Dat docht Sjoerd en Gretha hiel goed en dat jout moed om der wer boppe op te kommen. En se kinne der no ek even út no ’t se in rolstoel hawwe. “Dit komt nea goed út” seit Sjoerd, “mar eins is dit de “bêste tiid” omdat der no net folle yn de tún te dwaan is”. Sjoerd bliuwt optimistysk; as aanst it gips derôf mei, sil der earst wol fysiotherapie komme en “rêstich opbouwe!” seit Sjoerd ek sels. Dan earst mar mei de rollator troch it doarp. Wat sille in soad minsken yn ús doarp wer bliid wêze as wy Sjoerd wer wat mear op ‘e dyk sjogge. Want sa heard it, de túntjes wer kreas, it gêrs wer koart en Sjoerd dy’t aanst wer op de fyts troch ús doarpen fytst! 32

De bewoners en hun verhaal Peter en Teresa – een leven in het teken van de kunst Door Hans Het leven van Peter en Teresa speelt zich sinds hun late twintiger jaren af in Lytsewierrum, in het huis waar ze nu wonen, het huis waar ze ooit werkten, waar ze elkaar leerden kennen, waar ze samen lief en leed deelden en waar hun beide zoons, Wouter en Job geboren werden. Maar ook waar zij jarenlang hun exposities organiseerden en vele, vele bezoekers ontvingen met eigengemaakte appeltaart, waar zij hun bezoek trakteerden op beelden van andere kunstenaars, maar waar zij vooral de mooie en bijzondere schilderijen en tekeningen, die door Teresa gemaakt zijn, tentoonstelden. Het is door Peter inmiddels opgeknapt tot een parel in Lytsewierrum, de mooie en karakteristieke pastoriewoning tegenover de oude Gertrudiskerk uit 1557. Ooit uitgeleefd en enigszins verwaarloosd kon hij het huis kopen, maar toen ‘moest er nog wel wat aan gebeuren’. Behalve het huis kon ook de tuin wel ‘wat liefde gebruiken’, waar vooral Teresa zich toe zette en met een minstens zo mooi resultaat: een tuin met beschutting en een heerlijk uitzicht op de weilanden rond het dorp. Peter is in de jaren vijftig geboren in Leeuwarden en groeide daar op in een voormalige pastorie aan de Spanjaardslaan. Na de middelbare school vertrok hij naar Bolsward om te leren voor levensmiddelentechnoloog, maar dat beviel niet erg. Peter: “Ik heb de opleiding wel afgemaakt, maar dat was dat. In mijn studententijd was ik regelmatig vrijwilliger in een kindertehuis en toen vroeg iemand eens: “Waarom ga je dit niet als werk doen?” En dat zag ik wel zitten. Er was een stichting Browndale met 4 huizen voor kinderopvang in Friesland en daar kon je met de nodige levenservaring de inservice-opleiding doen. Ik ging daar in januari 1981 aan de slag. Dat huis was dus dit huis, waar een soort therapeutisch, gezinsvervangend thuis gevestigd was voor kinderen met problemen en die niet langer bij hun eigen ouders konden blijven. Het werk was heel intensief, want je woonde hier met 6 kinderen en 4 begeleiders (‘groepsleiders’) in feite 24 uur per dag en 7 dagen in de week met een paar vrije dagen per maand.” Teresa: “Je vormde met de kinderen en de andere leiders gewoon een gezin en een huishouding met de gebruikelijke dingen als boodschappen doen, eten koken, schoonmaken enzovoort. Doel van de opvang was om de kinderen, die instroomden in een leeftijd van 3 tot 16 jaar, uiteindelijk weer geschikt te maken voor een normaal leven, om ze vertrouwen te geven, om ze kind te laten zijn. Toen ik hier ging werken kwam er een meisje van 6 jaar, dat thuis gewend was om het hele huishouden te regelen. Ze had niet de gelegenheid gehad om kind te zijn. Ik moest heel langzaam beginnen haar vertrouwen te winnen en vervolgens heel langzaamaan al 33

die volwassen taken, die ze op zich genomen had weer van haar af te nemen. Zo kon ze af van alle verantwoordelijkheden en weer kind worden. Daarna kon ze dan op weg naar een normale groei en de normale verantwoordelijkheden op zich nemen die pasten bij haar leeftijd. Het was gebruikelijk om in de hele kwetsbare fase, waarin jij de enige degene was die zo’n innige band met het kind had, het kind mee naar huis te nemen, ook als je ‘vrij’ had. Heel intensief was dat. Soms gingen we met de kinderen op vakantie en dat duurde dan wel 4 weken. Dan gingen we met tenten naar een plek in het bos. Dan kregen we vooraf een korte opleiding hoe te overleven in het bos; een slaaptent bouwen met de kinderen of een keukentent. We gingen eerst houtsprokkelen en konden zo vuur maken om eten te koken.” Peter werkte hier als begeleider en toen kwam jij, Teresa, hier ook? Peter: “Het was zo, dat de stichting in 1982 failliet ging. Door een overkoepelend orgaan was geregeld dat alle kinderen en begeleiders konden blijven en dat de manier van werken bleef bestaan. Omdat het werk erg intensief was werkte je niet langer dan 2 à 3 jaar en mijn contract werd eind 1983 beëindigd. Begin 1984 kwam ik hier op een keer weer langs en toen liep er een ‘buitenbeentje’ rond, een heer in driedelig pak. Dat bleek de makelaar te zijn, die namens de curator het huis moest taxeren. Omdat de anderen eigenlijk geen tijd hadden, heb ik de beste man rond geleid en hem fijntjes gewezen op de rotte kozijnen en al het achterstallig onderhoud. Hij verwachtte geen al te hoge prijs voor het huis te kunnen krijgen. Thuisgekomen zocht ik mijn ontslagbrief ten tijde van het faillissement en belde de curator met de vraag of het huis te koop stond en zo is de bal gaan rollen. Inmiddels was Teresa hier komen werken en zo ontmoetten wij elkaar. Het ‘gezin’ zou verhuizen naar Wommels, maar dat was nog niet klaar, dus heb ik het huis eerst nog een halaar verhuurd, maar ondertussen mocht ik wel beginnen met opknappen. En kwam ik dus regelmatig over de vloer, niet in de laatste plaats vanwege die leuke ‘Trees’.” Teresa: “Toen ik hier kwam leek het alsof er overal kinderen waren, uit het raam, in de boom en in de tuin. Die tuin was nogal verwaarloosd en het huis was uitgeleefd. Voor onderhoud was er geen tijd geweest. Ik kon wel meteen meehelpen met de verhuizing. Het was toen zo, dat het tussen twee begeleiders wel heel erg goed klikte, dus zij was zwanger en hij ging met haar mee. Zo stond er ineens bijna een heel nieuw team. Omdat ik net nieuw was, ging het wat te snel, want ik werd daarna bijna meteen gezinshoofd.” Peter: “Een mooie anekdote is, dat mijn stiefmoeder het huis in Leeuwarden wilde moderniseren en daarbij werd de voordeur met fraaie klassieke roosters voor de ruiten bij het grofvuil werd gezet. Jaren later toen wij onze beeldentuin organiseerden liep ook onze reuze aardige ouwe buurman van de Spanjaardslaan, Henk de Haan, bij ons de tuin in. Ik leidde hem rond in huis toen hij onze voordeur zag. Hij zei: “Daar moeten eigenlijk roosters voor.” 34

35

Kortom, hij was al drie keer verhuisd en waarom wist hij niet, maar hij had de roosters uit Leeuwarden gered uit het grofvuil en had ze ruim 35 jaar bewaard. Uiteindelijk bleken ze precies te passen en zitten nu alweer jaren in onze eigen voordeur! Oftewel: toeval bestaat niet. Daar hebben we nog een voorbeeld van. Mijn grootvader is dominee geweest, onder andere in de Grote Kerk in Leeuwarden. Bij zijn emeritaat (pensioen, red.) kreeg hij van de kerkenraad een groot schilderij van de Grote Kerk met daarvoor een koets in de sneeuw geschilderd door Johannes Elzinga. Na het overlijden van mijn vader wilde niemand dat schilderij hebben, dus heb ik het gekregen en wij hebben het hele schilderij ooit eens laten schoonmaken. Zo zag het er weer prachtig uit. We wilden er wat mee en toen heb ik de kerkenraad van de Grote Kerk aangeschreven, maar die reageerden niet meteen positief. Tot op een gegeven moment er een stel bij ons op de expositie kwam. Daar kwamen we mee in gesprek en bleek het de man van de kerkenraad te zijn die ik had aangeschreven.” Teresa: “Ik naar boven en haalde het schilderij tevoorschijn. Hij werd meteen enthousiast en eind van het verhaal is dat het schilderij nu al een poos prachtig op zijn plek is in de Grote Kerk. Het lijkt dus echt dat er meer is tussen hemel en aarde, waardoor dit soort dingen gebeuren.” Een kleine Peter voor de deur in de Spanjaardslaan; zie de roosters! Teresa, we weten nu hoe jij in Lytsewierrum terecht kwam, maar waar kwam jij vandaan? Teresa: “Ik kom van Wieringen, een voormalig eiland in Noord-Holland, vlak bij Den Oever. Ik solliciteerde hier in Friesland en dat was wel wat: helemaal de dijk over. Ik ben vroeger nogal zoekend geweest, leren was niet echt iets voor mij en het tekenen zat er wel altijd al in. Dat was mijn houvast. Ik groeide op in de jaren 60 en 70, waarin er veel veranderde; dat maakte het niet gemakkelijker. Maar Wieringen was voor mij wel heel speciaal, ondanks dat het voormalig eiland in die tijd een nogal benepen samenleving was met kleurrijke types als de schillenboer en de melkboer en zo. De meeste mannen waren daar vissers, maar mijn opa werd altijd zeeziek. Daarom begon hij een winkel en breidde dat in de loop van de tijd verder uit. Mijn ouders hebben dat overgenomen en voortgezet. In Den Oever was een bar, waar wij dan wel uit gingen. Eigenlijk was het zo dat je, als je uit Hippolytushoef kwam, niet uit moest gaan met een jongen uit Den Oever. Dat was haat en nijd tussen die dorpen. Maar wij gingen dus wel. 36

En er was een jazzcafé waar ik veel kwam. Het werd gerund door Amsterdammers en daar traden beroemde jazzmusici op; de grote wereld kwam daar binnen. Op zondagmiddag was er dan een optreden en daarna was het vis eten. Ik stond daar als tiener wel achter de bar. Die tijd heeft mij erg gevormd. Je kon daar open praten over wat je bezighield; dat was onwijs leuk.” En toen kwam je naar Friesland en ontmoette een aardige en handige jongen Peter: “Toen konden we aan de slag met een huis, dat verwaarloosd was. De ruiten zakten door de verrotte sponningen naar beneden en de energierekening was torenhoog. We zijn toen eerst maar begonnen met een houtkacheltje, zodat alles in de woonkamer gebeurde, want de rest van het huis was ijskoud. Vervolgens hebben we het hele huis aangepakt: tuinkamer gemaakt, een kamer voor Job, een atelier en zo verder. Maar ik vond het wel lekker zo bezig zijn.” Teresa: “Toen ik klaar was met het werk in het gezinshuis in Wommels ben ik bij Peter ingetrokken. En is er nog wel een mooi verhaal over ‘toevalligheden’. Toen ik hier nog maar nèt woonde, mijn ouders waren hier nog niet op bezoek geweest, gingen ze met een oom en tante naar het Jopie Huisman museum en daar zagen ze een werk getiteld ‘Lutkewierum bij nacht’. Mijn oom maakte de opmerking dat de dominee van Wieringen, dominee Bax, daar was geboren, in de pastorie van Lutkewierum. “Uhh, Lutkewierum... woont Trees daar niet?” Toen ze weer thuis waren belden ze mij en kwamen kort daarna in Lytsewierrum op de koffie. En een poosje later kwam ook dominee Bax nog eens kijken naar zijn geboortehuis.” Peter en Teresa op het bankje waar al veel eerdere bewoners op vereeuwigd zijn Hun prachtige pastoriewoning 37

Exposeren Teresa: “Toen we de tuin en het huis een beetje op orde hadden, kwamen er regelmatig toeristen langs, die de fraaie tuin bewonderden en zo kwamen we op het idee om een theetuin te beginnen. In de tussenliggende tijd heb ik de kunstacademie afgerond en heb daar een aantal mensen leren kennen. Zo kwamen we op het idee om de theetuin ook te gebruiken om werk van mijzelf en van anderen, schilderijen, keramiek en beelden te exposeren. Peter organiseerde dat en samen verzorgden we de ontvangst van de gasten met koffie en thee en wat erbij. Het was een hoop geregel, maar in het derde jaar ging het goed lopen en verkochten we de eerste stukken. Toen werd het echt leuk en kwamen we in contact met heel veel leuke en interessante mensen.” Peter: “Bij ons kwam je gezellig in de tuin en hoef je niet naar een galerie. We hebben het vijftien jaar met veel plezier gedaan en zo konden we mensen op een laagdrempelige manier met kunst in aanraking brengen.” Dank jullie wel en nog heel veel geluk in jullie mooie huis De kunst van Teresa vind je hier: teresatakes.nl Peter doet veel aan historisch onderzoek naar Lytsewierrum: zie lytsewierrum.nl 38

Rienk Rispens Voor al uw tuinwerk Verhuur van - hoogwerker - houtklover - klepelmaaier - minikraan - sloophamer - stenenknipper - stobbenfrees - stoomreiniger - takkenversnipperaar - trilplaat en trilblok - tuinfrees - verticuteermachine 40

GRIEPPRIK EN ANDERE VACCINATIES NAJAAR 2023 HUISARTSEN WOMMELS-EASTEREIN Het najaar is weer begonnen en binnenkort is er weer de jaarlijkse griepvaccinatie. Alle 60+-ers en alle hart-, long-, nier-, suiker- en reumapatiënten en alle mensen met een verminderde weerstand t.g.v. bestraling en/of chemotherapie komen in aanmerking voor de griepprik en zullen eind oktober oktober een uitnodiging thuis ontvangen. Daarnaast krijgen alle mensen van de geboortejaren 1957 t/m 1960 een uitnodiging om zich te laten vaccineren tegen pneumokokken, een bacterie die een ernstige vorm van longontsteking kan veroorzaken. De vaccinaties kunnen gelijktijdig plaatsvinden en beide zijn uiteraard vrijwillig. Wij nemen het advies van de gezondheidsraad over en adviseren iedereen die een uitnodiging krijgt om zich te laten vaccineren. Net als voorheen kunt u voor de griepprik weer zowel in Easterein als in Wommels terecht. Op onderstaande data gaan we vaccineren: · Maandag 13 november van 17:00 – 20:00 uur in onze Praktijk te Easterein, van Eysingaleane 10 · · Donderdag 23 november van 17:00 – 20:00 uur in het Dielshûs, Bosk 51 8731 te Wommels Eerste letter achternaam Voorkeurstijd A t/m G H t/m Q R t/m Z 17:00 – 18:00 18:00 – 19:00 19:00 – 20:00 U mag kiezen waar u zich laat vaccineren, maar wordt verzocht, in verband met spreiding van de drukte, bij voorkeur te komen op hierboven aangegeven tijden. Mocht u geen uitnodiging hebben ontvangen, maar komt u met reden toch in aanmerking voor de griepprik, kom dan gewoon naar op een van onderstaande tijdstippen naar de priklocatie. NEEM A.U.B. DE UITNODIGING VOOR DE PRIKKEN MEE NAAR DE VACCINATIELOCATIE EN TREK MAKKELIJKE BOVENKLEDING AAN! CORONAPRIK DIT NAJAAR: Hierbij willen wij ook de coronaprik nog even onder uw aandacht brengen: Wist u dat u, als u in de doelgroep valt, u dit jaar een coronaprik bij de GGD mag halen? Bent u geboren in 1963 of eerder? Dan krijgt u een persoonlijke uitnodiging per post. Als u tussen 1964 en 2005 bent geboren ontvangt u geen brief, maar kunt u zelf een afspraak maken. Dit kan vanaf 16 oktober via www.planjeprik.nl of als u geen DigiD heeft via 0800-7070. 41

Schilderwerken Knevelman in Itens - 06-43231940 - Info@schilderwerken42

Geheugensteun AED Itens AED Rien Reinder Abels Karin Vermeeren Janny Bootsma Sippy Wiersma Ferry Korbach Janny Fritsma Anke Strikwerda Irma Rijpstra Immie Kamstra Thea Metz Joke Krist Hinke Jellema 06-2442 9188 Wiebren Vallinga 06-5368 8359 06-2843 6393 06-5173 7555 06-8193 5667 06-4616 3802 06-1543 1644 06-1018 0813 06-1767 8212 06-4877 9313 06-5464 0078 06-4426 4471 06-5127 2728 AED Lytsewierrum Jannie Jaarsma Caspar Bronwasser Nienke van Foeken Peter Plantinga Regina Hofstra Johan Postmus AED Hennaard Hiltje Leijenaar Jeannet van Ommen 06-5593 3722 Wietske Dijkstra Guus de Rechter Esther Brouwer 06-3088 9624 06-1026 3034 06-2150 2038 06-2487 8954 06-4368 7972 06-2056 2566 06-1233 0658 06-1232 2993 06-3406 9558 06-1121 3174 Huisarts Huisartsenpraktijk Wommels-Easterein - 0515-331331 -ass.huisartswommels@ezorg.nl Hornstra, Boazum - 0515-521223 - huisartshornstra.praktijkinfo.nl Bergwerff, Winsum - 0517-341272 - huisartswinsum.nl Avond– en weekenddiensten Voor spoedeisende huisartszorg buiten gewone praktijktijden bellen met Dokterswacht: 0900 112 7 112 Veearts It Griene Hert 0515-331387 Wijkagent /politie 0900-8844 Sierd Steigenga, Bureau Bolsward – sierd.steigenga@friesland.politie.nl Opstapper / Belbus 0800 - 2802803 Reserveren minimaal één uur van te voren. Kosten: € 2,50 per enkele reis WMO Gemeenteloket Súdwest-Fryslân, Postbus 10.000, 8600 HA Sneek - www.sudwestfryslan.nl Pippi’s kinderopvang, Yn’e Romte, Itingewei 2 Itens Peuterspelen aanmelden bij Feikje via feikje@kidsbest.nl of 06-286 999 84 BSO aanmelden bij Karlijn via karlijn@kidsbest.nl of 06-816 235 12 BEGRAFENISVERENIGING “De Twa Doarpen Lytsewierrum-Rien” Uitvaartverzorger M. Heslinga, dag en nacht bereikbaar op 0515 – 85 57 57 BEGRAFENISVERENIGING “De Laatste Eer Itens/Hennaard” Uitvaartverzorger M. Heslinga, dag en nacht bereikbaar op 0515 – 85 57 57 NB. Vereniging neemt geen nieuwe leden meer aan; service is alleen voor bestaande leden Dit overzicht is met de grootste zorg samengesteld. Zijn er desondanks fouten ingeslopen, laat dat ons dan even weten: diggelfjoer@live.nl 43

44

Kroechferhalen - Wedden dat…? Troch Watse Kinne jimme jim it telefyzjeprogramma ‘Wedden dat..?’ noch heuge? Nee, no dan hjirby in lytse opfrisser, wat ek wol handich is foar elk dy’t yn dizze iuw berne is. Presentator Jos Brink (hy rêste yn frede) ûntfangt allegearre minsken yn syn programma dy’t sizze wat bysûnders te kinnen. Tink bygelyks oan immen dy’t seit oan it lûd fan de toeter it merk en type auto werkenne te kinnen. Of ien dy’t beweart dat hy binnen 2 minuten 10 sjampagneglêzen op inoar steapelje kin, mei in foarkheftruck! Ik wie in lyts mantsje doe’t hiel Nederlân fol spanning op sneontejûn foar de telefyzje siet te sjen nei de meast bysûndere weddenskippen. Mar sa mâl as sommige besikers fan it kafee yn Rien it diene.., nee dat ha ik it doe net foarby kommen sjoen… It spilet him ôf sa om ende by 1975-‘80. It kafee yn Rien is dan yn hannen fan Aalzen de Haan. In rûge keardel dêr’t alles kin en mei en dy ’t allinnich mar krekt sjocht as it op ôfrekkenjen oankomt. Op sneintemiddeis kriget syn kafee geregeld besite fan folk dat suver noch dubieuzer is dan hysels. It binne stik foar stik mannen mei in reputaasje en in gebrûksoanwizing. En sy binne nei Rien kaam foar in foarm fan ferdivedaasje dêr’t sy eins net al te folle nijsgjirrigen by brûke kinne... Sa komt it geregeld foar dat in pear minsken earst de kroech út sjoen wurde foardat de manlju dogge dêr’t sy eins foar kommen binne. Mar as de kust dan feilich genôch is sette sy harren te plak oan de tafel, yn de hoeke fan it kafee, tichtby de brêge en de Frjentsjerterfeart. Der komme wat slokjes en wat kâlde kletsers op tafel en dan kin it oangean. Gokke! En net te sunich! Ien fan de mannen leit in briefke fan 100 gûne op tafel en seit dan tsjin syn konkurrinten: “Wedzje dat de earstfolgjende auto út de rjochting fan Snits komt!” 45

“Nee, neat fan wier”, foarsjocht inoar en hy leit der fuortdaliks in briefke fan 100 by. It duorret fansels mar in koart skoftke foardat de briefkes troch de winner opeaske wurde. As de spanningsopbou wol wat langer duorje mei sette sy jild yn op hokker automerk as earste foarby komme sil. “Is it in Ford of in Opel?” Of as der mear gokkers om ’e tafel sitte, dogge miskien ek de merken Citroën en ‘Volkswein’ wol mei. En dan mar wachtsje op wat kommen giet. Mar de gokkers yn Rien wolle ek wolris wat oars en binne wakker kreatyf, sil ik jimme sizze. Se gokke op alles wat los en fêst sit en belûke suver altyd harren omjouwing yn it spul. As in kuierjend steltsje oanrinnen komt, gokke sy wa fan harren as earste de foet op it brêgedek sette sil. Ek de oare gasten yn it kafee kinne sûnder it sels te witten ûnderdiel wurde fan in weddenskip. Wa nimt oan it tafeltsje fierderop bygelyks as earste in slok fan syn kofje of pilske? Der wurdt betiden grof jild ynsetten. In pear hûndert gûne liket de mannen uterlik neat te dwaan. De ynset rint betiden sels op oant wol tûzend gûne! Mar gelokkich hawwe de mannen net allinnich mar each foar jild mar ek foar oare saken. Foar de natuer bygelyks. En dat docht my as leafhawwer altyd goed. Harren each falt bygelyks op twa protters op it dak fan de âld bakkerij, tsjinoer it kafee. Mar dan seit ien fan harren: “Wedzje dat de linker as earste wer fuort flocht?” En ja hear, dan fleane der ek wer in stikmannich Snippen* oer de tafel. Mar de moaiste weddenskip dêr’t ik fan heard ha gie oer de einen yn de Frjentsjerterfeart. As in spantsje einen rjochting de brêge swimt, rôpt ien fan de mannen: “Ik wedzje dat de jerke as earste ûnder de brêge trochkomt! “Wol nee, hoe komst dêrby! It eintsje giet earst fansels…” Basearre op wiere foarfallen dy ‘t ik mei tank oan Jan Spannenburg opskriuwe koe. * Foar de komst fan de euro, hie Nederlân de aldermoaiste bankbiljetten fan de hiele wrâld. Se wiene sa kleurich en oars as oars dat bûtenlânske minsken somtiden it jild net iens ha woene, omdat sy tochten dat it nep jild wie. Op it biljet fan 100 gûne stie lange tiid de ôfbylding fan in Snip en sa kaam dit biljet fansels maklik oan syn (by)namme. 46

47

48

1 Online Touch

Index

  1. 1
  2. 2
  3. 3
  4. 4
  5. 5
  6. 6
  7. 7
  8. 8
  9. 9
  10. 10
  11. 11
  12. 12
  13. 13
  14. 14
  15. 15
  16. 16
  17. 17
  18. 18
  19. 19
  20. 20
  21. 21
  22. 22
  23. 23
  24. 24
  25. 25
  26. 26
  27. 27
  28. 28
  29. 29
  30. 30
  31. 31
  32. 32
  33. 33
  34. 34
  35. 35
  36. 36
  37. 37
  38. 38
  39. 39
  40. 40
  41. 41
  42. 42
  43. 43
  44. 44
  45. 45
  46. 46
  47. 47
  48. 48
Home


You need flash player to view this online publication