27

útnûge wie? Mar de foarsitter hie witte litten dat it in ‘morele’ kwestje wie en dat it doarpshûs net bedoeld wie foar dit type ferdivedaasje. In oar lid oan de stamtafel wit noch oer dy kear te fertellen dat de komst fan dy famkes hielendal neat mei de biljertferiening út te stean hie. “It wie samar in sneontejûn”. Mar dan grypt Jan Boonstra yn: “Ja, mar it biljert waard dy jûn wol brûkt!” Ik freegje ek noch efkes oft alle kompetysje jûntsjes sa gemoedlik ferrinne as dizze jûn. Of dat der ek wolris ‘oarloch’ makke wurdt oan de biljerttafel. Dan wurd ik ferwiisd nei de keu fan Douwe! Douwe: “Ja dizze keu is eins wol spesjaal. It is de keu fan de âld kroechbaas en mei oprjochter Freerk van der Leij. Freerk moast lang lyn in kear biljerte tsjin Ids Veenstra en dat gie net hielendal goed. It einige yn spul en Freerk dy’t syn keu dwerstroch midden sloech op it liif fan Ids. Ik tocht, dy keu moat ik ha. ‘Dêr sit agresje yn dy stôk’. Ik ha him mei nei hûs naam en der in stik tusken setten en spylje der no noch altyd mei.” Handicap Ik fertelde al dat by de biljartsport de term ‘handicap’ frijwat gebrûklik is. Mar as Sikke Peenstra it kafee ynkomt kriget de term, dy ’t dizze jûn al in oantal kear oer de tafel gien is, dochs ynienen in hiele oare betsjutting. Sikke ferlear lange tiid lyn syn rjochter earm by in slim ûngemak. Mei troch help fan Douwe is dêr in spesjale stander foar him makke, dêr’t syn keu op steune kin. Sa slagget it him om noch altyd mei te spyljen. Sikke heart der hielendal by! It ljocht útdwaan. Der moatte noch twa partijen spile wurde, mar dy wachtsje ik mar net mear ôf. Dan wurdt it foar my echt te let. Ik hifkje noch wol efkes by Kees hoe oft it no sit mei minsken dy’t echt graach lid wurde wolle fan De Kromme Keu. Kees lit witte dat der noch wol ien en miskien ek wol twa by kinne, mar dat yn de hjoeddeistige opset de kompetysje dan wol echt fol sit. Dan binne der miskien noch wol mear opsjes. Mar dan moat der bygelyks spile wurde op twa ferskillende jûnen. ‘Of jimme moatte al dy thúsbiljerten ynsette!’ Kees : “No sa, it rêd him fêst wol wer op de ien of oare wize”. Verhalenavond Tijdens Verhalenavond kun je luisteren naar persoonlijke verhalen op de mooiste plekjes van Fryslân. In 2023 vertellen we elkaar verhalen op 17 november. Kijk voor locaties op www.verhalenavond.nl 27

28 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication