Op sikebesite by Sjoerd Boonstra Troch Elisabeth It sil in soad minsken yn ús doarpen de ofrûne tiid net ûntgean wêze, mar ús doarpsgenoat Sjoerd Boonstra is efkes út de roulaasje. De altyd iverige túnman, gêrsmeaner, fytser en man, dy ’t eins altyd yn it spier is yn Itens en omkriten, sit al in oantal wiken thús mei de foet yn it gips. It wie sneon 26 augustus, in moaie simmerdei yn Itens. Sjoerd wie sa as altyd drok dwaande rûnom it hûs, doe ’t hy in ljedder tsjin it hûs ûntduts by buorman Hendrik (Bonsma). Hendrik hie lekkaazje op it dak en soe mar even nie boppe om te sjen wat der loos wie. Gjin goed idee sei Sjoerd, sil ik mar efkes? En sa barde. Sjoerd bûn twa ljedders oan elkoaar en sette se ûnder fêst mei in pear skroevedraaiers. Nei boppe en sjen wat der loos is. Der siet in stikje lead los, Sjoerd nei ûnderen en opnij nei boppe foar de reparaasje. En doe gie it mis. De skroevedraaier bruts ôf en Sjoerd foel fan it dak. En dêr lei er dan. De skrik der goed yn, mar lokkich wie Sjoerd net út de tiid mar fielde pine oan de foet. Mari Lou (partner fan Hendrik Bonsma) is mei Sjoerd nei it sikehûs yn Snits riden. Dêr hat ûndersiik plak fûn en binne foto’s naam. It like net goed mei it ‘middenvoetsbeentje’. De foet kaam yn it gips en mei de opdracht rêst nimme kaam Sjoerd wer thús. Mar dat falt net mei foar Sjoerd… geandewei it wykein krijt Sjoerd bot lêst en in soad pine. Ek de rêch die sear en dêr makke Sjoerd him soargen oer. Ek de knibbel waard dik. Dus yn it wykein werom nei it sikehûs, wêr it gips der wer ôf kaam. Moandeis mar wer komme. Nei it wykein bleek dat nei fierder ûndersiik dat it net goed is. Der sit in rare breuk by it ‘hiel- en sprongewricht en der moat in operaasje komme. En net yn Snits, of Ljouwert, of Grins. Nee, it wurd Amsterdam. Dy wike derop is Sjoerd mei twa broers nei Amsterdam ôfset. In hiele reist en belbbenis foar Sjoerd. In hiel grut sikehûs yn in hiele grutte, drokke stêd. 31
32 Online Touch Home