De operaasje slagget, Sjoerd is wat stiken izer yn de foet riker en komt woandeis wer thús by Gretha. Want der is gjin better plak as thús. En no is it frâl rêst wat de foet better meitsje moat. 8 wiken stean derfoar en Sjoerd mei him 15 novimber wer melde yn Amsterdam. Deljaan dus, it bêd yn de keamer en de foet omheech. Elke dei komt de thúsoarch del en sa no en dan ek de húsdokter. Tuskentroch krijt Sjoerd der noch in ferfelende ‘luchtweginfeksje’ by, wêrfoar hy twa kear in kuur krijt. Der komme in soad minsken oer de flier oan de Hearedyk 59 yn Itens; famylje, pake- en beppesizzers, buorlju, doarpsgenoaten. Dat docht Sjoerd en Gretha hiel goed en dat jout moed om der wer boppe op te kommen. En se kinne der no ek even út no ’t se in rolstoel hawwe. “Dit komt nea goed út” seit Sjoerd, “mar eins is dit de “bêste tiid” omdat der no net folle yn de tún te dwaan is”. Sjoerd bliuwt optimistysk; as aanst it gips derôf mei, sil der earst wol fysiotherapie komme en “rêstich opbouwe!” seit Sjoerd ek sels. Dan earst mar mei de rollator troch it doarp. Wat sille in soad minsken yn ús doarp wer bliid wêze as wy Sjoerd wer wat mear op ‘e dyk sjogge. Want sa heard it, de túntjes wer kreas, it gêrs wer koart en Sjoerd dy’t aanst wer op de fyts troch ús doarpen fytst! 32
33 Online Touch Home