Yn petear mei de nije koster fan de Martintsjerke yn Itens: Jannie Schotanus. Troch Esther Koster yn Itens: hoe kaam dat sa? ‘De koster fan Itens koe ik goed,’ laket Jannie, ‘dat wie myn mem (Anneke Schotanus, red.). Se wurdt en waard bot stipe troch myn heit derby. Sy wennen mei nocht yn it kostershûs neist de tsjerke. Ik wist dat sy in stapke werom sette woene en dêrom in oar plakje sochten om te wenjen.’ En doe kaamsto yn byld? ‘No, sa maklik gie dat net. Fansels moast de tsjerkerie d’r oer gean. Sy gean oer de Martinistjerke en oer harren besittingen, sa ek oer it kosterskip en it kostershûs neist de tsjerke’, seit Jannie. “Ik ha de tsjerkerie skreaun om te freegjen of ik yn oanmerking komme koe foar de funksje en foar it hûs. De tjserkerie hat har leden hifke en doe’t d’r gjin tsjinkandidaten wiene, kamen wy d’r út.’ En do wennest hjir no by de tsjerke? ‘Ja, wy wenje hjir sûnt febrewaris fan dit jier. En bin sunt de simmer fan 2023 yn funksje as koster. Ik koe de boel moai earst eefkes ôfsjen fan myn mem (en heit). Moai, en wat hasto sa’al te dwaan as koster? ‘Fansels draai ik de tsjerketsjinsten. Elke lêste snein foan de moanne hawwe wy in tsjinst hjir. Dat bestjut dat ik soargje dat de kachel waarm is, ik soargje dat it lûd fan de sprekker te hearen is foar eltsenien en soargje foar de koe en tee nei ôfrin fan de tsjinst. Derneist hawwe hjir de gearkomsten fan de “Itenser Rûnte”, ek ien kear yn de moanne (Douwe Willemsma skriuwt d’r wolris oer yn de Diggeloer, red.).” En de klok? Dêr is somtiden wolris wat oer te dwaan yn it doarp. Dan giet de klok te gau, dan is de klok te lûd, dan wer te faak… Jannie: “Ja, ik soargje ek foar it lieden fan de klok, mar dat giet allegear automatysk. In kertier foar de stjinst giet d’r, dus om 9:45 oere op sneins. Mar ek automatysk om 8, 12 en 18 oere. Dat stel ik yn. Ik lied de klok sels noch by de begraffenissen. Mar dat is no ek allinne mar in knopke omsette. Dat wie eartiids wol oars’. Hoe sa? ‘Ik ha hjir fansels ek as bern wenne. Myn mem wie al koster doe’t ik lyts wie en rûn myn ôlfde jier binne wy yn dit hûs kommen te wenjen. Doe moasten wy sels echt de klok liede. Myn broer, sussen en ik hiene elke jûn kloktsjinst. Dat wie best noch ris swier wurk. Hja moasten twa gewichten omheech lûke om de klok te lieden en by in begraffenis lied je de klok in kertier lang. No is it in druk op de knop en hy giet!’ 6
7 Online Touch Home